fotografy: Linus Harms

Filmfestival oan it Wilhelminaplein

TSJOMME DIJKSTRA –

Noordelijk Film Festival is werom en pakt út
Fan 6 novimber ôf is foar it earst it nije filmteater Slieker Film mei De Harmonie dekôr fan it Noordelijk Film Festival. Yn oanrin nei it festival hie de Moanne in petear mei de direkteur fan de organisearjende stifting Film in Friesland, Jacqueline Schrijver. De foarnaamste fragen foar dat petear wienen: wat is oars wurden oan it festival en wat is der oars op de nije lokaasje?

It progamma
As in grut festival sa as it Noordelijk Film Festival in nij ûnderkommen krijt, heart dêr fansels ek in moaie iepening by. No hoege je dêrfoar net in ynoarm spektakel te meitsjen, mar sa’n evenemint mei seker in feestlik tintsje hawwe. En dat feestlike tintsje liket it festival te krijen. As je de festivalaktiviteiten fan it Noordelijk Film Festival dit jier besjogge, kinne je sjen dat it program út tal bysûndere ûnderdielen opboud wurdt. Wy neamme der in oantal.

Tafallich genôch bestiet yn dizze hjerst ek it Fries Film Archief 25 jier. Dêrom is yn ’e mande mei de filmargiven fan Grins en Drinte ûnder mear in programma mei regionale en ynternasjonale ûnderdielen opset. Dêryn sil ûnder mear de film Hoe een haven niet kon, en er toch kwam‘ fan Henk Penninga op ’e nij fertoand wurde. De film, makke yn de jierren santich, hat Penninga koartlyn folslein revisearre en digitalisearre. Op it festival wurdt de opknapte film foar it earst fertoand. In twadde programmaûnderdiel dat yn gearwurking mei de noardlike argiven organisearre wurdt is de performance fan de Poalske keunstner/ferteller Janek Turkowski. Hy fûn yn it Gronings Audio Visueel Archief (GAVA) in soad filmkes fan de Smalfilmliga út Grins, al foar de Twadde Wrâldkriich aktyf. Turkowski is yn de libbens fan de filmers en yn de ferhalen achter de filmkes dûkt en hat dêr in foarstelling oer makke dêr’t hy de filmkes by fertoant.

Foar it festival binne de bannen mei de argiven dizze kear mear oanhelle. Jacqueline Schrijver seit dêroer: “De noordelijke archieven hebben gewoonlijk al een samenwerking, maar voor het jublieum hebben ze nu ook samen een programma. Wij presenteren dat uitdrukkelijk ook als gezamenlijk programma, want het ligt in lijn der verwachting dat we deze samenwerking voortzetten.”

De jeu van ons festival is eigenlijk de ontmoeting. Alles is hier dicht bij elkaar en de bezoekers komen elkaar tussen de filmzalen in dus veel tegen.

In oar grut programma-part dit jier yn it algemien is de Noordse Focus. Dat is tegearre mei it ‘Europeesk Panorama’ en de ‘Nederlânske, Flaamske en Fryske seleksje’ ien fan de pylders fan it hjoeddeistige festival. By de Noordse Focus stean films út Skandinavië sintraal. Schrijver seit: “Vanuit het Noorden hebben we ons gericht op aantal andere gebieden in Europa. In 2011 is dat al voor eerst echt tot uiting gekomen, dat zetten we tijdens deze editie voort.”

Fierder is, ûnder mear foar jonge filmleafhawwers, nijsgjirrich de wedstriid 48 Hour Film Project. Net allinne de priisutrikking mar ek de fertoaning en presintaasje fan de films dy’t makke binne yn 48 oeren, fine plak op it festival. De wedstriid is organisearre yn gearwurking mei it festival.

Foar it Noordelijk Film festival binne de aktiviteiten om de filmfertoaningen hinne belangryk en ek dat is yn it programma fan dizze edysje werom te sjen. It past ek by de lytsskaligens fan it festival, want de lokaasjes binne ommers net fier fan elkoar wei. Schrijver seit hjir ek oer: “De jeu van ons festival is eigenlijk de ontmoeting. Alles is hier dicht bij elkaar en de bezoekers komen elkaar tussen de filmzalen in dus veel tegen.”

Tredde filmseal
De filmleafhawwers moatte lykwols wol wat fierder rinne fan de iene filmseal nei de oare as dat foarhinne moast. Sa moatte je no en dan fan it Fries Museum nei De Harmonie ta.

Dochs is it Noordelijk Film Festival net iens echt groeid. Dat der mear mooglikheden binne foar filmfertoaning, dat is de belangrykste feroaring fan de nije lokaasje. Schrijver: “De derde zaal die we nu hebben, dat betekent zo’n vooruitgang. We kunnen een film hier bijvoorbeeld veel langer houden. De kritiek op ons vroeger was dat we een film niet lang konden houden, immers, een succesvolle film zat altijd nieuwe films in de weg. De mogelijkheden van de filmvertoning waren dus beperkt. Dat is nu veel beter geworden.” It âlde filmhûs hie in seal mei 72 en in seal mei 28 plakken, no is der in seal mei 80 plakken en binne der twa sealen mei 41 plakken.

We hebben nu een verrassende programmering van films, daar krijgen we veel positieve feedback op. Dat moeten we voortzetten. En we bieden ook jonge filmmakers graag een podium.

In oar foardiel fan it nije filmteater neamt Schrijver noch dat der no in lokaasje kommen is dêr’t de hiele dei wat te dwaan is. Ommers, yn it filmteater binne no jûns plus fiif middeis yn de wike films te sjen en oerdei is it museum der mei syn aktiviteiten. En dêrneist kinne de ynstellings no better mei-inoar op lûke. “Voor het museum is beeld ook steeds belangrijker geworden. De samenwerking met het museum en Tresoar (dêr is de opslach fan it argyf, red.) moet een automatische samenwerking worden. Bij alles wat op ons afkomt, moeten we bedenken wat we ermee kunnen vanuit het museum, vanuit de film, etc. En ik zou erg graag willen dat mensen zo meteen ervaren dat er naast het reguliere museumgebeuren, en de filmvertoning hier ook bijzondere dingen gebeuren.”

De minsken
Jacqueline Schrijver hopet dat der dit jier sa’n 20 tûzen besiken teld wurde kinne op it Noordelijk Film Festival. Dat is ynklusyf minsken dy’t mear as ien dei op it festival binne. Mar fansels is it ek spannend hoe’t it de earste kear wer giet: “We zien het niet als eerste keer, maar we hebben een jaar gemist. Er zullen trouwe bezoekers zijn die zeggen ‘gelukkig het is er weer’, maar andere bezoekers zullen misschien wat anders denken. Dat is afwachten. We proberen onze communicatiekanalen goed te gebruiken. En we zoeken ook nieuw publiek in de jonge garde.”

It is dêrby fral de kombinaasje fan aktiviteiten dy’t belangryk is foar it Noordelijk Film Festival: “Als je alleen tien mooie films wilt zien, kun je hier terecht, maar ook voor een combinatie van film en andere kunstvormen. De wens is hier altijd om er veel omheen te doen. Een festival zonder muziek vind ik zelf wel heel kaal, mensen vinden het leuk dat er ook wat in de foyer gebeurt. Maar het is ook heel persoonlijk natuurlijk waar je aan meedoet.”

Winsken
It lêste part fan it petear gie oer wat Schrijver de kommende jierren noch mear hopet te realisearjen yn it nije filmteater. “We hebben nu een verrassende programmering van films, daar krijgen we veel positieve feedback op. Dat moeten we voortzetten. We bieden ook jonge filmmakers graag een podium als het in de programmering past. En daarnaast is het de bedoeling om met het archief meer naar buiten treden”, neamt Schrijver op.

“En over wensen gesproken: nu we Culturele Hoofdstad worden hebben we natuurlijk helemaal een prachtige kans om iets om te bouwen. In het bidbook van Culturele Hoofdstad stond al dat er een nieuw filmfestival moet komen. We moeten nu bedenken hoe we dat vanaf 2014 kunnen oppakken en het dan naar 2018 toe kunnen laten uitgroeien. Eind november zullen we bekijken hoe we 2014 willen invullen en hoe we daarna verder willen gaan. Sjoerd Bootsma zei kortgeleden over de Culturele Hoofdstad: ’Ik wist altijd al dat Leeuwarden veel in zich heeft, maar nu zegt iemand anders het ook.’ Ik ben dat helemaal met hem eens.” Dêr heare wy grif mear fan, earst mar wer in moai Noordelijk Film Festival yn novimber.

 

It Noordelijk Film Festival is fan 6 oant 10 novimber. It programma, foar sa fier bekend, is te finen op de webkanalen fan it festival, http://filminfriesland.nl en http://noordelijkfilmfestival.nl/.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.