Fotosjenyk

Publisearre op 8 juli 2015

INGE NICOLAIJ – 

As portretfotografe mei ik sizze dat ik geregeld immen foar de kamera stean ha. Guon minsken litte harren makliker fotografearje as oaren; neam it fotosjenyk. In soad minsken tinke dat fotosjenyk itselde is as moai wêze. Moaie minsken litte harren moai op ‘e foto sette. Boppesteande foto lit ús fuortendaalk sjen dat dat net altyd sa is. De frou dy’t op de foto stiet is nei myn idee in ‘knappe frou’, mar se stiet wier net op har foardielichst op ‘e foto.

 

Fotosjenyk wêze is dus bêst hurd wurkjen, mar neffens my giet it dêr ek hielendal mis.

 

Dat is iets dat ik sels ek ûnderfyn. No wol ik net elkenien dy’t ik op ‘e foto set ha ûnderferdiele yn ‘moai’ en ‘net moai’, mar ik moat yn dit gefal fuortendaliks weromtinke oan de kear dat ik in werklik prachtich famke op ‘e foto setten ha. Fan de tsien foto’s dy ik fan har make ha, wienen der mar twa goed slagge. Op de rest fan de foto’s stie hja mei krekt sokke bekjes as de frou op boppesteande foto.

Wat makket ús fotosjenyk? Neffens it ynternet kinne wy it allegearre! De folgjende tips komme fan it ynternet, dus dit skeelt dy alwer in ‘googletsje’: Leun een beetje naar voren richting camera. Rimpels en onderkinnen vallen zo minder op, zorg voor een ontspannen glimlach: doe je tong achter je tanden en denk blije gedachten, foto’s die frontaal zijn genomen zijn minder mooi dan die waarbij je gezicht een paar graden gedraaid is. Bepaal je beste hoek en zorg dat je altijd van die kant gefotografeerd wordt, houd je handen bij je lichaam. Uitstekende lichaamsdelen worden uitvergroot op de foto.

Fotosjenyk wêze is dus bêst hurd wurkjen, mar neffens my giet it dêr ek hielendal mis. Stel dy foar datst oan al dizze tips tinkst ast op ‘e foto giest, tinkst datst dan natuerlik op de foto stiest? As ik sizze mei wat dy fotosjenyk makket, dan sis ik: “Untspan!” Tink net safolle nei oer de rimpels en it feit datsto yn 2D faaks minder slank likest. Untspan en noch wichtiger, ha selsfertrouwen. Ek alle minsken dy’t net Kroes hjitte, meie der wêze! De earstkommende kear dat ik sels op ‘e foto setten wurd, sil ik dat ek besykje te ûnthâlden …

 

Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en besprekt alle moannen foar de Moanne in foto út har samling.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels