De foarmjende wearde fan it BIS

RYNK BOSMA – 

In fearns iuw lang stie Tseard van der Hem fan Winsum noed foar de sinten dy’t by it Berne-Iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum binnenkamen en útjûn waarden. Twa jier lyn kaam der in ein oan, mar de 76-jierrige Van der Hem mocht noch wol op 2 novimber de Pyt van der Zee priis fan twatûzen euro út hannen fan deputearre Sietske Poepjes krije. In earbetoan oan de nestor fan BIS, mar ek in priis wêr’t BIS grutsk op wêze mei.

 

“De foarmjende wearde foar bern dy’t meidogge oan it BIS is tige wichtich.”

 

In priis foar bestjoer en alle oare meiwurkers fan doe en no. Jurylid Anja Steegstra sei “Se wiene bliid by de útrikking en it joech my persoanlik in hiel waarm gefoel om al dy bern, memmen en heiten en bestjoersleden sa út de skroeven te sjen.” Steegstra siet tegearre mei Henk Roskammer, Oeds Westerhof, Bouke Oldenhof en Anne Zijlstra yn de sjuery fan dizze provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel dy’t ien kear yn de trije jier útrikt wurdt.

Van der Hem fielt him noch altiten ‘oe sa ferbûn’ mei it BIS en as je efkes werom rekkenje dan siet hy al yn 1990 yn it bestjoer. Ien fan de ‘pioniers’ sa kinne je sizze want it BIS begûn yn 1989 yn Jorwert mei it stik ‘De Ring fan Arwen’ yn de notaristún fan Jorwert. Mar it BIS woe los fan it sa ferneamde Iepenloftspul fan Jorwert, op eigen fuotten stean. Nei in jier yn Winsum spile te ha, fûn it BIS in eigen plak yn Easterwierrum, yn de pastorijtún fan Easterwierrum. “Tsjintwurdich ha wy in oare lokaasje want de tsjerke is ferkocht. No wurdt der spile achter by Bootsma yn de greide”, sa fertelt Van der Hem.

Baukje Hiemstra is as foarsitter fan BIS dwaande mei har lêste jier. Hiemstra kaam yn de kunde mei it BIS doe’t har âldste soan Remmelt der oan meidie. Twa kear, yn Spegelspreuk en Peter Pan en Hiemstra seach fan tichteby wat dat die mei de no 19-jierrige Remmelt. “Us Remmelt wie wat skruten, mar ien kear op de planken waard hy in hiel oar mins. De foarmjende wearde foar bern dy’t meidogge oan it BIS is tige wichtich.”

Omdat ferwachte wurdt dat de âlders ek meihelpe by it frijwilligerswurk, waard Hiemstra ‘besmet mei it BIS firus’ sa’t sy it sels neamt. Underwilens is it BIS in namme yn Fryslân dy’t syn woartels hat yn de gemeente Littenseradiel. Mar aansens leit Easterwierrum yn de gemeente Súdwest-Fryslân en hoe komt it dan? Poepjes sei wat al te maklik dat it BIS aansens it grutste iepenloftspul fan Fryslân wurdt mar Hiemstra wit wol better. “Organisatorysk kinne wy dat as bestjoer net wiermeitsje, der dogge 32 oant 40 bern mei dy’t dan keazen wurde soenen út in pear tûzen bern. Dat kin net, wy hâlde fêst oan it âlde Littenseradiel. Dat jildt trouwens ek foar dat oare wichtige evenemint foar bern, de Spulwike.”

Fansels moat der noch in petear komme mei de nije gemeente mar it foarwurk is ek al dien troch boargemaster Johanneke Liemburg. “Sy wie altiten tige belutsen, hat ek by SWF pleite foar it behâld fan sawol de Spulwike as it BIS.” Want ek finansjeel moat de karre fan it BIS wol riden bliuwe fansels. Kaartferkeap, subsydzje fan de gemeente, sponsoren en it oanskriuwen fan fûnsen binne de steigers dy’t it BIS drage.

“Wy ha sa’n fiif of seis jier lyn wol in skoftsje yn de reade sifers sitten, mar no giet it wer goed.” Want doe kaam it BIS der ûnder oare efter dat bekende stikken as bygelyks ‘Pietje Bell’ of yn it ferline ‘Peter Pan’ gâns mear minsken lûkt. “By ‘Pietje Bell’ wienen sa’n 400 minsken mear as by ‘De Geast fan Spultsjelittens’.’’ Der wurdt benammen sjoen nei bekinde, moaie stikken dy’t ek noch in bytsje romte lit foar dreamen.

Hiemstra wit al wat der yn 2018 spile wurdt, mar dat moat noch efkes geheim bliuwe. Miskien in pr-stunt lykas dit jier mei de sa neamde ‘swarte hannen campagne’ te sjen wie.  Mar foarop stiet fansels it behâld fan it BIS yn in nije, gruttere gemeente. En dat bliuwt altiten ôfwachtsjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.