Feroaring

Publisearre op 21 september 2005

 

RIENTS GRATAMA – 

De jierren fyftich wiene foarby. Truttige jierren, seine wy letter, mei wat sleau-fleurige minsken, sleau-fleurige muzyk en net al te djipgeande idealen. Seine wy letter, want as jo der ynsitte ha jo der net safolle erch yn. In tiidrek wurdt net earder in tiidrek as dat it efter jin leit. Sels in ieu wurdt pas in ieu as er foarby is.

En boppedat, wat ynteressearret jo de algemiene kwalifikaasje fan in tiidrek as jo op frijersfuotten binne, dagenlang omrinne mei it byld fan in famke foar eagen, jûnen lang steane te pizeljen op in plak efter it fine tsjerkje yn de swietrook fan de maitiid, dûnsje op skoallefuif of doarpsjûn, quick quick slow, mei de lichtfuottige ingel fan it momint.

Wy libben hjir, ek yn de artistyk-kreative sfear, ridlik kalm en fleurich. Fansels, wy hiene ús Fryske keunstners, skriuwers en sjoernalisten, wy hiene in klimaat, wy koene elkoar en praten en swetsten op mominten dat wy elkoar troffen, der wie kwaliteit, ambysje en in bepaalde dwersichheid, mar in protte ûnrêst wie der net. Wy wiene aardich foar elkoar want wy pielden yn itselde lytse taalgebiet en hiene it tekoart oan earmslach mei elkoar gemien.

De kranten skreauwen yn ’e regel frij myld oer ús prestaasjes. Fansels, men woe fernijing, de Fryske klienkeunst moast út de sfear fan de winterjûnenocht en benammen Tetman krige soms stikelige notysjes te fertarren mar hy waard nea de grûn ynboarre. De resinsint wie dus amper in betroubere artistike graadmeter mar nettsjinsteande dat fûnen wy it belangryk wat se skreauwen. Yn de Ljouwerter, dêr’t S.J. v.d. Molen ús wurk yn hifke en letter Arthur Vandamme, Rink van der Velde yn de Friese Koerier, it Friesch Dagblad, Ons Noorden, doe noch foar it Roomske folksdiel, Frysk en Frij en it Vrije Volk mei Boucke Visser en Piter Terpstra en de Drachtster fan Freark Dam.

Myld-kritysk, noait lêbich. Dat waard troch de lêzers ek net pikt. Doe’t Martin van Amerongen, destiids meiwurker oan de Fryske edysje fan ‘het Vrije Volk’, ris yn in resinsje fan de jubileumrevue fan de kondinsfabryk Friesland gewach makke fan de erkende Friese lolbroeken Tetman de Vries en Rients Gratama, waard der troch minsken om ús hinne frijwat oerstjoer reagearre. Ho even! Tetman en Rients, dêr koene jo om laitsje, okee, mar dêrmei hoegde sa’n man se noch net foar erkende lolbroeken út te meitsjen!

Yn de jierren sechtich kaam der feroaring fan lucht. It minskdom hie yn de foarbije jierren wer fleurich in dak boppe de holle krigen, in gashurd, in waskmasine en in brûs en wie wer ta oan in nij aventoer. Der kaam in kritysker toan yn de polityk, oare keunst, oare muzyk. Fansels, soks naam net fuortdaliks beslach fan it hiele folk en it hiele libben. Yn Fryslân bleau by alle oerstjoer De Sambrinco’s it populêrste orkest en wy stapten yn ús wurk ek net ynienen neist de stringen, mar der waaide in oare wyn en dy wyn blies ek de lanlike trends oer it heitelân. Wy dûnsen yn Omke Doeke komt út ’e Hoeke de Bjist, in parody op de Twistraazje, it gong net mear allinne oer boeren en arbeiders mar ek oer nozems.

Der waaide in oare wyn, ek oer en yn myn holle. Dêr’t ik yn de begjinjierren genôch oan hie, it wurk, it sukses, it útskroevene swalkerslibben, it meitsjen fan dingen, mar ek it jonge húshâldinkje, it wûnder fan de bern, de beskieden groei fan status en komfort, like wat minder befredigjend te wurden. Ik feroare en it artistike wrâldsje om my hinne ek. De Fryske keunstners wiene no oer it generaal wat jonger, wat dwerser en non-konformistysker. En sa’t ik al ferteld ha, ik krige persoanlike mooglikheden en wurdearring.

Tetman wie dat net wend. Tetman en Jarich wiene in famyljebedriuw en dan mei de klam op famylje. In famylje dêr’t ik as in soan yn opnommen wie, dêr’t ik sûnder wryt of slyt yn paste. Ik wie ek saaklik al nei in pear jier rejaal opnommen yn de maatskip, want myn rol wie dúdlik: mei Tetman programma’s skriuwe foar de ploech, in ploech mei in suksesfolle basisopstelling, Tetman, Jarich, Rients, Mine, Kor Huisman de pianist en Jetske Zijlstra, dy’t nei in oantal programma’s eins ek in fêste meiwurkster wurden wie.

Fóar Jetske hiene wy geregeld in wikseljen fan de wacht. Dan moast der in nije krêft komme en holden wy audysjes, net bepaald in hoopfol barren. De kandidaten hiene foar it grutste part gjin idee fan wat der fan harren frege waard. It oantal wie grut mar der wie dan ek alles mei sein. Der wiene altyd in pear by dy’t wol aardich sjonge koene, of spylje, mar dy hiene dan yn dwaan of rinnen wer gjin inkele artistike útstrieling. Oan Lammert Popma, doe ús regisseur, dy’t de taak hie om de auditanten op te fangen, waard sels in kear troch in froulike gadingmakker de fraach steld oft se, as se oannommen waard, dan jûns ek wurkje moast, dêr’t Lammert op reagearre mei de wjerfraach oft se miskien tocht dat Tetman in húshâldster socht. Sa’k sei, gjin hoopfol barren. Wy hiene soms wolris it idee dat ús fak hjir net bestie. En dat wie fansels ek sa. Tsjintwurdich, mei allerhanne opliedings op dit mêd, mei Frysktalige jonge minsken dy’t de toaniel- of klienkeunstakademys yn it lân trochrinne, is der in geweldige kwaliteitsympuls jûn oan it poadiumbarren yn Fryslân.

Tetman en de oaren fan de famylje wiene net wend dat ien fan de ploech op eigen manneboet noch dingen die dy’t mei it fak te meitsjen hiene. Ik waard derop attindearre dat soks net de gewoante wie. Ik wie ien fan it ynstitút en eins wie de bedoeling dat alles wat ik die yn it ramt fan de saak barde. Ik brocht der tsjinyn dat it selskip foar my foarop stie en dat der gjin sprake wie fan dat it iene ta skea fan it oare gong. Boppedat wie it  neffens my yn Hollân in deagewoane saak dat artysten in eigen imago hiene en eigen aktiviteiten en dêrby dochs, jier yn jier út, fêst mei-elkoar oparbeiden. En salang as ik gjin dingen die dy’t folslein ôfwykten fan wat ik by Tetman stie te dwaan, soe it selskip der dochs gjin inkeld neidiel fan ûnderfine? Krekt oarsom!

Wy kamen der net út. En dat begriep ik ek wol. Dit selskip wie in begryp, op grûn fan in geweldige gefoelstradysje. En it gong no om it gefoel. Wy kamen der net út en gongen útelkoar yn de strange winter fan 1963.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 26-27.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]