Flaters

Publisearre op 23 juni 2014

KLAAS KOOPMANS – 

Ik krige fan de redaksje in e-mail, en de titel wie ‘Kollum’. Ik tocht, wat moat ik dêr? Mar it die bliken dat se wol in stikje fan my ha woenen. Ik sei ta, se wolle it blêd de Moanne fansels fol ha, noch ien krantsje minder yn it jier en de titel soe de Twa Moannen wurde. Mar wêrom se krekt oan my freegje om wat oer Kollum te skriuwen? Ik wit net, ik kom dêr net sa faak.

Ik bin net sa’n superfries. Doe’t ik jong wie, stie der yn de LC alle dagen ‘Min Frysk, Geef Frysk’, mar de teksten fan de twa mantsjes ha net folle úthelle by my. Letter yn Grins, by Bernlef, waard ik wat better. Mar doe’t ik in kear foar in tichte doar stie en tsjin myn maten sei dat ik de ‘keutels yn myn oare broek hie’, wist ik wêrom’t allinnich yn geef Frysk sprutsen wurdt fan ’flaters’ en net fan ’fouten’.

It wurd ’tútsjeboartsje’ moat hjoed noch feroare wurde yn ’tútsjebatse’.

Ik fielde my as de kollega fan ús heit, dy hie as ’westerling’ in Afûk-kursus dien. Doe’t syn semafoan (sykje mar op wat dat wie) ôfgie yn in gearkomste, sei er dat er in ‘pieper yn ‘e pûde’ hie. My waard noch wiken letter frege as ik wol in goeie keutel yn de broek hie. Hie ik mar gewoan ‘sleutels’ sein.

Nei de keutelflater haw ik it ’geve’ Frysk falle litten. De measte Friezen meitsje flaters. Harren memmen binne mei Hollanners troud. Se binne berne yn Deventer of Zoetermeer. Se hjitte Desley en Kevin. Ik bin al bliid dat se noch wurden as ’pakjedrager’ en ’pikesop’ brûke. Mar se geane nei ’tandartsen’, en sjogge ’oaiefaars’, en drinke ’sjokolademolke’. Ik meitsje my der net mear drok om.

De taal fan de nije Friezen sil feroarje. Mar dat hoecht net minder te wêzen. Myn frou, in Dútske, kin nei 20 jier ek al in pear wurdsjes. En se hat al in ferbettering foar it Frysk. It wurd ’tútsjeboartsje’ moat hjoed noch feroare wurde yn ’tútsjebatse’. Ik hoopje dat pake Kevin en beppe Desley oer 60 jier eltse dei noch efkes ’tútsjebatse’, om’t der gjin Hollânsk wurd foar is. Oh ja, en dat se yn Kollum wenje.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels