Freark Smink

MARITA DE JONG  –

Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. De list fan stikken dêr’t er yn spile hat is lang. De ynbylde sike fan Molière, Iensum yn Ierlân en Baarderlân steane de minsken nei alle gedachten noch goed by. No is hy free-lancer en makket ûnder oare programma’s foar Omrop Fryslân en betinkt en regisearret reklame-spots. Unferjitlik wie syn kreaasje ‘Sybe Sattelyt’, net allinnich populêr by bern, mar ek by harren âlden. Dêrneist is hy geregeld te sjen yn tillevyzje-series, lykas Baantjer en Hartslag en spile hy in films as De Dream, Trouble in Paradise, Voor een verloren soldaat, Iris, De Tasjesdief, Missing Link, Paramaribo Papers en Nynke. Yn oktober is er tegearre mei Jan Arendz en Marijke Geertsma te sjen by Tryater yn it stik Ald Papier fan de Flaamske skriuwer Stany Cretz. Op ‘t stuit wurket hy oan in synopsis foar in tillevyzjefilm fan it suksesfolle toanielstik Baarderlân, nei it boek fan Romke Toering, dêr’t Freark ien fan de haadrollen yn spile. Yn it petear dat ik mei him hie, omskriuwt er himsels as ‘te ferskaat’. Mar as er kieze moat, leit syn hert dochs by it spyljen foar publyk.

It wurd nee, komt yn myn libben net faak foar.

It boek Baarderlân fan Romke Toering ha ik, nei de suksesfolle opfierings fan it toanielstik, op ‘e nij lêzen. Alle jûnen siet de seal fol. Der wiene minsken dy’t it stik sels faker as ien kear sjoen ha. Ik bin op it stuit dwaande mei in synopsis omdat ik fyn dat der mear ynsit. It boek giet oer it skimergebiet fan it bestean. Oer hannelers, keaplju dy’t op har eigen wize yn it libben stean. Mei alle koades dy’t der by hearre. Hanneljen liket foar in bûtensteander, oarloch. De keaplju ha heftige petearen, it liket as ha se spul. Mar yn dizze tiid fan noarmen en waarden ek, in man in man, in wurd in wurd. As je je net oan de koades fan de handel holden, foelen jo der bûten. It is in kultuer dy’t ferlern giet.

Ik hie as bern ûntsach foar dy mannen. Se stiene ergens foar. Soms kaam sa’n keapman by heit om te hanneljen. Dan tocht ik: sis no ja. Mar heit sei gjin ja. Hy tocht altyd lang nei, reagearre sekundêr. Ik skamme my der suver foar. De keapman stapte lilk it hiem ôf en heit sei noch neat. Dan ynienen, pats, kearde de man om. Mei in ferlutsen gesicht sei er dan: ‘It moat mar wêze’. It is akteren fan it boppeste buordsje, mar wol mei it bestean as ynset. In soarte fan Russyske roulette. As ik mei sa’n rol dwaande bin, komme allegear bylden út myn bernetiid nei boppe. Ik mei dan legitym sa wêze.

Ik ha in soad fan dokudrama foar eagen, miskien ôfwiksele mei autentyke bylden. Ik wol in tillevyzjefilm meitsje dy’t yn trije parten útstjoerd wurde kin. It boek is hiel filmysk mar je moatte it dochs werskriuwe. As filmmakker moatte je oars tinke, yn lytse sênes. Je ha de mooglikheid de persoanen te yntrodusearjen mei al har tekoarten. Waling Dijkhuizen, dy’t yn de fee-export bedarre is. Dêrnjonken de âlde keapman Sytse Hoekstra, dy’t fan it libben preaun hat, de meast autentike fan de trije en Romke de skieppeboer, de wrotter. It toanielstik liet in priuwke sjen, mei film kinne jo ek oare kanten beljochtsje. Wêr wenje de mannen? Hoe wurdt Waling wekker yn in hotel, hoe skeart er him?

 In stânbyld foar my, dat idee dêr wie ik as bern ferrukt fan.

De hannel is ien kant. Yn it deistige bestean knoeije de mannen der nuver yn om, se binne net al te oprjocht. Der sit allegear âld sear. Yn it stik wurdt oer Saakje praat, in frou dêr ’t alle trije mannen wat mei te krijen hân ha, mar dy’t op it toaniel net foar it ljocht kaam. Yn de film wol ik har opfiere. Je kinne der ek mear ‘couleur locale’ yn kwyt en de haadpersoanen folgje yn it deistige libben. De wrotter yn ‘e stâl mar ek yn syn auto as hy sjocht hoe ’t in ljip op ‘e wjuk giet, in aai fynt en prompt oanhâlden wurdt troch de plysje om ’t er gjin aaisikerskaart by him hat. It is in oar soad realisme mei it boadskip, lit ús mar gewurde, we wolle net tefolle regels.

It wurd nee komt in myn libben net faak foar. Meastentiids rop ik ja en soms is dat in ja mei in útropteken. Dat wie ek it gefal by myn rol yn Baarderlân. Ik wist dat it gie oer eat dat ik begriep. Ik hie in reservoir fan keaplju ta myn foldwaan dy’t ik meimakke ha yn myn jeugd. Ik bin wa’t ik bin, mar dy oare persoan moast der trochhinne komme. Myn buorman hie in o sa’n heech stimke. Mei dat gegeven ha ik gûchele. Yn de tekst stie dat Sytze lêst hie fan syn heupen. Dêrom bin ik tiden mei in stok oan it rinnen west, sadat ik my thús begûn te fielen yn it personaazje. Ynienen wist ik: sa dogge we it.

Myn ûnderfining op it mêd fan film komt my no fan pas. Op de set soarge ik der altyd foar dat ik goed opsjitte koe mei de kameraminsken. Mear noch as mei de regisseur. Ik woe witte hoe’t ik filme waard. Is it kader smel, dan moat ik yntinser, lytser spylje. By in grutter kader kin it wat mear lije. Ik wol witte wat de kameraman docht. Soms komme se stadich yn. Dêr moat ik myn spul op oanpasse.

Myn earste film wie de Dream fan Pieter Verhoeff. Lyk dêrnei belle de Flaamske regisseur Robbe de Hert. Oft ik de oare deis nei Antwerpen komme koe yn in kafee. We bedarren fan de iene kroech yn de oare. Dêr learde ik ek Carl Huybregts kennen. It ein fan it beslút wie dat we as koppel de haadrollen krigen in Trouble in Paradise. It wie trouwens ek allegear ellinde. De film hie trije produsinten, in Nederlanner, in Belg en in Amerikaan. Doe’t de film draait waard, heakke de Amerikaan ôf. De crew hat doe it filmmateriaal yn beslach naam. It hat in pear jier duorre foar’t se it wer werom jûn ha en de film útbrocht wurde koe. Nettsjinsteande dat ha we in moaie tiid hân. It heucht my noch dat Carl op sneintemoarn in brunch organisearre mei sjampanje. We wiene om tolve oere al oansketten.

De heuvels fan Gaasterlân binne foar my in boarne west om nea stil te stean.

It wie in 1987 noch net sa maklik om film mei toaniel te kombinearen. Ik wie doe fêst ferbûn oan Tryater. Ik wie de earste akteur dy’t foar in film frege waard, de oare spilers noch net. Dat wrong wol wat. In dy tiid wie it ‘not done’ om filmrollen oan te nimmen. Under Jos Thie is dat feroare. Artistyk lieder Guido Wevers wie in soad fan trainer, dy’t de groep by inoar hâlde woe, sadwaande koe it selskip groeie. Hy easke folsleine tawijing. Dêr is fansels wat foar te sizzen. Mar dat past net by my. Ik bin mear in man fan en en, net fan of of.

Ik kom fan de knapeferieniging út Sondel. Op myn tolfte spile ik de haadrol yn in toanielstik. Al hiel jong hie ik it fêste foarnimmen dat ik wat efter litte woe. Master fertelde op skoalle oer Michiel de Ruyter, dy’t ferivige is yn in stânbyld. In stânbyld foar my, dat idee dêr wie ik wei fan. Ik wit dat ik dêr oer oan it deidreamen wie, doe’t ik ris op ‘e fyts siet op wei nei skoalle ta. It stoarme en de wyn blies my fan de dyk ôf. Der lei ik mei fyts en al. Fuort wiene de ferheven gedachten: ‘hoogmoed komt voor de val’.

Doe’t ik yn 1994 yn de VPRO-sery De man met de hoed fan Rimko Haanstra spile, moast ik my ferstopje. Dêr brûkte ik ferskate fermommingen foar, lykas in ijskoman, in deagraver en in bline harmoanikaspiler. Myn lêste trúk wie in stânbyld. Doe tocht ik by mysels: sjoch, dit is it dus.

Ik woe op in wize libje dat minsken witte soene dat ik bestien ha. Der is in byldspraak oer in beam dy’t yn it bosk stie, omfallen is en dy’t troch gjin ien opmurken wie. Dat fûn ik in ûnferdraachlike gedachte. It twaliddige is dat ik oan de iene kant hiel skruten wie yn myn dwaan en litten mar dat ik die sterke driuw my te manifestearjen dochs net keare koe. Je ûntkomme net oan jesels. Ik kom út Gaasterlân, in heuvelêftich gebied. Yn myn deistich bestean moast ik ek oer heuvels hinne. Ik woe der altyd boppe-op stean. Dan krigest net allinnich oersicht, mar ek ynsicht yn dysels. Die heuvels binne foar my in boarne west, om nea stil te stean. Ik bin ek sljocht op fiadukten yn Fryslân. Sa ûntstige we it platte. As ik der oerhinne ryd, doch ik dat altyd wat stadiger om fan dat momint te genietsjen.

 As je net doarre, moatte je it gewoan dwaan, is myn ûnderfining.

Ik bin 15 jier oan Tryater ferbûn west. In 1990 ha ik dy fêste baan opsein. Dat hie ik alris earder dien. Fan 1969 oant 1979 hie ik in folsleine baan as skoalmaster. Hoe myn takomst der útsjocht, wit ik nea. Ik libje yn in dekor mei allegear doarren. Ik wit net hokker doar iepen giet. Ik spile amateurtoaniel yn Grou. Blykber foel ik op want ik waard frege om by Tryater te spyljen. Ik ha noait yn ‘e gaten hân dat ik yn de toanielwrâld bedarje soe. As jonge doarst ik amper bûten Gaasterlân te kommen. Ik hie it swit op ‘e holle as ik yn in selskip wat sizze moast. De hiele jûn brande my in fraach op ‘e lippen mar ik doarst him net te stellen. Ik tocht, it sil wol in domme fraach wêze. Mar ik stelde him dochs. As je net doarre, moatte jo it gewoan dwaan is myn ûnderfining. It resultaat fan dy hâlding is dat je nei alle mollebultsjes ek oer bergen hinne kinne.’

Yntusken bellet it castingburo mei de fraach of Smink audysje dwaan wol foar in rol yn in lang rinnende tillevyzjesery. In dilemma, want Smink hat tasein yn oktober in rol te spyljen by Tryater yn it stik Ald papier. It is foarich seizoen spile troch teaterselskip Het Vervolg. ‘It is in moaie rol. It stik wurdt regissearre troch Annette van Hooft, dy’t koartlyn De Getemde Feeks dien hat. In moaie foarstelling mei ûnder oaren Saskia Temmink. Ik ha ek wol earen nei dy tillevyzjerol, mar ik wol it earlik spylje. As se by Tryater gjin ferfanger fine kinne, sis ik de tillevyzjerol ôf’.

‘Ik bin te ferskaat. Mar as ik kieze moat tusken film en teater, wurdt it it lêste. Yn it teater, dêr bart it. Yn in seal spylje is it meast smaaklike. Ferline simmer ha ik in rol spile yn de televyzjesery Hartslag, mar ik wit net mear wa’t der yn mei dogge. As ik yn in seal spylje, wol ik leafst net witte wa’t der yn it publyk sitte, Hoe abstrakter hoe better. As ik wit dat der bekenden binne, sitte dy yn myn holle. Ik fyn it spyljen yn in seal machtich. Ik ha in traktaasjedrang. Hoe mear minsken, hoe leaver ik it ha’.

Yn de twadde sesje freegje ik Smink hoe’t it ôfrûn is mei de tillevyzjerol. Hy hie him dochs ôfsein. Yntusken wie hy op ‘e nij benadere foar in rol yn de EO-plysjesery Warmoesstraat. Ynkoarten repeteare, yn april trije opnamedagen. ‘Dat is in putsje dat ik goed ynpasse kin. Ik spylje in kriminele man, dy’t in soan hat dy’t goed leare kin, mar it ferdomt. Hy hat hege ferwachtings fan syn soan, mar dy komme net út. Uteinlik slacht de heit him dea mei in izeren staaf. Ik ha noch net krekt foar eagen hoe’t ik dy man spylje moat. It is lestich foar te stellen dat in minske ta sa’n died komt.’

Ik fertel him oer it proses dat yn Litouwen geande is tsjin Bertrand Cantat, dy’t foarich jier syn grutte leafde, de aktrise Marie Tritignant, deaslein hat. Foar har liet er syn frou dy’t yn ferwachting wie, sitte. Cantat wie in popidool yn Frankryk, polityk engazjearre. Hy wie it gesicht fan de suksesfolle groep ‘Noir Désir’. Passy, jaloezy, drank en drugs wiene de yngrediënten dy’t laten ta dit drama. De fraach is, of de rjochter it beskôget as in ‘crime passionel’. Der wie sprake fan in obsessyve leafde. ‘Dat elemint fan dy obsessy, der kin ik miskien wol wat mei’, seit Smink.

 As ik mysels yn byld sjoch, bekrûpt my nea in loksillich gefoel.

‘Yn it ferline pakte ik alles oan. No bin ik selektiver. It moat by my passe. Ik woe alles wol dwaan. Oant Joop van der Ende my frege foar in musical. In Ingelske wals kin ik noch wol dûnsje, mar dan hâldt it ek op. Ik bin as in hikkepeal, wat koördinaasje oanbelanget. Dêrneist ha ik net sa folle mei musicals. Fan dûns kin ik wol genietsje, mar dan in teatrale dûns. In goreografy fan Grietine Molenbuur bygelyks, dy’t ierdsk is, is mear oan my bestege. Dat sprekt my mear oan as dat ‘gelikte’ fan de musical. As ik yn de seal sit, sil ik der abslút fan genietsje, mar ik tink dan dochs altyd: fertel my it ferhaal mar. Ik wurd der analytysk fan, begjin oan oare dingen te tinken.

As ik mysels yn byld sjoch, bekrûpt my nea in loksillich gefoel. Soms binne der rollen dy’t ik hiel goed spile ha, dêr ’t ik wier myn bêst op dien ha, mar dan tink ik noch gauris, dêr hiene se in oar foar sykje moatten. Wat is dan dochs dat hillige moatten yn in minske? Ik hie ek boere-arbeider of houthakker wurde kinnen. It sil dochs de drang wêze om my te manifestearjen. Ik ha ek de driuw om te groeien. Yn de maitiid bin ik elke kear wer optein. Wat bart der yn ‘e wrâld? Ik wurd der ûnrêstich fan, krij nije enerzjy. Dochs bin ik bliid mei de winter, de tsjustere tiid, dy lytse wrâld. Mar de waarmte fan de maitiid, de sinne, past by myn positive ynstek. De somberte fan it bestean kin ik net begripe. Ik wurd der lilk en opstannich fan. It past net by my. As ik dat soarte fan rollen spylje, moat ik de trystens yn mysels opsykje. Dan tink ik faak oan myn jongesjierren. Oan de mominten dat ik by de froulju út de graasje wie. Earst yn de top trije stean en dan ynienen seagen se je net mear sitten. Dat gefoel kin ik brûke en útfergrutsje.

Ik wol net mear negatyf libje. As ik mei de skoaltillevyzjeploech oan de ABDsjoo-opnames wurkje, hâld ik altyd in ferhaaltsje. Ik siz dan steefêst, wa’t net posityf mei syn fak omgiet, moat no fuortgean. Ik wol gjin enerzjy mear stekke yn negativiteit. My stiet altyd it byld fan in trein foar eagen. Je kinne yn- of útstappe, mar as de trein rydt, moatte jo soargje dat je it yn dy wagon nei ’t sin ha. Op in goeie wize en yn iepenheid mei inoar omgean. Ik doch in appèl op it goeie yn de minsken. Ik wol dat we ús bewust wurde fan it feit dat we posityf mei inoar wurkje moatte.

Doe’t ik in jier of tritich wie, woe ik net dat minsken der efter kamen hoe bang at ik wie. Dêr hie gjinien wat mei te krijen. Doe fûn ik it swak. No ha ik der gjin muoite mear mei. Der is lef foar nedich om swak te wêzen of lykas Foppe de Haan it seit, grut wêze om lyts te wêzen. Ik bin mear selsbewust wurden. De minsken freegje my ergens foar, dan wolle se my hawwe. It hat wat befrijends dat ik no tinke kin: dit is myn bagaazje, dêr moatte jim it mei dwaan. Ik hoech my net mear oars foar te dwaan as ik bin.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 3 (2004), 4 (maaie), s. 10-14.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.