Fertriet yn wurden en noaten

Publisearre op 27 december 2016

LIUWE VAN DER MEER – 

‘Ik rop syn namme tsjin de simmersee’, sa begjint Douwe Tamminga it earste gedicht fan syn magistrale syklus In Memoriam, skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn iennichste soan Anne yn 1968. De dichter dy’t it fertriet útraast en him dêr winliken ek gjin ried mei wit. It bliuwt in oangripend byld. Der binne mear dichters en skriuwers dy’t it ferlies fan in bern ferwurde hawwe yn tekst, in hiel oangripend foarbyld is it gedicht On My First Sonne fan Ben Jonson út 1603. Of it hast boartlike Constantijntje, ’t zalig kijntje, dat Vondel skreau nei de dea fan syn soantsje yn 1632.

Ek komponisten hawwe de dea fan in bern besocht te ferklanken, it fertriet, de wanhoop dy’t de dea fan har bern by harren oprôp. Johann Sebastian Bach krige by syn twa froulju tweintich bern, wêrfan’t tsien noch foar harren heit ferstoaren. Fan gjin inkel Bachwurk witte wy lykwols oft it ek skreaun is nei oanlieding fan it ferstjerren fan ien fan syn bern.

Mar foar syn op ien nei âldste soan Carl Philipp Emanuel (1714-1788), meastentiids oantsjutten mei Carl Philipp of allinne mei Emanuel, leit dat oars.

Dy Bachsoan wie fan al syn komponearjende broers de meast súksesfolle, benammen yn it jildlike, mar ek fanwege syn komposysjes. Hy wie de foarnaamste komponist fan ’e Sturm und Drang, yn syn muzyk komme alle emoasjes ta klinken, hy is op syn bêst yn mineur-stikken. As Kapellmeister fan ’e fiif grutte tsjerken yn Hamburg – fan 1767 oant syn dea yn 1788 – waard er ryk, hy bewenne dêr in grut hûs en krige mei syn frou Johanna Maria Dannemann trije bern, twa soannen en in dochter. Syn âldste soan Johann Adam (1745-1789) waard advokaat; syn twadde soan, Johann Sebastian II (1748-1778), wie wol muzikaal, mar hie folle mear nocht oan tekenjen en skilderjen en dat hie as gefolch dat er in oplieding folgje woe ta keunstskilder, yn Leipzig en Dresden.

Yn ’e Bach-famylje waarden broers oantsjutten mei harren twadde namme: se hiene hast allegearre de foarnamme Johann, dat meastentiids waard dat dus der Christian, der Christoph, der Emanuel, en sa sille yn ’e Hamburger húshâlding fan der Emanuel de soannen grif ek oantsjutten west hawwe mei der Adam en der Sebastian.

Foar syn “Bildung” gong Sebastian yn 1776 nei Italië, nei Rome, mar dan giet it mis, hy wurdt yn febrewaris 1777 slim siik, wat er krekt hat witte wy net, mar syn heit stjoert him om ’e safolle wiken jild om de dokters en de behannelingen betelje te kinnen. It helpt net, op 11 septimber 1778 stjert Johann Sebastian II yn Rome, krekt gjin tritich jier, en wurdt op it Protestantske Tsjerkhôf dêr begroeven, itselde tsjerkhôf dêr’t ek ús eigen Pier Pander begroeven leit. Oft der ek in stien op it grêf kommen is, witte wy net, hjoed-de-dei is it plak dêr’t Sebastian begroeven leit net mear bekend.

Emanuel krige it ferstjerren fan syn soan ein septimber yn in brief meidield en it ferhaal seit dat er doe, hielendal ferslein, achter syn tafelpiano sitten gien is en in skoft ymprovisearre hat. Ik haw nearne in bewiis fine kind fan dat ferhaal, mar it stiet yn ’e literatuer en giet grif werom op in opmerking fan Emanuel yn in brief oan syn útjouwer. Dy ymprovisaasje hat er letter útwurke en publisearre as it “Rondo A-moll”, a-mineur, yn syn Zweite Sammlung von Klavier-Sonaten nebst einigen Rondos fürs Forte-Piano für Kenner und Liebhaber út 1780, in searje fan seis dielen dy’t er tusken 1778 en 1787, flak foar syn dea, yn Leipzig publisearre hat. Syn rondo’s wiene yn syn tiid hiel populêr, se waarden yn ’e titel ek eksplisyt neamd, der wiene minsken dy’t syn sammelbondels mei muzyk allinne mar kochten fanwege de rondo’s.

It Rondo A-moll is de muzikale foarm fan “Ik rop syn namme tsjin de simmersee” wurden. It is in rondo, it muzikale tema komt hyltiten wer werom, ôfwiksele mei omspilingen. Dat tema, foel my op, is winliken de namme fan ’e soan yn in pear akkoarden – en tink derom, dit is myn persoanlike ynterpretaasje:

1

 

De heit sit dêr achter syn tafelpiano, yn ús eagen in lyts ynstrumint mei in klavesimbel-achtige klank en in dito lichte oanslach. Hy sit dêr skriemend en lit syn emoasjes mar gewoan gean. Der sille wat kearsen baarnd hawwe, it wie septimber, de jûnen koartsje al. Lilkens yn ’e foarm fan fûleindige trioalen wurdt ôfwiksele mei berêsting yn ’e foarm fan it tema:

2

 

Op allerhande wizen omspilet er syn tema, yn lege noaten, yn hege noaten. Dan slacht er it tema wer oan en lit de akkoarden stean, stadich herhellet er it tema, mar mei de linkerhân hyltiten in heale toan nei ûnderen en yn ’e rjochterhân hyltiten in heale toan omheech en dêrtusken hâldt er yn, set der letter yn ’e tekst in fermate del, dêrmei fergruttet er de spanning, ek troch it brûken fan grutte ferskillen tusken lûd en sacht, it wurdt hast in fraach yn noaten: Sebastian, wêrom?

3

 

En dan barst er noch ien kear los, it fertriet komt yn al syn heftigens nei boppen, om wer mei it tema te eindigjen, de namme fan syn soan, earst hiel lûd en dan weistjerrend ta in pianissimo.

4

 

Hoelang oft er op dy septimberjûn sitten hat te ymprovisearjen witte wy fansels net. Oft er ek oantekens makke hat, witte wy ek net. Mar hy wie in master yn it ymprovisearjen en hy koe dat neffens de ferhalen oeren folhâlde.

Doe’t er it stik yn 1780 printree makke, wie it in stik wurden fan in tsien minuten. Yn tsien minuten wist er syn fertriet gear te fetsjen en miskien berêste er doe al in bytsje yn ’e dea fan syn soan. Hy wie ek wol wend oan ’e dea: yn syn âlderlik hûs hie er it ferstjerren fan tsien broerkes en suskes meimakke – mei oare wurden, it libben fan in bern wie altiten faai.

Ik bin der wis fan dat Douwe Tamminga it stik fan Emanuel Bach net kend hat, syn muzyk wie oan ’e ein fan ’e sechtiger jierren noch mar amper bekend. Mar it is opmerklik hoe’t beide mannen, de iene mei wurden, de oare mei klanken, harren gefoelens op ’e selde wize uterje: it ferwizen nei de namme fan ’e ferstoarne, it net leauwe wollen, de lilkens, it net-begripe kinnen, it sitten bliuwen mei fragen en dan, oan ’e ein, de berêsting: mar ’t is omdôch, dyn (= de see) tijen meie keare, syn tij keart net, syn mûle is stom tenei.

Der sit hûndertnjoggentich jier tusken it ferstjerren fan Sebastian en dat fan Anne, mar de emoasjes fan heiten binne neat feroare. Emanuel yn ’e achttjinde iuw en Douwe Tamminga yn ’e tweintichste, se krigen beide libbenslang it fertriet te dragen om de dea fan harren soan. By Emanuel wie dat noch tsien, by Douwe Tamminga noch sa’n fjouwerentritich jier. Libbenslang, letterlik.

 

Literatuer:

  • Douwe Tamminga, In Memoriam. Bosch & Keuning en De Tille 1975
  • Hans-Günter Ottenberg, Carl Philipp Emanuel Bach. Reclam 1982
  • CD: Ludger Rémy spilet op in fortepiano út 1788 de twadde samling fan ’e Sonaten und Rondos für Kenner und Liebhaber. Dabringhaus und Grimm Musikproduktion 1985

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 5 (septimber), s. 56-59

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels