Fytse yn Fryslân

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA – 

De fyts, it ferfiermiddel fan de Nederlanner. Guon sitte earder op ‘e fyts as dat se rinne. In bytsje famyljefilmer leit fêst hoe’t syn bern op in trijetsjillerke fytst of, noch serieuzer, it echte fytsen leart en foar it earst los fertroud is op twa tsjillen. De keunst om fytsend yn balâns te bliuwen, fan bern oant beppe, it Fries Film Archief hat der bylden fan, yn allerhande situaasjes. Hjirboppe sjogge jo in kompilaasje. Fan lekke bannen oant kapotte kettingen. In fytskross mei ‘Crossteam Zoef wint’.

 

Fan in boer dy’t de kij nei de stâl fytst oant in groepke NBS’ers dy’t fytsend de befrijing temjitte gean.

 

Fan in boer dy’t de kij nei de stâl fytst oant in groepke NBS’ers dy’t fytsend de befrijing temjitte gean. De velocipède ûntbrekt net, in publykslûker by feestlike optochten. Dan de motorfyts, mei dêrachter de fanatike hurdfytser dy’t him dwers troch de stêd besiket by te hâlden. De iensume fytser is ek presint, lykas de tandem. It is wer maaityd, wy helje de fyts fan stâl en tropje de bakfyts fol. Mei in bytsje gelok past de hûn der yn. En it ultime: fytse lâns it strân en mei de fyts oan de hân troch rul sân rinne. Ta beslút, in nasjonaal symboal: de fytsestalling.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.