Fisk yn ’e arke

De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Abe de Vries is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘Fisk yn ’e arke’.

 

Fisk yn ’e arke

en doe siet ik yn myn eigen kop fan blik
mei oan alle kanten ruten om my hinne
it mantsje mei de yankeenamme
doe wie ik it sels
en koe ik sjen wat it is foar in fisk
om dûm tsjin glêswand oan te rinnen
doe swom ik yn myn kûm en wie alles oarsom
mei bûten it wetter en droechte fan binnen
en swom tsjin ’e rânen en swom yn ’t luchtlege
en swom en swom mei swimmende eagen
yn it lege hûs fan ’e stolp
doe eaze de floed en fage de allerheechste
mei twirjende boarstels en razende biezems
de flier mei ús oan
mar gjin skriemen dat holp
hoe’t ik ek bidde om triennen as wetter
doe wie ik it jonkje net mear
dat noächke boarte om hillich te wêzen
mar de fisk mei syn skuld yn ’e mage
en in bekje dat nipte om drippen te heinen
fan ’t reinen dat heilsum en reinigjend wie
mar inkeld oare kant de glêzen
doe luts it opperwêzen de boarstels werom
sei ho tsjin de boaze rotearjende biezems
sette se foar altyd teplak oan ’e himel
yn sân syntetise kleuren
doe wie ik myn eigen stim yn ’e holle
it lûd dat net swijt fan alles mar seit
dat stimke dat klinkt en op dwaalspoaren bringt
dat rûzet en risselt oanienwei bedisselt
en lokket mei sechjes nei wegjes in ’t koren
o dat stemmetje altijd te horen
hij weet wat het fluistert en raakt het niet kwijt
doe blaasde in adem
in bluist’rige wyn
as wie it te rêden
en wie it god sels miskien
ferbaasd dat fan blêden
omdat er him skamme
de fisk him in skelk flochten hie
mar wa hie ferteld hoe bleat at er wie
it mantsje mei de yankeenamme
doe klapte in ingel
ferjamme gods túnstekje ticht
mar in roldoar kaam iepen
al knappend omheech en wiid as de see
ûntflamme yn blidens it ljocht
fan ’t begjinnend er zij
as in readgleon berjocht
yn ’t ferlossende u i t r i j d e n op
en skynde bûten de sinne

 

 

 

 

Eppie Dam, Fallend ljocht. Friese Pers Boekerij, 2014. 80 siden, as Boek fan de moanne mar €10,00.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.