Fryske les

KAREN BIES –

Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien.

Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op stjerren nei dea, nettsjinsteande de provinsjale striid foar in ‘status aparte’ (wêr ha wy dy útdrukking dochs wei?).

No ja, ûnder ús, 192 ynwenners op in fjouwerkante kilometer, hâlde wy it noch wol in pear jier fol.  Wy ouwehoere der lustich op los. Mar wy prate net frank-en-frij-Frysk-foar-it-leave-heitelân wei, nee we seure der oer. En dat geseur, dêr wurd ik stadichoan flau fan. Dat geämer oer dy bern dy’t de tiidwurden omdraaie. No en? Dat is modern taalgebrûk. Wês bliid dat se Frysk prate en dat se har dêr in bytsje thús yn fiele. Dy tiidwurden, dêr wenne jo samar oan, jo moatte gewoan meidwaan. Jo litte gean.

Wêr’t jo ek wol oan sille moatte wenne is de ynfiering fan de Goaiske ‘r’, à la ‘kindejen vooj kindejen’. It wurdt dan Frysk mei in Ingelsk aksint, dat klinkt lekker ynternasjonaal (krekt sa as Eva Jinek Hollânsk praat en dy is der ek nijslêzer mei wurden). Sa heajde ik lêsten yn myn doajp Oejtejp op it skoalplein in peaj famkes tsjin mekoaj sizzen: ‘Hee skatty, giest mei nei myn hoës of sille wy by dy húswujk gean meitsjen?’ Ja,  dy lange ‘oe’ yn hûs of hûd wurdt ek hyltyd dreger út te sprekken. Sa ha wy by de earste sinnestrielen dan ek ‘de sinne yn ’e hoëd.’

Op myn Fryske les learde ik tritich jier lyn dat dat allegear fouten, nee, flaters wiene. Ik helle heuge sifers omdat ik ABF prate, mei it wurdboek derby. En yn myn wurk by de Fryske radio en tv moat ik noch alle dagen om myn taal tinke, oars hingje jo daliks oan de telefoan.

Mar lit ús asjeblyft net tinke dat it Frysk sa bliuwe moat as hoe’t wy it oait op skoalle leard ha. Ommers: non scholae sed vitae discimus. Tik it mar efkes yn op Google, as jo doedestiids ek foar Frysk keazen ha.

Comments
Ien reaksje oan “Fryske les”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.