Finzen yn de Fryske Frijheid

GERBEN DE VRIES –  

De nije keninginne Maxima ferklearre in stikmannich jier lyn dat se ‘de’ Nederlânske’ identiteit net fine koe. Dêr waard doe nochal spotsk oer dien. Oer de Fryske identiteit binne ûndertusken al moai wat provinsjale bibleteken folskreaun. Guon wolle sels hawwe dat de Friezen lije under it besef fan in traumatysk ferlies, fan har taal of wa wit fan de ferneamde Fryske Frijheid. Wat dat leste oanbelanget meie wy bliid weze mei it nije boek fan Hotso Spanninga. De minsken dy’t har eartiids op dy Fryske Frijheid foarstiene, wiene ûnbetrouber, dom, koppich, sleauw en ligerich. Bûtensteanders moatte wolris de yndruk krigen hawwe dat dát de skaaimerken fan de Fryske identiteit wiene.

It  boek giet oer in krusiale en oant no ta tsjsutere perioade fan Fryslân yn de Gouden Ieu. It is it tiidrek yn de Nederlanske skiednis dat de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen har definityf befrijden fan it Spaansk-Habsburgse gesach. Yn dizze 17e ieu wie der in geweldige bloei fan hannel, wittenskippen en keunsten. Sterker noch, krekt troch dy booming ekonomy wie it mooglik dat dit lytse stukje Noard-West-Europa him frij fjochtsje koe (Tachtichjierrige Oarloch of Opstân, 1568-1648). Want dêrtroch wiene de opbringsten fan de belestngen sa heech dat der in goed draaiende oarlochsmasjine financierd wurde koe. De Republyk helle úteinlik yn 1648 de oerwinning. Wa’t Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640 fan Hotso Spanninga lêzen hat, wit dat soks net bepaald oan Fryslan te tankjen wie.

It gewest sleat him yn 1580  by de Opstân oan en krige Willem Lodewijk as stedhalder. Dat gie de foarste jierren goed, oant de osptandige gewesten ûnderling ôfpraten wat de ferdieling fan de lesten foar de oarloch wurde soe. Hollân betelle 58% fan de kosten en dat wie ek wol logysk sjoen it feit dat hjir de helte fan de totale – sterk ferstêdelikte – befolking wenne. Fryslan wie in goede twade wie, mei 11%. Der stutsen Stad en Lande (Grinslân), Utert en Gelderlân mei goed 5% meager by ôf, om mar net te sprekken fan de 1% fan Drinte. Dat bestjutte dat Fryslân as in tige ryk gewest beskôge waard, ek troch himsels.

De folmachten fan de Lândei witte de ôffeardigen ut Hollân hieltyd wer mei leagens, ferlechjes en draaierijen te misliedsjen.

Nei de dea fan Willem Lodewijk yn 1620 giet it lykwols goed mis. It Tolvejierrich Bestân (1609-1621) rint ôf en it is op en nij oarloch. Dat kostet in smite jild en Fryslân fersommet kear op kear om syn bydrage te beteljen. Dat komt benammen omdat it gewest bestjoerlik sjoen in grutte gaos is. Lykas foar 1498 wurde de besjtoerders en rjochters no wer troch it eigen folk keazen en sa is de ‘Fryske Frijheid’ opnij ynfierd. Hast 10.000 minsken, meast pachtboeren, yn de trije plattelânskwartieren (Westergoa, Eastergoa en Sanwalden) en de alve stêden keazen de folmachten foar de Lândei, dêr’t oars as yn Hollân it plattelân foar master opslacht. Dizze folmachten binne lykwols mei hannen en fuotten bûn oan de kiezers, de efterban. Dy pachtboeren binne der op har bar poer op tsjin dat de belestingen ferhege wurde. Fierders binnen de fjouwer kwartieren it ûnderling sawat nea iens, benammen omdat de belangen faak oars lizze. De Fryske Lândei wurdt sa in Poalske Lândei, in doweflecht wer’t minken komme en geane, roppe en raze, mekoar tsjinwurkje. Beslúten wurde der yn dy moannenlange sittingen net naam. Oars as yn de oare gewesten wie de bestjoersfoarm dus tige demoakratysk, mar ek tige disfunksjoneel.

At de skuld fan Fryslân yn de miljoenen gûnen rint, komt de Steaten-Generaal yn aksje. Fan 1626 ôf stjoert dit heechste orgaan fan de Republyk ‘bezendingen’ nei it hege noarden, om derfoar te soargjen dat der dochs betelle wurdt. Omdat de Friezen sizze dat hja de bydragen net opbringe kinne, kin it bêste de saneamde ‘gemene middelen’ ynfierd wurde, yndirecte belastingen op earste libbensferletten. By it begjin fan de Opstân is der al ôfpraat om dizze gemene middelen foar de oarlochsfiering te brûken, maar yn Fryslan kaam it der mar net fan. Dan giet it ûnder mear om rogge en turf, bier en wyn, wollen en siden lekkens, sâlt en sjippe. De folmachten fan de Lândei witte de ôffeardigen ut Hollân hieltyd wer mei leagens, ferlechjes en draaierijen te misliedsjen. De stêden wolle bygelyks de ‘gemene middelen’ net ynfiere want dat drokket te folle op de gewoane man. De Friezen betelje ek al sa’n soad, al wurdt yn Spanninga’s boek net dúdlik oft der ek wier gjin jild is. De Lândei soarget der fakentiids foar net foltallich te wêzen, sadat der gjin beslúten nommen wurde kinne. Somtiden wurde de Hollaners sels fuortjage.  Yn 1632 komt midden yn de oarloch de Steaten-Generaal sels mei in troepenmacht fan 2000 man nei Fryslân ta om de ‘gemene middelen’ of te twingen. Dat slagget, mar as de soldaten wer fuort binne, wurde dizze belestingen deagemoedereard weromdraaid. Fryslân leit ek al lang net mear yn de frontlinie, dat sil grif ek meispile hawwe mei har wegering te beteljen.

It foel my op dat er ûnder alle dy hûnderten Friezen eins gjin inkelde man fan kwizekwânsje en macht wie om de saken yn goede banen te liedsjen.

Yn 1637 hawwe de Hollanske stedhâlder Frederik Hendrik en de Steaten-Generaal der skjin genôch fan. De skuld fan Fryslân is oprûn ta goed 6 miljoen gûne, yn dy tiid in kapitaal bedrach. De Steaten-Generaal stjoere ferstjintwurdigers fan de Raad van State, har wichtigste advys- en bestjoersorgaan, nei Ljouwert ta. In rige tige taaie ûnderhannelings sûnder ein giet oan. Lang om let – nei oardel jier! – slagget it de Hollânske delegaasje de Friezen te oertsjûgen dat de ‘gemene middelen’ der echt komme moatte. Dêrfoar moatte bytiden soldaten ynset wurde om de Fryske folmachten fan hûs te heljen, want ienridigens wie no fereaske. Om oan jild te kommen wurde de Fryske Steaten oantrúne om de mânske kleasterbesittings te ferkeapjen. Om tenei in geregelde Lândei te hâlden, wurdt bepaald dat dizze net langer as seis wiken duorje mei. De folmachten wurde no keazen troch de eigeners fan it lân, net langer ek troch de pachters sa’t lang wenst wie. Yn alle gefallen hat de yntervinsje fan de Raad van State der foar soarge dat de Friezen har saken better op oarder krigen, ûnder mear troch it oanlizzen fan in stimregister yn 1640. Yn Fryslân krige dêrtroch benammen yn de 18e ieu de adel in grut part fan it grûnbesit yn hannen, want grûn bestjutte in stim yn it kapittel en dus lukratieve baantsjes. En uteinlik gong it alle partijen om jild!

Hotso Spanninga hat in prachtich en yn wittenskiplik opsicht tige wichtich boek skreaun oer in perioade der’t oant no ta net sa’n soad bekend oer wie. Hy koe dêrby beskikke oer in earder noch net brûkte boarne, it ‘deiboek’ fan ien fan de mannen fan de Raad fan State, Johan Eyckbergh. Fierders keppelt er de ynfermaasje fan de reguliere boarnen adekwaat  oan de kontemporêne geskriften fan Lieuwe van Aitzema en foaral Lieuwe van Aitzema. It resultaat is in ferbjusterjend ferhaal oer it slûchslimme gekonkel en de ‘kuiperijen’ om de macht. In wiidweidich ferhaal ek, want Spanninga slacht gjin gearkomste oer om de masjinaasjes fan de folmachten en oare leden fan de Fryske Staten en de Lândei sjen te litten. Hy brûkt dêrbij in protte sitaten en op de slotskôging nei is der gjin alinea en somtiden sels gjin sin sûnder kwote. Dat pakt lykwols ferrassend sterk ut, want krekt op dizze wize wurde de macht en ûnmacht, de ûnwil en it trochsettingsfermogen, de ûnderhannelingskeunsten en fertragingstaktiken fan de ferskate partijen goed sichtbaar. De 17e ieuske Hollânske taal dy’t yn dizze sitaten brûkt wurdt, is oars goed te folgjen mar dat kin ek oan de seleksje fan Spanninga lizze. In masterwurk, dizze dissertaasje!

It foel my op dat er ûnder alle dy hûnderten Friezen eins gjin inkelde man fan kwizekwânsje en macht wie om de saken yn goede banen te liedsjen. Dit jildde oars ek foar de beide stedhâlders fan dizze perioade, Ernst Casimir en dy syn soan Hendrik Casimir, dy’t yn Fryslân hielendal net populèr wiene. It wie dan ek de Raad van State dy’t de stedhâlder wer in sterkere posysje jûn hat. Yn dat locht is it hast in wûnder dat Fryslân letter sa Oranjegezind wie, sasear dat it hast ek in part fan har identiteit waard. In identiteit dy’t no graach sjoen wurdt yn termen fan degelikens, earlikens, oprjochtens en, okee, in sekere koppigens. Mar oft dat ‘de’ identiteit fan de Friezen is? En is dizze feroare identiteit dan faaks ek foar in part te tankjen oan de Hollanners dy’t yn 1637-1638 Fryslân fan in bankroet rêden?

 

Hotso Spanninga, Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640. Uitgeverij Verloren. Hilversum, 2012. Bestel hjir.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.