Francesca Woodman (1958-1981)

ERNST BRUINSMA –

Of it normaal is? Gjin idee, mar jonge froulju kinne hiel ûnwis wêze oer harren úterlik. Ek sy dy’t dat yn earste ynstânsje totaal net útstriele. Dat wie ien fan de earste gedachten dy’t by my opkaam by it sjen fan de foto’s fan de jongstoarne Amerikaanske fotografe Francesca Woodman yn FOAM fotografiemuseum Amsterdam.

Har ferstjerren is selskeazen. Woodman sels is ek it wichtichste ûnderwerp fan har oeuvre en wichtige tema’s binne lichaamlikheid, represintaasje, gender en seksualiteit. Seker ast dy realisearst dat Woodman noch mar 18 of 20 is op in soad foto’s, komt in ferburgen soart kwetsberens snoeihurd oan. Woodman ferstoppet har geregeld, op in yngewikkelde wize dy’t soms ferwiist nei sawol de klassike keunst as nei it surrealisme, mar se jout har like faak bleat. Soms letterlik. Skamteleas neaken binne guon fan har selsportretten geregeld, mar faker noch licht beskamme. Allinnich by in pear foto’s fan in korpulinte neakene man is Woodman ûnmeilydsum. Hy krijt dan wer hast groteske trekken.

 

Mar ynienen komt se oerein en lit in sylhûet achter. Wat in foarboade fan in keazen dea is dat!

 

In goeie hûndert lyts ôfprinte foto’s binne te sjen en in trage gong troch de sealen krijt suver wat ysliks. Want hieltyd mear wurdt dúdlik dat it net allinnich mar har lichem is wêroer’t se ûnwis is, mar har hiele wêzen. Har identiteit. Meast pregnant is dat te sjen op in koart filmke. Dat is eins in byprodukt fan har fotografy, mar tagelyk makket it dúdlik wat se mei dy foto sizze wollen hat. Woodman skildert harsels stadichoan wyt, as wie se harsels oan it waskjen, sa soarchfâldich. Dan giet se, dat is ôfsjoen fan de bekende lizzende Fenusfiguer, op de grûn lizzen. De flier om har hinne wurdt dêrnei ek wyt skildere en syn sekere sin is se dêrmei ûnsichtber wurden.

Mar ynienen komt se oerein en lit in sylhûet achter. Wat in foarboade fan in keazen dea is dat! As swart sylhûet is se mear sichtber dan as libbene frou. Je soenen dit filmke sels as symboalysk foar har libben beskôgje kinne. Dat wat se achterlit, is pregnanter, urginter, yn sekere sin kleurriker dan har libben. Wat se achterlitten hat nei har betiid keazen dea is hiel bysûnder. Mar wat skande dat Francesca Woodman it libben der foar rinne litte moast.

 

Yn it earste nûmer fan de Moanne fan dit jier, it leit kommende freed op de matte, stiet in bydrage fan Jaap Krol oer dizze útstalling. Mear ynformaasje: Francesca Woodman in FOAM.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.