fotografy: Linus Harms

Filt is hip

WENDY KENNEDY –

De keninginne fan it filt: dat is Claudy Jongstra (1963) út Spannum. De fan oarsprong Limboarchse hat filt wer hip en eigentiidsk makke. Grutte moadeûntwerpers wolle har stoffen brûke foar kleankolleksjes, en se wurket gear mei ferneamde arsjitekten. It Fries Museum hat har frege om in grut muorrekleed fan filt en side te meitsjen foar de entree fan it nije ûnderkommen op it Saailân yn Ljouwert.

It is dan ek net frjemd dat se in drok libben hat. Claudy Jongstra is ûnderweis nei de prestisjeuze fashionweek yn Parys. Se sil nei in show fan moadeûntwerper InAisce út New York. Jongstra har stoffen binne yn syn kleankolleksje ferwurke. At se weromkomt út Parys sil se drok oan ’e slach om it muorrekleed foar it nije Fries Museum ôf te meitsjen. It wurdt in kolossaal keunstwurk fan mar leafst 21 meter lang en 6 meter heech.

It Fries Museum wie op syk nei in keunstwurk dat goed past by it robúste, stevige en romtlike gebou. ‘En je moet zien dat je in een museum bent dat in Friesland staat en dat het niet een willekeurig museum is dat ook in Rotterdam of Arnhem kan staan’, seit Saskia Bak, direktrise fan it museum. ‘Dat moet niet te letterlijk worden genomen, door pompeblêden in de hal te hangen ofzo, maar het werk moet de sfeer, de kleuren van Friesland uitstralen.’ Neffens Bak is Claudy Jongstra de ideale persoan om dy opdracht út te fieren.

‘Ik heb niet traditioneel vilt nagemaakt, maar nieuwe eigen stoffen gecreëerd.’

‘Bij binnenkomst in het museum is het een eerste ontmoeting met Friesland. Het wandkleed verbeeldt het Friese landschap’, fertelt Jongstra. It muorrekleed hat ferskate flakken mei heldere kleuren: giel foar de sinne, blau foar de  loft en brún foar it lân. Dat binne net samar kleuren. ‘Het zijn plantaardige kleuren. Het geel, het stralende zonlicht, komt van de Wouw. Het is de oudste verfplant die we kennen uit onze streek. De lucht is gemaakt van het klassieke indigo en de hele donkere aardekleur van cochenille.’ It pigmint indigo komt fan de Wede. Dy ferveplant komt oarspronklik út Azië en East-Europa en waard hjir oant en mei de midsieuwen ferboud foar de kleurstof. Cochenille is in pigmint dat makke wurdt fan blêdlús.

De kleuren foar har stoffen makket se hielendal sels. Yn Spannum, dêr’t se wennet en wurket, hat se in hortus. ‘Het is een inspiratietuin met ongeveer vijftig verfplanten en -kruiden. De tuin wordt gebruikt als laboratorium. De ververs kunnen planten uit de tuin plukken en kleuren ontwikkelen. Als er een spectaculaire ontdekking wordt gedaan, gaan we het gewas uitzetten op onze productievelden. Een aantal boeren in de buurt van Sint Annaparochie en bij Drachten verbouwen het, op kleigrond en op zandgrond.’ It giet ûnder oaren om fervestoffen dy’t eartiids ek brûkt waarden troch Rembrandt, Van Gogh en Vermeer. Jongstra fynt it wichtich om dy histoaryske kleuren op ’e nij sjen te litten en te behâlden.

Jongstra hat it hiele produksjeproses sels yn hannen. Net allinnich it meitsjen fan de fervekleuren, mar ek de produksje fan it tekstyl. Se hat in keppel skiep dêr’t se de wol fan brûkt foar it meitsjen fan filt. It giet om it seldsume Drintske heideskiep, it âldste skiepperas yn West-Europa. De keppel bestiet út 150 skiep, dy’t op it stuit weidzje yn Seelân. It is de bedoeling dat de skiep op koarte termyn yn Fryslân omskarrelje.

‘Je hebt op deze manier controle op de kwaliteit en kunt invloed uitoefenen op de manier waarop verbouwd en geproduceerd wordt. Dat het op een ecologische manier gebeurt. Het is belangrijk dat deze visie in alle geledingen van het bedrijf wordt doorgevoerd.’

‘Die Mongoolse nomadentent van vilt vond ik zo indrukwekkend. Ik ben me toen in vilt gaan verdiepen en ben hier eigenlijk nooit meer mee gestopt.’

It grutte muorrekleed foar it Fries Museum wurdt foar in part yn twaen dield, troch in tuskenferdjipping. Yn it ûnderste part binne de loft en it lân te sjen, yn it boppeste part de sinne. ‘Als je binnenkomt kun je wel al een stukje van de bovenverdieping zien. De verdieping heeft een opening, dus als je eronder staat kun je in je ooghoek de gloed van het goud van de gele wand waarnemen. En aan het einde van de wand is er een paar meter geen tussenverdieping. Hier heb je het beeld voor één moment samen.’ Jongstra makket it gigantyske kleed yn har studio yn Spannum. Allinnich foar it oanelkoar setten fan de flakken hat se in judohal yn Wommels ôfhierd, sadat it hiele wurk útlein wurde kin.

Se wennet en wurket no sa’n 13 jier yn Spannum. Har aksint ferriedt dat se flink wat kilometers fan Fryslân ôf hikke en tein is: yn Roermond. Nei al dy jierren dat se út Limboarch wei is, is de sêfte g noch goed te hearren.

‘Ik heb in Utrecht gestudeerd en daarna tien jaar mijn bedrijf in Amsterdam gehad. Alleen daar was geen plek voor de productie. Ik zocht ruimte en vond die in Friesland, op een beheersbare afstand van Amsterdam.. Ik heb dat jaren dubbel gedaan. Dan hadden we het productiebedrijf in Friesland en het kantoor in Amsterdam. Nu hebben we alles al een aantal jaren in Friesland.’

Se fynt it noflik wenjen en wurkjen yn Fryslân. Foaral om de romte dy’t der is en it lânskip, mar ek de minsken. ‘Ik hou van de mentaliteit van de mensen hier. Iedereen leeft wat trager, in een andere versnelling. Het is niet zo opgejaagd.’

Jongstra fertelt wêr’t har fassinaasje foar filt wei komt. Sa’n 16 jier lyn seach se by in tentoanstelling in Mongoalske nomadetinte fan filt. ‘Dat vond ik zo indrukwekkend. Ik ben me toen in vilt gaan verdiepen en ben hier eigenlijk nooit meer mee gestopt. Het is het oudste textiel dat we kennen en relatief eenvoudig om te maken. Je hebt weinig gereedschap nodig: wol en water. De wolvezels leg je in een bepaald patroon en vervolgens voeg je water toe. Hierdoor gaan de vezels open staan en door te wrijven gaan de schubben in elkaar haken.’ Dêrtroch ûntstiet in kompakte en stevige triedmassa: filt. Boppedat, seit Jongstra, hat filt in soad positive eigenskippen. ‘De wolvezel is van oerkwaliteit. Zo kan het veel water opnemen zonder dat het nat aanvoelt, is het warmte-isolerend, geluiddempend en vuilwerend. De enige vezel die zoveel karakteristieken heeft is de wolvezel.’

‘Het maken van beelden of sculpturen van het materiaal in een andere omgeving in plaats van een platte wand. Daar ben ik nu mee bezig.’

Filt hat, of hie, wol wat in bryk âldfrinzich imago. Dochs is it Jongstra slagge om har stoffen te sliten oan de ferneamdste en hipste moadeûntwerpers fan ’e wrâld. ‘Ik heb niet traditioneel vilt nagemaakt, maar nieuwe eigen stoffen gecreëerd. Het is dus maar net hoe het gemaakt en vormgegeven wordt. Vilt is absoluut eigentijds materiaal.’ Typearjend foar de stoffen fan Jongstra is dat se hiele rûge materialen kombinearret mei ferfine guod, lykas side. ‘Ook gebruik ik veel verschillende materialen samen, zoals wolhaar, angora of linnen. Ik gebruik dus heel veel andere vezels bij het vilt.’

Dat alles hat derfoar soarge dat bygelyks de moadeûntwerpers John Galliano, Donna Karan en Christian Lacroix har stoffen brûkt hawwe. Ek in soad arsjitekten binne ynteressearre yn it wurk fan Jongstra. Se wurket gear mei ûnder oaren Rem Koolhaas, Jo Coenen en Claus en Kaan Architecten. Se hat in muorrekleed makke foar it Catshuis en de Nederlânske ambassade yn Berlyn en in wand fan filt foar de nijbou fan it CJIB yn Ljouwert. ‘Je moet het zien als een kunsttoepassing binnen de architectuur.’

Prestisjeuze projekten allegearre, mar wêr’t Jongstra de measte foldwaning fan krijt is it meitsjen fan wurk foar sikehuzen. ‘We hebben bijvoorbeeld een installatie gemaakt op de afdeling radiotherapie van het Utrechts Medisch Centrum. We vinden het belangrijk dat deze zachte toepassing ervaren kan worden in de vaak kille ruimtes: healing architecture. Op dit moment zijn we ook bezig in een ziekenhuis in Tilburg.’ Se fynt it ek wichtich dat it wurk yn kennisynstituten hinget. ‘In de bibliotheek in Amsterdam en de universiteit van Londen, op plekken waar kennisoverdracht plaatsvindt. We kunnen dan echt een verhaal vertellen.’

‘Het is inspirerend om met andere mensen samen te werken, dan kom je zelf ook weer op ideeën. Ik vind bijvoorbeeld het samenwerken met architecten enorm verrijkend. Daarnaast heb je weer je eigen ontwikkeling: zelf stoffen creëren, wandtapijten en kunstwerken maken. Niet in opdracht, maar gewoon mijn eigen ontwikkeling.’ In kant dy’t se noch graach op wol is it meitsjen fan trijediminsjonaal wurk. ‘Het maken van beelden of sculpturen van het materiaal in een andere omgeving in plaats van een platte wand. Daar ben ik nu mee bezig.’

It muorrekleed foar it Fries Museum wurdt yn febrewaris ynstallearre. ‘In maart moet het hangen, want dan gaat het filmhuis, dat bij het museum inkomt, open.’ It Fries Museum sels iepenet yn septimber de doarren foar it publyk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.