fotografy: Karen Bies

Georgië

KAREN BIES – 

Wy ha thús twa kranten, mar ik ha it noait oan tiid om se beide te lêzen. Ik ha al faak tocht om ien op te sizzen, as ik dy bulte papier lizzen sjoch, ein fan de wike. Al dy beammen… Foar de lokale sensaasjeferhalen lês ik de Ljouwerter, om wizer te wurden de Volkskrant. Dy skriuwt ek oer lokale sensaasjes, mar dan yn Amsterdam. Lêsten in ynterview mei in stel dat de haadstêd ferruile hie foar Broeksterwâld. Mar se moásten elk wykein werom nei Amsterdam ‘voor lekker brood, mooie bloemen en oude vrienden.’ Ja, dy ha je net samar yn Broeksterwâld.

 

En wat Hilversum dochs samar foar elkoar krigen hat: dat Friezen ienriedich lulk binne. Foar dat gefoel fan ienheid en mienskip docht LF2018 al jierrenlang syn bêst.

 

‘Dit zijn de plaatsen in 2018’, skriuwt de Volkskrant. ‘Sommige reisbestemmingen zijn extra interessant dit jaar. Vanwege speciale evenementen, nieuw elan of gewoon omdat de reisredactie vindt dat die plek meer bezoekers verdient.’ Ha, tink ik, even sjen wat se skriuwe oer Ljouwert. Se begjinne mei it coole Johannesburg en dat de rand swak stiet, dus geunstige prizen foar de toerist. We moatte dit jier ek nei Memphis, Tennessee, want it is fyftich jier lyn dat Martin Luther King fermoarde is. We kinne hûndert jier Georgië fiere, safari-kampeare yn Zimbabwe, in roadtrip meitsje troch Chili. En ‘Sinds de opening van het wonderschone Louvre Abu Dhabi Museum is er een dwingende reden elke tussenlanding in Abu Dhabi royaal te rekken.’ It tichtsteby foar de Amsterdammers is de Maasfallei yn Limburg, dêr’t je mei ‘een picknickmand op de fiets in het maanlicht dikke bevers ziet langszwemmen op zoek naar een boom om door te knagen’.

Gjin wurd oer wat der dit jier te dwaan is yn Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa. Ek gjin letter, gjin foto, gjin snipper papier fan de Volkskrant oer it iepeningswykein. It iennichste is tiisdei in artikel dat de Friezen har sa ergere hawwe oan de klisjee’s yn it lanlike TV-programma. Mar dat ferhaal ha se oerskreaun út de Ljouwerter krante. Wat de Volkskrant der oan taheakket binne deselde klisjee’s: dat der fan ’t simmer yn Fryslân ek gewoan skûtsjesyld en keatst wurdt, tagelyk mei ‘Schots hamerwerpen en Italiaans kaasslingeren.’ Hahaha.

Earst wurd ik lulk. Wat tinke se wol net by de Volkskrant? Ljouwert is te ûninteressant om te fermelden as reisbestimming. Ljouwert is te fier om hinne te riden. It is tefolle muoite om in achtergrûnferhaal te skriuwen, foarby folklore en tradysjes. It artikel ‘Cliché’s vallen verkeerd bij Friezen’ falt ferkeard by my.

Mar letter betink ik dat dit krekt it seare plak is. Klisjee’s bestean troch byldfoarming en dêr dogge wy sels hurd oan mei. De iepen mienskip en de kosmopolityske blik dy’t Fryslân neffens LF2018 hat, ferliest it fan pompeblêden, Alvestêdetocht en Foppe. Sâlt yn de wûne. It is net foar niks dat de foarstelling Stormruiter al útferkocht is, wy hâlde no ienkear fan Fryske hynders. En fansels wurde der op TV grappen oer Fryslân makke: ‘nu nog riolering en een verharde weg’.

Kinst der better ék mar om laitsje. En wat Hilversum dochs samar foar elkoar krigen hat: dat Friezen ienriedich lulk binne. Foar dat gefoel fan ienheid en mienskip docht LF2018 al jierrenlang syn bêst.

En no net nei Georgië of Abu Dhabi gean fan ’t simmer.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.