Feike Feikema / Frederick Manfred (1912-1994)

GEART VAN DER MEAR –

‘Frysk’ skriuwer yn Amearika: ‘An oversized Frisian hypotenuse’1
Doe’t sa om âld en nij fan 2008 hinne myn frou mij frege oft ik noch in aardich Frysk boek te lêzen hie, tocht ik: lit har mar Dit is it jier lêze fan Frederick Manfred (foar De Fryske Bibleteek as nr. 109 yn twa dielen ferskynd bij Laverman). Dat boek hie ik doedestiids, yn 1967, mei in protte nocht lêzen yn de moaie Fryske oersetting fan Klaes Dykstra (oarspronklike titel This is the year, 1947 en doe noch ferskynd ûnder de namme Feike Feikema). It is neffens it omslach in ‘Fryske boereroman’, mar dan spyljend yn Amearika, sa omtrint 1900-1925, en nèt sa’t de achterflap fermeldt tusken 1880-1930. Doe’t ik dat tsjin myn frou sein hie, waard ik nijsgjirrich wa’t dy Frederick Manfred, alias Feike Feikema (wat hiel wat Frysker klinkt), no eins wie.

Frederick Manfred syn heit waard as Feike Feikes Feikema VI berne yn 1886 yn Tsjom. De earste Feike Feikema wie yn de jierren 1750 in begoedige man, dy’t op de pleats Grut Lankum bij Frjentsjer buorke, mar hij ferlear dy troch de feepest, dêr’t er al syn fee troch kwytrekke. De pake fan Frederick Manfred, Feike Feikema V, wie matroas en troude in sekere Ytsje Andringa, sa’t skynt frijwat tsjin it sin fan har rike famylje, dy’t har dêrom ûntervje liet. Pake Feike V hie dêr sa de smoar oer yn, dat er mei syn Ytsje en de krekt berne Feike VI besleat te emigrearjen nei Amearika. Op Ellis Island hie de ymmigraasje-amtner wat problemen mei de namme Feike Feikema fan pake Feike V – dy woe ha dat er yn alle gefallen in goede Amerikaanske foarnamme krige (dy rare achternamme mocht er hâlde…). Doe’t er hearde dat er út it plak Franeker kaam, sei er, witt’ jo wat: wij neame jo Frank Feikema. Dy namme krige de heit fan Frederick Manfred doe ek. Pake Feike V/Frank kaam nei wat omballingen telâne yn Doon, noardwest Iowa, en hie dêr ferskillende baantsjes, û.o. as mitselder. Hij moat sweard ha dat er noait wer ien wurd Frysk of Nederlânsk prate soe, mar makke wol in útsûndering foar syn eigen mem, dy’t him letter folge wie nei Amearika.

Doe’t beppe Ytsje stoar, waarden har bern ûnderbrocht bij ferskillende famyljes, sa ek de heit fan Manfred, dy’t al ier fan skoalle helle waard en fierder min of mear as analfabeet troch it libben gongen is – en hij liket ek lêst hân te hawwen fan dysleksy (ferl. ek de haadfiguer Pier fan Dit is it jier). Feike VI/Frank troude yn 1911 mei Alice van Engen, in tige fromme frou, en it pear begûn in boerespultsje yn in stik Amearika dat suver noch gjin meganisearre boerebedriuw koe, dus mei hynders en ploegen en wat fee. Frederick Manfred kaam te wrâld op 6 jannewaris 1912, wylst in ferskriklike sniestoarm om it hûs gûlde. Heit Frank stie derop om him Frederick, nei de heit fan syn frou, te neamen en nèt Feike, nettsjinsteande de fûle protesten fan in pear âldomkes, dy’t poerrazend (nei in lange reis om heit Frank omstean te learen) ha woenen dat it ‘Feike VII’ wêze moast. De jonge Frederick liket letter wat de kant keazen te hawwen fan de âldomkes, want syn earste seis boeken liet er ferskine ûnder de namme ‘Feike Feikema’. Fanwege de problemen dy’t dat oplevere bij Amerikaanske lêzers en resinsinten (it waard dan útsprutsen as Fiike Fiikema) hat er yn 1952 syn namme offisjeel feroarje litten yn Frederick Feikema Manfred, en ûnder de namme Frederick Manfred binne dêrnei al syn boeken útjûn, mei ynbegryp fan de Fryske oersetting fan This is the year yn 1966. Hij kaam op dy namme, om’t er útfûn hie dat neffens him de namme Feike oarspronklik betsjutte ‘Frede-man’ en dat betsjut Manfred (‘man fan frede’) ek.

