Fiskje

JELTE POSTHUMUS – 

Dy dei skynde de maitiidsinne fûl op it wetteroerflak fan de poel. Ik en myn twa freonen sieten, ferskûle efter it reid, al in skoftsje te wachtsjen op ús earste byt. Myn freonen wienen Berend – myn krekt wat âldere neef – en Roel, in jonge mei in grut hert en lange skonken.

It fiskjen waard hast ferfeelsum doe’t der ynienen kringen om de dôber fan Roel ferskynden.

 

Op it momint dat Roel de fisk losliet, seach ik fuort dat it op ’e kop ferkeard gean soe.

 

“Ik ha byt!”, rôp Roel optein. Hy sprong entûsjast troch it gers en glide hast út yn in lyts streekje drits.

“Pak dyn angel dan man!”, rôp Berend. “Goed de dôber yn de gaten hâlde en as hy lang genôch ûnder is, moast him ynhelje” Ik seach it mei in gniis oan.

Roel gie stean, sette him skrap yn it gers, en luts stadichoan de angel omheech en ferdomd, der sparrele in grutte wytfisk fan wol fyftjin sintimeter boppe it spegeljende oerflak.

“Dy is wol tweintich sintimeter, as it net mear is!”, rôp Berend, dy’t altiid grutter tocht.

Wy laken it út. Hjir wie it ús om te dwaan – fisk ynhelje. Mar doe’t Berend de fisk yn ‘e hannen naam, seach hy fuort dat der wat mis wie. “Sjochst dat?”, sei hy, “de heak sit troch it each! Jasses, wat goar!”

Wy besochten fan alle kanten de heak foarsichtich út de fisk te krijen, mar it slagge net. Berend fûn dat de tried mar trochknipt wurde moast om’t it fiskje oars dea gean soe. En sa barde it. De fisk wie in each kwytrekke, mar hie it libben noch.

“No, Roel, moast him yn it wetter smite, dêr heard er thús.” Berend joech it fiskje oan Roel. “Hy is yn alle gefallen fan de dea rêden.”

Roel pakte de fisk en naam in oanloopke om de fisk sa fier as mooglik wer it wetter yn te smiten. Mar op it momint dat Roel de fisk losliet, seach ik fuort dat it op ’e kop ferkeard gean soe. “De takke!”

Te let.

De ieneagige fisk fleach mei in wiete klap tsin in oerhingjende takke oan, sa de pingo yn en kaam likehurd wer boppedriuwen. Dea.

Wy wienen der efkes stil fan, mar doe sei Berend: “It wurdt al let.” Sûnder noch ien wurd te sizzen pakten wy ús spultsje byienoar en gienen op hûs oan.

Comments
2 reaksjes oan “Fiskje”
  1. Vicky schreef:

    I love your stories, Jelte. You have a gift. My Frisian is limited to speaking and reading, consequently I can’t respond in my beautiful mother tongue. I look forward to your next story! Blessings!

  2. Jelte Posthumus schreef:

    Thanks Vicky. I am glad you can read my stories, though! I am working on another one right now.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.