Fet

HENK WOLF – 

“Dy auto gong fet hurd!” en “dy broek is echt fet hip!” By jonge Friezen is ‘fet’ it nije ‘tige’. It is bûn oan leeftyd. Myn oarehelte is 33 en kin it noch krekt op in natuerlike manier brûke. Ik bin 40 en ik krij it net ta de strôt út.

Ik fûn it heel opfallend dat in synonym fan ‘fet’, nammentlik ‘smoar’, fierhinne deselde funksje hat. Yn it wurdboek fine je wurden as ‘smoardronken’,  ‘smoarnochteren’, ‘smoarfereale’, ‘smoarryp’, ‘smoarfol’, ‘smoargleon’ en noch in hele berch mear. It fersterket wat derachter komt.

It nije ‘fet’ drukt altyd in positive emoasje út. Soms fersterket it net in oar wurd, mar betsjut it gewoan soks as noflik, gesellich, moai, nijsgjirrich. “Wat in fette broek hasto!” of “It feest wie hartstikke fet!” Dyselde positive betsjutting fine wy by “smout”: “Se sitte smout byinoar” of “Hy is in smoute prater”. En wat in tafal: it Hollânske ‘smout’ ferwiist fanâlds ek al nei it plakkerige guodsje dat wy no almeast ‘fet’ neame.

Ha wurden foar ‘fet’ de oanstriid om as positive fersterking te tsjinjen? It liket op it earste each wol sa en ik tocht efkes dat ik in nijsgjirrich taalpsychologysk patroan ûntdutsen hie. Mar it is net sa. It is tafal dat wy de trije wurden op in ferlykbere manier brûke. It fersterkjende ‘smoar’ is nei alle gedachten net it Fryske ‘smoar’, mar in Hollânsk lienwurd dat ‘reek’ betsjut. En it Fryske ‘smout’ is op syn heechst yn de fierte besibbe oan it Hollânske ‘smout’. It is etymologysk nau besibbe oan it Ingelske ‘smooth’ en betsjut fanâlds soks as flak, sljocht, glêd.

Mar goed, al is it tafal, it is in moai tafal.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.