Fragminten fan in libben

MEINDERT REITSMA –

 

Wy binne it beërf fan in oare tiid
Doe’t farren wrotten wie en it libben striid

 

De earste twa rigels fan it ferske Oeral thús fan de Fryske trûbadoer Piter Wilkens binne goed fan tapassing op it nijste boek fan Elske Hindriks (1957), In kop as in almenak. De skriuwster, dy’t in skûlnamme brûkt hat, komt út in skipperslaach en wol de skiednis fan de famylje fêstlizze foardat alles ferlern giet.

Hoe’t de skriuwster dat útwurke hat, is oars as sljochtwei hinne en twingt respekt ôf. It boek is ôfgryslik fragmintarysk opset, it is bytiden krekt of sjogge jo nei in diafoarstelling. Yn de ferantwurding op de lêste side fan it boek seit de skriuwster der dit oer: “Yn In kop as in almenak sitte tsjinstridichheden, oantinkens binne ûnfolslein, mieningen en observaasjes subjektyf, anekdoaten heal optocht en út en troch is der mar wat hinne liigd: it is net oars.”

Yn in fraachpetear mei Abe de Vries yn it Frysk Deiblêd (3 maaie 2013) kriget it boek fan de skriuwster it sjenre ‘faction’ mei: in mjuks tusken feit en fiksje. Dêr hat se bewust foar keazen: sa is fan alles mooglik, it jout in grutte frijheid. Resultaat is dus in fragmintarysk boek.

As lêzer moatte je de holle der goed by hâlde, want it hipt hurd hinne en wer tusken generaasjes, tiden en perspektiven. En lit no krekt dy holle, of better sein: it ûnthâld, in grutte rol spylje yn it boek. It dekor fan it boek is de ferdwinende skipperswrâld en dêryn is in reade tried weilein foar de mem fan de haadpersoan. Dy haadpersoan kin ek sjoen wurde as fertelster, wat benammen komt omdat parten skreaun binne yn de twadde persoan inkeltal (de ‘do-foarm’), lykas op side 9, dêr’t oer de mem praat wurdt: “Dizze frou hat dy droegen, dy berne, dy oan it boarst hân. Dyn ruften hat sy wosken, oan de line hongen en strutsen yn ’e kast lein.” Dy ferteltechnyk komme wy yn de (Fryske) literatuer net in hiel soad tsjin, mar hat in bysûnder effekt op de lêzer: it krûpt jin ticht op ’e hûd, as wiene je it sels.

Yn In kop as in almenak lit de fertelster, grif in alter ego fan de skriuwster, sjen hoe’t har mem Sjoerdtsje hieltyd mear yn ’e bernskens rekket. Sjoerdtsje seit der mannich kearen sels wat oer, bygelyks: “‘It is teiwaar. En myn ûnthâld is krekt in bulte snie, it raant stadich fuort.’” (s. 207). Foardat it hielendal dien is wol se it libben fan har mem op papier fêstlizze. Dat bart yn fragminten, sa’t sûnder mis it ûnthâld fan Sjoerdtsje no wurket en sa’t de skiednis yn it no belibbe wurdt.

Bytsje by bytsje wurdt it ferline rekonstruearre en kriget alles in plakje. Wichtige fraach is wat de dochter eins fan har mem wit, sa wurdt it boek in wiere syktocht: ynternet en krante-argiven wurde ôfsocht, minsken wurde befrege ensafierder.

Lykas earder oanjûn twingt de wurkwize fan de skriuwster respekt ôf, benammen de sfear dy’t troch de fragminten oproppen wurdt is ferrassend moai: it boek azemet de leechte út dy’t ûntstiet troch it besef fan it stadige ferlies. Je wurde der suver stil fan.

Wat dêr ek oan meihelpt is it literêr en poëtysk taalgebrûk dêr’t Hindriks har fan betsjinnet. In moai foarbyld komt út it begjin fan it boek: op side 39 wurdt útein set mei in sin dy’t pas in side letter ophâldt. Dat jout oan dat jin soms it paad bjuster wêze kinne: der is gjin einpunt yn it libben. De styl makket dat it flot, suver ritmysk, trochlêst en dat it krekt is of sitte je yn in trein dy’t pas hohâldt wannear’t it in einpunt tsjin komt.

Oer it generaal hâldt it boek it flotte en ritmyske fêst, al wurdt dat wol ris fersteurd en wurdt de gong der sadwaande út helle. Dat komt fral troch de Hollânske sitaten dy’t opnommen binne, bygelyks op side 154: “Wurkûnderfining oan board hat er al, want ‘Zij die een vakkamp hebben gevolgd, worden door de zorgen van het G.A.B. aan een passende betrekking geholpen.’” Dêr komt noch by dat konstant deselde stilistyske flater makke wurdt: der wurdt by’t skreaun, wylst dat fansels by ’t wêze moat, dus mei spaasje.

Net allinne fragminten út it libben fan de mem komme foarby, ek de heit komt oan bar. Sa kriget de lêzer in nijsgjirrich ynsjoch yn de (eardere) skipperswrâld fan Fryslân, mar ek yn de algemiene ûntjouwings fan Fryslân, Nederlân en de wrâld. Tsjin ’t lêst ferlieze sokke anekdoaten wat oan krêft, it doel fan de skriuwster, nammentlik de famyljeskiednis fêstlizze, is dan al slagge. Gelokkich wurdt it ôfwiksele mei stikken út it no;  sa wurdt regelmjittich de hjoeddeiske maatskippij ûnder de lûp nommen en is der omtinken foar de takomst fan de nije generaasjes én it botsen mei de âldere generaasjes.

Wylst it mei Sjoerdtsje hieltyd minder giet, kriget de fertelster mear begryp foar har mem: “… krijst begryp foar har, foar it systeem dêr’t sy ûnderdiel fan út makket en dêr’tsto likegoed part fan bist. Learst te ferstean wêrom’t de dingen binne sa’t se binne.” (s. 165). It besef kringt troch dat de wrâld, ek de eigen wrâld, foargoed feroare is. Sa wurdt de syktocht nei de famyljeskiednis, dy’t ek in persoanlike syktocht blykt te wêzen, ta in goed ein brocht.

At it boek fan kaft oant kaft lêzen is, komt der in ein oan in yndrukwekkende diafoarstelling dêr’t de libbensfragminten yn foarby skood binne.

 

 

Elske Hindriks: In kop as in almenak. Afûk, Ljouwert 2013. 215 siden, €16,50. Sjoch ek op Facebook: https://www.facebook.com/inkopasinalmenak.

Comments
2 reaksjes oan “Fragminten fan in libben”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.