Feriene steaten

BOUKE VAN DER HEM – 

Yn de shuttlebus dy’t ús fan it ûnmjitlik ynleverterrein foar hierauto’s brocht nei de terminal op it fleanfjild, song Frank Sinatra ús by wize fan ôfsluting nochris ta. Inkele wiken earder wie it al mei old blue eyes begûn, yn de kabines fan de frijwat steatige breakfastroom – búnlearen meubilêr, sfearferljochting, sulveren servethâlders – fan it earste hotel krigen we inkeld hím te hearren, mei it hinderlik gesketter fan in protte blaaswurk der op ta (as oft dit lân net de prachtichste popmuzyk fuortbrocht hat). Sjesa, de toan is set!

Ik frege my úteinlik ôf oft de tiid soms yn Amearika skoft holden hie, wienen wy yn de foarbye, gleonhite wiken troch in lân-yn-parkearstân crosst?

Om te begjinnen: nei bûten ta mei it dan as feriene optrede, thús it is net ien lân, de ferskillen binne noch folle grutter as it tal stars en stripes yn de flagge. En dan ha wy it noch even net oer lânskip en klimaat. Nee, yn it bûtenlân stimme se as ien, fleane nei de moanne en smite bommen as USA, litte har bewûnderje of feroardiele as in grutmacht, mar de binnelannen foarmje in biddeltekken, in soadsje op syn minst, in smeltkroes op syn bêst, ymmigraasjelân by útstek.

Ik ha myn hiele libben al it mier oan boskwachters, mar wannear’t hja dan ûnder baarnende sinne trochjeuzelje oer alles wat groeit en bloeit en ons altijd weer boeit, om by yn ‘e sliep te fallen.

As je yn California de auto hiere mei de byrider it stjoer yn buorsteat Nevada oernimme, mar oarsom hie dat net samar mocht. En dan is dat noch mar in ûnskuldich foarbyld; it wurdt al wat oars as it tusken steaten giet om grut ferskil yn geloof, kultuer, ras of polityk en bygefolch yn regels omtrint abortus, seksualiteit, belestingen, wurkleazens, drank, drugs, wapens of something like de deastraf. En as in part fan dy ferskillen likegoed bínnen ien-en-deselde steat opspylje ha jo in dûbeld probleem; of in uterst nijsgjirrige rûnreis.

It mocht dan sa wêze dat ik mei dizze reis de naasje oandie dy’t der begjin jierren ’70 ‘skuldich’ oan wie dat ik militêre tsjinst wegere, of krekter sein: dat ik militêre herhalingsoefeningen wegere, der wie nei safolle jierren neat konkreets te merken fan wat my doe ta sok ferwar brocht. De hekel dy’t ik doe oan de yankees krigen hie, oan dy bûnsgenoat- fjochtersbazen: neat derfan kaam wer boppe. Ik fûn it no freonlik folk, oprjocht benijd nei jins lân, bliid dat wy ris nei har ta kamen. Sy wienen frijwat skeptysk wurden oer in eigen rol, om mar net te sprekken fan in nije missy op it wrâldtoaniel. Nettsjinsteande dat it benammen op bûtenlânske tv-stjoerders al de hiele dei gong oer harren foartou yn de striid tsjin ISIS. Oan dy kant wie der wat dat betreft yn praktyk dus minder feroare as by my. Blykber wie ík it dy’t wer wat de oare kant opskode: yn Indo-China draaide it destiids – fûn ik – om dwersferkearde machtspolityk, hjoeddeis mei om my yn it Midden-Easten geloofsekstremisme mei bommen en byneed boots on the ground opkeard wurde…

Dus ek wat dat oangiet ferskeat ik ûnder de reis sawat fan kleur.

Wy ferkearden yn in lân fan utersten en tsjinstellings, fan ûnferwachte tafallers en ôfknappers: sa lizze yn de stêden foaroer bliere, outgoing minsken de ûntelbere skoaiers, ferrifelt it moadieuze publyk jin mei de freeslikste ytgewoanten, hingje yn de pizza-factory posters tsjin it pesten en binne yn dat ramt 5 praktyske oanwizings op it servet ôfprinte! Of nim no it casinohotel yn Las Vegas: dêr litte se je mei sin de koffers slepe tusken de spyltafels troch. De natuer en benammen de nasjonale parken: de siken besette jo! Mar foar my waard it dan faak wer bedoarn troch einleas ratteljende rangers, ik ha myn hiele libben al it mier oan boskwachters, mar wannear’t hja dan ûnder baarnende sinne trochjeuzelje oer alles wat groeit en bloeit en ons altijd weer boeit…, om by yn ‘e sliep te fallen (as de houten bank fan it solartreintsje soks talitte soe).

Net elk rintmasterskip beteart dus goed, sa moat hjir foar Lake Havasu City perfoarst in negatyf reisadvys ôfjûn wurde: dêr hat men it bestien en kwak in Dubai-oan-de-Colorado del. Evensagoed sil in Amerikaan sok negatyf praat ôfdwaan mei skouderslûken: why not?, as folk der niget oan hat is der ommers in merke foar.

De gesellige sjauffeur anneks mikrofoanist begûn mei elkenien yn har minibus op rige te freegjen nei de nasjonaliteit. Om der ferfolgens in yell mei yn te studearjen. Wy wienen nei in stel út Banga Dash – se ferstie dy lju sa gau net rjocht – oan bar; ik haw it der op weage en wegerje opnij tsjinst; nei dizze fersetsdied de eardopkes net wer yn dien. Dus freegje my net wêr en mei wa Sharon Stone wenne, it kin boppe-yn it ferinnewearre Hollywood Hills wêze, mar wjerskynliker is it lommerike Beverly Hills. De highlight-stop wie dêr ek, dat wit ik om’t er ekstra lang duorre en ik nei ôfrin meikrige dat Michael Jackson on the spot yn ‘e sikenauto droegen wie, yntusken al foar draaiende kamera’s en it wite lekken oer…; sneu.

Amerikanen love to love. Dat merk je oan de Vietnam-memorials likegoed as op de Walk of Fame, dêr’t A- en B-artysten troch mekoar hinne yn kalk en semint eare wurde. En sadree’t foar in tredderangs mar in oanbefellingskomitee plus genôch jild bymekoar socht is, kuiert it folk tenei ek oer syn tegel hinne, no problem.

Chauvinisme en gjin ein, de wrâld wurdt noch it leafst wat oersichtlik holden, as yn de tiid fan fóár Columbus: wat fierderwei leit is blykber oer de râne fallen. It measte fan de eigen berjochtjouwing is dan ek as fan Piet Paulusma, dy’t it waar ophâlde lit by de Lemmer en Kornwerderzand.

Comments
Ien reaksje oan “Feriene steaten”
  1. Jaap Krol schreef:

    Sinatra At the Sands!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.