fotografy: Pedro Sluiter

Fryslân yn in modern jaske

BERT DE JONG – 

Wurket Fryslân as in neidiel? Earder iepenet it doarren oer de hiele wrâld hinne. Hoe dan ek, it moat wol oars.

Grinzen soenen foar de Friezen eins net bestean moatte. Sûnder soe Fryslân mear kânsen hawwe yn de gruttere wrâld, miene in tal foaroansteanden. It is de globalisearring dy’t in oanslach docht op de regionale identiteit, of leaver de Fryske identiteit. It is de fraach oft soks slim is.

De grutste kulturele en ekonomyske wearde fan Fryslân sit net yn wat der is of wie, mar yn hoe’t Friezen harren ûntjouwe. De yndustrialisaasje hat yn de foarige ieu syn spoaren efterlitten en de digitale revolúsje docht dat no opnij. It plattelân is feroare, de mienskip is oars wurden en dêrmei ek de regionale identiteit.

 

Cor Hospes: ‘Stop met steeds weer het kneuterige te laten zien. Laten we die Friese identiteit modern vertalen.’

 

Krekt yn de sektoaren dêr’t Fryslân oer de hiele wrâld foar master opslacht, hat de ynfloed op it eigene yn de ôfrûne ieu it grutst west. Dat de Friezen mei melkfee en suvel al sûnt minskeheugenis foaroprinners binne, soks hat konsekwinsjes. De boerepleatsen binne no kapitale melkfeehâlderijen dy’t machtich oprize oan de kleare kimen. De skaalfergrutting yn de lânbou makket dat de boeren mei-inoar hast gjin mienskip mear binne. Harren katedralen steane hjir en dêr ferspraat op in grutte griene tekken fan gers sûnder blommen en ek meastentiids sûnder kij.

Lit de agraryske sektor yn Fryslân wichtich, mar nei ferhâlding ekonomysk fan lytsere betsjutting wêze as yn it ferline, yn it bûtenlân is de kennis en ekspertize út Fryslân fan grutte wearde. De namme Friesland stiet lyk mei grutte kwaliteit as it giet om fokfee en suvel. Frisian Flag is rûnom op de wrâld ferneamd.

Ek by de fúzje ta it grutste koöperative suvelkonsern fan de wrâld bleau de namme Friesland oerein. Mei de koöperaasjenamme Friesland Campina is it bêste yn ien ferienige. Yngripen fan de Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMa) hat yn dizze snoarje de merknamme Friesche Vlag wol foar in grut part om sjippe holpen, mar wêr’t Campina it grutste merk yn eigen lân is, dêr is Frisian Flag dat foar de koöperaasje yn it bûtenlân.

Gjinien by it suvelkonsern dy’t der oer tinkt om dat oars te dwaan. No ja, sa no en dan doart in oarstinkende marketingman dat oan, mar dat is it dan ek. Sjoerd Galema fan Hartwert, lid fan it bestjoer en de ried fan kommissarissen fan Friesland Campina, mei 14.000 oansletten boeren yn Nederlân, België en Dútslân, sjocht de bysûndere wearde fan it merk Fryslân/Friesland. ‘It stiet gelyk oan wearden, oan bylden. Dêr profitearje wy fan, mar oaren ek.’

Undernimmers soenen de Fryske grinzen net kultivearje moatte, warskôget topûndernimmer John Fentener van Vlissingen. Hy, en ek syn famylje, is ryk wurden mei it ynternasjonaal wurkjende SHV-konsern en stekt dêrnjonken jild yn in grut tal Nederlânske bedriuwen.

It soe krekt wêze kinne dat it Fryske imago yn it neidiel útwurket. Is it kokettearjen mei it Frysk en mei Fryslân wol sa’n goede saak? Fentener van Vlissingen hat syn twifels. ‘Friesland wordt vanuit de Randstad gezien als apart. Zo stelt Friesland zich ook op. Maar levert dat voordeel op, als je steeds zegt dat je apart bent?’

‘Foaroprinners litte harren net begrinzje troch grinzen’, fynt Galema. ‘Dy Fryske identiteit kinne je brûke. Wy ha in unique selling point yn hannen.’ Neffens Galema is der in kulturele, taalkundige en maatskiplike ienheid yn Fryslân, ek al nimt de krêft dêrfan neffens him ôf. Hy sjocht it gefaar yn it trochdrammen. ‘Dan wurdt it in neidiel.’

Doutzen Kroes slagget it om de wearde en de wearden fan Fryslân yn in moderne fariant wer te jaan. Sy bereizget de wrâld, respektearret dy. Tagelyk komt se thús yn Fryslân en is dêrbûten in weardich ambassadrise foar har heitelân. De Amsterdamske marketing-goeroe Cor Hospes neamt it topmodel as foarbyld fan hoe’t it moatte soe, útsein har ferskinen yn in reklamespot foar de kofje fan Douwe Egberts. ‘Stop met steeds weer het kneuterige te laten zien. Laten we die Friese identiteit modern vertalen.’

Hospes hat net safolle op mei it útfergrutsjen fan de folkloristyske kant fan Fryslân. ‘Je ziet de worsteling bijvoorbeeld van Sonnema Berenburg. De avonturen met de Kameleon zijn leuk, maar wil je dat om te overtuigen?’

Syn advys is om it toeristysk imago dúdlik te skieden fan it saaklik imago. Fryske ûndernimmers soenen harrensels yn de spegel oansjen moatte. ‘Simpel de vragen stellen: Wie zijn we? Wat willen we zijn?’ Der is by Fryske ûndernimmers in grutte skat beskikber, is de oertsjûging fan Hospes. ‘Uitgangspunt is het vakmanschap, maar betrek het niet op het oude, maar breng het met vernieuwing, met een moderne snit.’

In foarbyld is foar Hospes Tichelaar yn Makkum, it âldste bedriuw fan Nederlân en oer de hiele wrâld in begryp as it giet om keramyk. Sûnt 1572 hat it bedriuw in skat oan kennis en kunde opboud. Yn it ambacht sit de krêft fan Tichelaar, mar dat wurdt no brûkt foar spesjale projekten fan arsjitekten, keunstners en ûntwerpers.

 

‘De grins oer’, is it advys fan Galema oan ûndernimmers. ‘Ek al falt it net in elts like maklik om de grins oer te gean. Fryske ûndernimmers moatte dêr hurder wurkje om in opdracht binnen te krijen. Mar at it safier is dan is der in relaasje foar jierren. Dan is de noardlike mentaliteit fan wearde: ôfspraak is ôfspraak.’

 

Hiel resolút hat it bedriuw ôfskied nommen fan in gruttere produksje fan it tradisjonele Makkumer ierdewurk en rjochtet it him no op it design fan hjoed en dêrmei op it kultureel erfgoed fan de takomst. It hat in eigensinnige kar west fan direkteur Jan Tichelaar om sa foaroprinner te bliuwen. Troch te ynvestearjen yn nije wegen hat it bedriuw no yn de hiele wrâld in foaroansteande posysje as it giet om it produsearjen fan keramyk, al dy ieuwen de kearn fan Tichelaar yn Makkum.

‘De kracht van Friese ondernemers zit in het fiere, het oprechte’, seit Hospes. ‘Dat grutske zouden ze moeten uitvergroten.’ De skriuwer fan ferskate marketingboeken is berne op It Hearrenfean en is grutsk op syn Frysk flachje fan SC Heerenveen. It is him in wille om it yn Amsterdam sjen te litten. ‘Altijd positieve reacties, dat moet je dus gebruiken. Het valt me op dat het Fryslân-gevoel onvoldoende wordt uitgebuit.’

Dat sjocht ek Sjoerd Galema. As foarsitter fan de wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Friesland, dêr’t likernôch fiifhûndert ûndernimmers út de provinsje by oansletten binne, konstatearret hy somtiden in soarte fan underdog-gefoel by Fryske ûndernimmers.

Gearwurking kin folle better, fynt Hospes. ‘Je hoeft niet in Friesland te wonen om Fries te zijn. Wat me opvalt is dat Friezen buiten de provincie de samenwerking zo weinig zoeken. Waarom gebruiken ze elkaar niet?’ De Sinezen fynt hy in moai foarbyld fan hoe’t it ek kin. Dy sykje elkoar op yn it bûtenlan, dy brûke elkoars krêft. ‘Wy soenen dat profyt folle grutter meitsje kinne. Troch mei-inoar op te arbeidzjen’, seit Galema.

‘De grins oer’, is it advys fan Galema oan ûndernimmers. ‘Ek al falt it net in elts like maklik om de grins oer te gean. Fryske ûndernimmers moatte dêr hurder wurkje om in opdracht binnen te krijen. Mar at it safier is dan is der in relaasje foar jierren. Dan is de noardlike mentaliteit fan wearde: ôfspraak is ôfspraak.’

Oer it toeristysk imago makket Galema him gjin soargen. ‘Foar toeristen ha wy goud yn hannen. Dan is Fryslân yn it bûtenlân útnoegjend, hertlik en gastfrij. Dan is Fryslân in izersterk merk, sterker as Nederlân. It kostet in soad jild om soks op te bouwen. Wêrom soenen je dêr twifels by hawwe? Wy ha yn de Fryske kij, it Fryske hynder en it Fryske plattelân geweldige dragers fan dat sterke merk.’

Lykwols is dêrmei it gefaar grut dat de Fryske identiteit hieltyd mar wer werombrocht wurdt op folkloare, op it goede fan de âlde saken en op it behâld dêrfan. De krêft fan Fryslân moat him sitte yn hoe’t hjir de nije mooglikheden fûn wurde. ‘Richt je naar buiten’, advisearret Hospes.

De Fryske ekonomy kin wol in triuwke brûke. De rekkenmasters pronkje mei in hiel lytse groei fan de lanlike ekonomy, mar dy komt foaral troch de eksport, of leaver sein trochfier nei Dútslân fan guod dat yn de haven fan Rotterdam oankomt. It midden- en lytsbedriuw, de rêchbonke fan de Fryske ekonomy, fernimt dat positive sentimint net.

Wol dat better wurde, dan sil dat net allinnich út Fryslân sels komme. De ynfloeden fan bûten Fryslân kinne in gruttere ferriking foar de Fryske ekonomy en kultuer wêze as dat tocht wurdt. Foar hoe wichtich at soks wêze kin, is Hylpen in moai foarbyld út it ferline.

Hylpen hie yn de santjinde en it begjin fan de achttjinde ieu it finster op de wrâld. De measte Hylper manlju wienen seelju en foar harren wienen der gjin grinzen. Hja namen de wearde fan oare kultueren mei nei hûs. Byinoar waard it in gearswylsel fan ûnder oaren porslein út Sina, stoffen út Yndia en meubels mei de ynfloeden fan it gebiet om de Eastsee hinne.

Pas doe’t de weelde yn Hylpen foarby wie, en de rykdommen al lang út de hûzen ferdwûn wienen, waard it beneamd as Hylper kultuer. En doe gong it de grinzen wer oer. Troch in suksesfolle presintaasje op de Wrâldtentoanstelling yn Parys yn 1878 stie in stik Fryske identiteit op de kaart. No is it yn alles in konservearre miny-kultuer fan ieuwen werom. Soks docht it goed as it giet om it toeristyske imago fan Fryslân. It bringt dêrmei ek noch klinkende euro’s yn it laadsje.

Wichtich is dat it grutste part fan de rykdom fan dy Hylper kultuer út oare lannen wei kaam. It wienen de Hylper hannelsfarders dy’t each hienen foar it oare, sy rjochten harren op Amsterdam en op wat der fan oer see te heljen wie. It wienen alle minsken yn Hylpen dy’t profitearren fan harren moetingen mei oaren.

It is in foarbyld út in fier ferline, mar ek no noch wier. Hospes hopet dêrom dat o sa socht wurdt nei it ‘moderne jasje’ om it grutte barren fan Kulturele Haadstêd 2018 ta in sukses te meitsjen. It is neffens him saak foar de Friezen om harren te ûntlûken oan it byld fan it autentike en it behâld fan it eigene. ‘Een van de beste waarden van Friesland is dat we een bytsje oars zijn. Toon dat.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 1 (2015), 9 (jannewaris) s. 12-15.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.