Ferdinand de Jong wint Rink van der Velde-priis

De fiifde Rink van der Velde-priis is woansdei wûn troch skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum mei it boek It dak fan de wrâld. De literêre priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt foar in boek yn it Frysk of yn in Fryske streektaal dat in breed lêzerspublyk oansprekt. Ek moat it boek yn de geast fan de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde skreaun wêze.

De Jong krige de priis yn it gemeentehûs yn Drachten út hannen fan wethâlder Ketelaar fan Smellingerlân. De winner krijt 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwyk.

Boarne: Omrop Fryslân

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organissearret 'live'-moetingen.