Fiskatlas Fryslân set alles op in rychje

Publisearre op 30 december 2015

RYNK BOSMA – 

‘De uitdaging en het avontuur zijn daardoor minder dan voorheen’, sa seit karperfisker Wijtze Tjoelker yn Box 10 oer de nije ûntjouwingen yn it karperfiskjen. Dat sitaat stiet yn de Fiskatlas Fryslân, dy’t yn maart dit jier útkaam is by Utjouwerij Bornmeer op ’e Gordyk. De atlas is nûmer 33 yn de Botkerige en it stimpel fan de Fryske Akademy stiet as ‘keurmerk’ foaryn.

Dat de Fryske Akademy by it ta stân kommen fan dizze fiskatlas belutsen is, sil fêst te krijen ha mei it wittenskiplik skreaune ferhaal, wêrby’t in stik of wat nije fisken nije Fryske nammen hawwe moatte. De ‘witvingrondel’ is sa’n nijeling en dy hjit yn it Frysk fan ‘wytfingrindeling’ en de fisk heart ta de famylje fan de karpers. Dat dy fisk hjir no omswimt hat te krijen mei de iepening fan it Main-Donaukanaal yn 1992 en sûnt 2002 komme fisken fan it ‘Ponto-Kaspische gebied’ yn Nederlân foar. Yn it boek soenen je dat ek sa skriuwe kinne, mar dêr stiet: ‘De Nederlandse wateren koloniseren’. Mar dêr letter mear oer.

Adviesbureau John Melis Ecologie en Adviesbureau Altenburg & Wymenga ha yn gearwurking mei Stichting Reptielen Amfibieën Vissen Onderzoek Nederland (ravon) en tal fan frijwilligers fan alles ûndersocht tusken 2011-2014. Mjitte is witte. Fjildwurk fan de Werkgroep Vissenonderzoek Friesland (wvof) dus, oanfolle mei rapportaazjes fan eardere tiden. It wiidweidige stik dat de befiningen fan it ûndersyk fêstleit beslacht goed hûndert siden. It pleatst de fisken yn ferskillende soarten fan wetter. Earst komt it wetter en it soart wetter op it aljemint, dêrnei wurdt ferteld hokker soarten fisken yn hokker wetter swimme en wêrom oft se yn dat wetter te finen binne. Om alles wittenskiplike grûn te jaan en om de wurden yn bylden stal te jaan, steane der ferskate grafiken by dy’t tal en soarten by jiertallen pleatst.

Dat alles wurdt ûnderbrutsen troch in tsiental ‘boxen’, sis mar ynlaske stikken yn in apart kader mei in grien kleurke, dy’t de belestingterm boxen meikrigen ha. Tige nijsgjirrich is Box 1, dy’t oer Environmental dna (edna) giet: it tal fisken yn wetters yn kaart bringe sûnder dy fisken te fangen. Foarútgong op syn bêst, soene je sizze. De dna-spoaren fan fisken binne te finen yn harren hûdsellen en de stront en de pis, om it efkes plat te sizzen. Dat bart mei saneamde primers, dat is in dna-soart dy’t him allinne oan in spesjale soart fêstset. Sa kinne ûndersikers soarten as de ‘grote modderkruiper’ yn kaart bringe.

In soad fan de befiningen út it ferline komme by Wetterskip Fryslân wei, dat ek in rol spilet by de útjefte fan it boek. Ir. Roel de Jong hat as lid fan it deistich bestjoer it foaropwurd skreaun, dat twatalich yn it boek stiet. Hy leit dan ek de klam op it wurdsje ‘momentopname’ en dêrmei hat hy neat tefolle sein. Wichtich is dat de databestannen op ynternet te besjen binne fia www.friesland.vissenatlas.nl en ek nij ûndersyk is te finen en te besjen op www.telmee.nl of www.waarneming.nl.

Fansels wurdt de tiid oereide dat de natoer baas wie oer de minske, tink oan de stoarm fan 1825. Mar de natoer fan it wetter hat de striid yn Fryslân tsjin de mins allang ferlern, te begjinnen mei 1932, doe’t de Ofslútdyk der kaam en de Sudersee feroare yn de Iselmar. Wer letter, yn 1970, gie ek de Lauwerssee deroan. Foar de fiskmigraasje, dus it reizgjen fan fisken fan ‘paaiplaats’ nei ‘broedplaats’, fan swiet nei sâlt wetter, wurdt benammen it ôfsluten fan de Sudersee ‘vernietigend’ neamd foar de migraasje.

Alles wat de fisken no tsjinkomme op harren reis nei bûten of nei binnen is oprjochte of boud troch minskehannen en dat alles foar de feilichheid en de lânbou. It wetterpeil wurdt altiten op -51 nap hâlden troch bemealling. Is it te wiet, dan wurdt it oerstallige wetter ôffierd, is it te drûch, dan streamt it de ‘polders’ yn.

De iel hat dêr gjin boadskip oan fansels, nea witten dat it bistje alhiel nei it gebiet fan de Sargassosee oan de westkust fan de Atlantyske Oseaan reizget om te mearjen (‘paaien’) en aaien te lizzen en dêrnei te stjerren. Dat komt dan as trochsichtich, de namme seit it al (‘glasaal’), wer nei Europa ta. Mar dy reis wurdt beheind troch ‘kunstwerken’ by bygelyks Roptasyl, Swarte Harne en de Ofslútdyk. Dúdlik wurdt út it ferhaal dat it yngripen fan de mins dy migraasje noch aardich yn de tsjillen rydt. Yn Box 6 wurdt de mooglikheid neamd om in ‘vismigratierivier’ oan te lizzen.

Is it boek ornearre foar de trochsneed sportfisker of is it bedoeld foar wittenskiplike ‘vakbroeders’ dy’t warber binne yn de natoer, lykas de Waddenacademie of de provinsje Fryslân. Oan de iene kant leit it yn de reden dat wittenskiplik ûndersyk op wittenskiplike wize op papier fêstlein wurdt. Fansels moatte je in atlas net yn ien kear útlêze, it is in opsykboek, in gids foar wêr’t hokker fisk te finen is.

Oan de oare kant hie de studearkeamersdoar wol wat fierder iepen mochten as op in kier om sa de hân te rikken nei oare doelgroepen. It taalgebrûk lit him noch it bêste fergelykje mei in man op stelten. Heech boppe de ierde en yn syn bewegingen houterich. De sinnen ha de linichheid fan stisel en, wat noch slimmer is, it gebrûk fan oerstallich Ingelsk is bepaald oerdreaun. Sa wurdt sprutsen oer de wetlands, wylst de Nederlânske taal genôch moaie oare wurden beskikber hat. Datselde jildt foar ‘juveniele vissen’, wylst ‘jonge’ of ‘jeugdige’ ek folstiet. En wat te tinken fan sinnen as ‘Uit de metingen van Wetterskip Fryslân blijkt dat de meeste Friese wateren in die range zitten’ (side 43). Om noch mar te swijen fan de Ingelske ynfloed op de wurden ‘Expositie aan de wind’, wêrby’t it wurd exposure gehiel oerstallich yn it Nederlânsk oersetten wurdt, wylst der neat mis is mei ‘blootstellen aan’.

En wa’t op side 103 skriuwt: ‘Via deze op migratie afgeregelde klepduikers’, dy brûkt de Nederlânske taal ferkeard. Dat jildt trouwens ek foar de Fryske taal. It foaropwurd is twatalich, Nederlânsk en Frysk. Mar fertaal it dan wol goed. Ir. Roel de Jong skriuwt: ‘We sille sjen’ as antwurd op de fraach ‘En bliuwt de brazem de baas yn de boezem?’ en dat betsjut safolle as: wy moatte it ôfwachtsje. Dat kinne je net oersette mei ‘We zullen het beleven’.

Dat de tried mei de Fryske kultuer ek yn oare opsichten flintertin is, docht bliken út de ynlieding. Dan ferwize de skriuwers nei it boek De Fûke fan Rink van der Velde en litte dat yn 1966 skreaune boek ferskine yn 2008. Net lêzen fansels, want se neame it boek as foarbyld fan de ‘vanzelfsprekende verbondenheid en wijze van leven’ fan Friezen en fiskjen. Mar De Fûke giet net oer fiskjen. In fiskerman rint yn de fûke fan syn eigen prinsipes yn oarlochstiid en moat dat mei de dea betelje, lykas fisken dy’t yn in fûke telâne kommen binne.

Dat allegear nimt net wei dat de Fiskatlas Fryslân in prachtich boekwurk of neislachwurk wurden is mei hiel moaie foto’s. Alle fisken dy’t yn Fryslân swimme krije omtinken mei de nammen der yn trije talen by: Frysk, Nederlânsk en Latyn. Ek de frijwilligers dy’t meidien ha om alles yn kaart te bringen krije omtinken. Op reis nei de fiskstek hoege je de grutte Fiskatlas net mei, dan kin de sportfisker it dwaan mei de visplanner op de mobile telefoan en de Vissengids App van Sportvisserij Nederland. Gjin ferrassingen mear dus, of om it mei de wurden fan Tjoelker te sizzen: ‘De uitdaging en het avontuur zijn daardoor minder dan voorheen.’

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 5 (septimber), s. 38-39.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels