Fryslân en it spoar

GERBEN DE VRIES – 

It lot van guon stêden lit him somtiden lêze as in ferhaal fan Slauerhoff of Alberts. Foar de kenners in bekinde begjinsin: “Soms ligt, aan de oever van een onbevaren zee …”, ensafuorthinne. Yn 2006 lies ik yn Auke van der Woud syn boek ‘Een nieuwe wereld. Het ontstaan van het moderne Nederland’ – no al in klassiker – oer it stribjen fan de ryksoerheid yn de 19e iuw om de stêd Harns in boost  te jaan. Dat barde yn ’t earstoan mei it oanlizzen fan in spoarweinet fan Harns nei it easten, fia Ljouwert, Grins en Nieuweschans. Hjirmei waard yn 1861 út ein set en it spoar waard yn 1876 oansletten op it Dútske net. Underwilens wie yn 1870 besletten dat de steat de nije haven fan Harns bekostigje soe. Yn 1873 iepende de kening de nei him ferneamde Nieuwe Willemshaven. Harns soe sa moai it tuskenstasjon tusken de wrâldmerken fan Londen en Hamburg wurde. Dat waard him net daliks.

 

Opfallend is dat der sawat gjin inkelde foto by sit fan in ridende trein. It bin hast allegearre portretten fan stasjons, stilsteande lokomotiven en de minsken dy’t oan en foar it spoar wurken.

 

Dit soart fan ferhalen binne net te finen yn ‘Het Grote Spoor Boek’ fan it trio Guus Veenendaal, Jos Zijlstra en Johan de Bruijn. Dat is ek net sa gek, want it is in fotoboek dat yn 2014 ferskynde ter gelegenheid fan 175 jier spoarwegen yn Nederlân. It is net allinne yn letterlike sin in grut boek, mar ek in swier boek. It weaget seker inkelde kilo’s. Omdat ek by útjowerij W-Books út Zwolle de kachel baarne moat, stean der yn dit boek mei sljuchtwei 450 plaatsjes yn kleur en swart-wyt benammen foto’s ut grutte stêden as Amsterdam, Rotterdam en Utrecht. Fryslân komt der wat bekaaid út, mar in provinsje as Drinte noch folle mear.

Guus Veenendaal hat al in lyts oeuvre opboud fan boeken oer dit ûnderwerp. Hy sil dan ek wol ferantwurdlik wêze foar de skiednis fan it spoar yn dit boek. Yn 1839 ried de earste trein fan Amsterdam nei Haarlem en dêrnei kamen der hieltyd mear. It oanlizzen fan spoarwegen wie tige djoer en dêrom hienen net alle gruttere plakken in spoarferbining. Yn Fryslân krigen mei foarrang Harns en Ljouwert in ferbining (1863). Dêrnei folgen Ljouwert-Grins (1865), Meppel-It Fean en It Fean-Ljouwert (1868). De spoarlinen Ljouwert-Snits en Snits-Starum waarden pas yn 1883 en 1885 ôfmakke. Yn 1878 waard der in wet oannaam wêmei’t it mooglik waard de wite plakken op de spoarweikaart yn te foljen, mei in folle goedkeapere ‘lokaalspoarwei’. Sa kaam Noard-Fryslân bygelyks oan syn Dokkumer Lokaaltsje, al stean dit soart feiten net sa yn dit boek.

Mei en nei de Spoorwegwet fan 1860 wie de ryksoerheid begûn mei it oanlizzen fan de measte linen. Frappant is lykwols dat noch hiel lang partikuliere bedriuwen as Hollands Spoor de spoarlinen eksploitearren. En dus barde it dat yn de 19e iuw Frysk fee en bûter nei Hollân net oer it spoar ferfierd waard. Dat spoar rûn nammentlik fia Zwolle en Amersfoort en dat wie fan in konkurrint. Yn Starum waarden dêrom de weinen mei dizze produkten op in ‘stoomspoorpont’ setten en sa oer de Sudersee ferfierd. Foar gewoane reizigers wie der trouwens wol in komfortabel steamskip.

Troch it spoar feroare de wrâld ek yn Fryslân. De alderearste ‘stoomzuivelfabriek’ fan Nederlân, Freia yn Feanwâlden, waard oan it spoar boud. Foar de measte Fryske bûterfabriken wie dat fansels net mooglik en dy leine dan ek faak oan it wetter. Yn it boek steane ek oare mooglikheden fan it spoarferfier, lykas de eksport fan fee en de komst fan sirkusoaljefanten yn Ljouwert, de ôffier fan rotan stuollen út Noardwolde fan it statsjon fan Pepergea en de oanfier fan beafeartsgongers nei de Bonifatiuskapel yn Dokkum. It âlde stasjon fan 1867 fan It Fean is te sjen en ek it nije fan de jierren tachtich fan de 20ste iuw. Op hiele lytse stasjons, bygelyks yn Boazum, wurke nei de Twadde Wrâldkriich allinnich in froulike beamte, de ‘contractante’, foar administratyf wurk. Fan It Fean is de âldst bekinde foto fan in botsing fan in trein mei in brêge, út 1869.

Opfallend is dat der sawat gjin inkelde foto by sit fan in ridende trein. It bin hast allegearre portretten fan stasjons, stilsteande lokomotiven en de minsken dy’t oan en foar it spoar wurken. Underwilens binne der in hiele protte stasjons sletten en ôfbrutsen. Dat hie hast in apart haadstik wêze kind. Lokkigernôch sit der ek in foto by fan it âlde lytse stasjon fan Hijum, sletten yn 1972 en no in partikuliere wente. In oare miste kâns is de reklame foar de trein en it treinreizgjen de lêste iuw. It hie dit kofjetafelboek grif kleurriker makke. Mar ek dan hie in prachtich reklamebiedwurd út de jierren tachtich fan de 20ste iuw dit boek net helle. It wie nammentlik op de Belgyske stasjons dêr’t dizze prachtige reklamespreuk oer de nachttrein te lêzen wie: ‘Duizend kilometer sporen op twee oren.’ Besykje dat mar ris, sliepe op twa earen!

 

‘Het grote spoorboek’, Guus Veenendaal, Jos Zijlstra en Johan de Bruijn. Uitgeverwij W-Books, 2014, 368 siden, €49,95

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.