Manfred wie de âldste en langste fan seis broers, allegear om ende bij twa meter lang. Hij koe goed leare en mocht úteinlik studearje oan it bekende Calvin College yn Grand Rapids (yn syn trilogy Wanderlust (1962) is dat ‘Christian College’ wurden). Lykas oare skriuwers út Nederlânske ymmigrantefamyljes (David Cornell de Jong, Meindert De Jong, Peter DeVries) nimt er ôfskie fan it steile, âldwrâldske, ortodokse en konservative kalvinisme, dat sij meibrocht hawwe út Nederlân en dat him (sa’t gauris bart) yn it betreklik isolemint fan ymmigrantefermiddens yn in frjemd lân mei in oare kultuer noch fersterke hie. Dat is ien fan de tema’s yn syn boeken. In oar faak weromkommend tema is hjoed-de-dei eins (wer, of noch) ferrassend aktueel: de manier wêrop’t de (Amerikaanske) minske sûnder respekt foar de natuer rôfbou begiet op dy natuer. Dat tema wie fansels net orizjineel yn in Amearika dat yn de jierren 1930 al teistere wie troch geweldige stofstoarmen fanwege it omploegjen fan de grutte gersflakten. Syn earste boek, The Golden Bowl (1944), lit sterk tinke oan The Grapes of Wrath fan John Steinbeck (1940), it bekende boek oer de famylje Joad, dy’t de ‘dustbowl’ fan Oklahoma ûntflechtet en yn Kalifornië telâne komt. Ek de famylje Thor yn syn earste boek is it slachtoffer fan de droechte en de stofstoarmen. Yn This is the year hat de haadpersoan, Pier Frixen, likemin respekt foar de grûn, dy’t er sûnder werklik begryp te hawwen fan it aard fan dy grûn bewurket en útrûpelet, en hij behannelet syn frou lyksa. Hij ferpoft it om te harkjen nei it advys fan de lânboudeskundige Pederson, dy’t him hieltyd wer warskôget, en hij ferliest dan ek beide oan ’e ein fan it boek: syn pleats en syn frou. Dêr spilet ek noch in oar typysk Manfred-tema trochhinne: dat fan de yndividualistyske minske tsjinoer de mienskip. Op typysk Amerikaanske wize wol Pier himsels rêde, want hij wantrout de oerheid en wol oan ’e ein fan it boek dêr gjin jildlike stipe fan freegje, wat syn bedriuw rêde kinnen hie.

Wat de lêzer net beseffe sil bij it lêzen fan de Fryske tekst yn Dit is it jier, is hoefolle Frysk oft der yn This is the year (1947) stiet. Sa wurdt net allinne syn heit konsekwint ‘Âlde Romke’ neamd, mar der komme ek heale en hiele sinnen yn it Frysk yn foar, en wol it Frysk yn de stavering fan nei 1945 (hij skriuwt û.o. fan en nét fen), wat wol opmerklik is. Ik ha dêrom ûndersteld dat er dêrbij stipe hân hat, al seit syn dochter Freya yn in e-mail dat se dêr neat fan ôf wit; mar se is ek te jong om soks bewust meimakke te hawwen (se is fan 1944). Fia dy âlde Romke skilderet Manfred ús in frijwat mytysk en apokryf byld fan it ‘Âlde lân’ yn ferhalen en ferwizingen. Oan ’e ein fan dat boek jout er dan ek mar leafst sân siden oan glossarium om de Fryske wurden en oare Fryske ferwizingen te ferklearjen. Dêrút kin men opmeitsje dat er grif Uit Frieslands Volksleven fan Waling Dykstra kennen hat, en hij liket ek De Skiednis fan Fryslân fan Douwe Kalma lêzen te hawwen. It Oera Linda Boek moat er ek kennen ha, want dêr hat er wierskynlik de namme Wrâlda wei (de namme fan de heit fan alle goaden), dy’t er letter ek brûkt hat as namme fan syn wenhûs yn Bloomington. Ien fan de lieten dy’t Pier sjongt is ‘Wake up, sleepy head’ (s. 114), wat sterk tinken docht oan it bekende ‘Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn’ fan Waling Dykstra. En sa is der wol mear oan te wizen.

Syn kennis fan it Frysk is opmerklik yn it ljocht fan de opmerking oer syn pake, Feike V, dy’t sweard hawwe soe dat er noait wer Frysk prate woe. It kin hast net oars, as syn heit (dy’t fuort nei syn berte al meigien is nei Amearika) moat thús dochs in protte Frysk leard hawwe en dat ek trochjûn hawwe oan syn âldste soan. Dy koe, neffens syn dochter Freya, ek goed Frysk prate en as er besite fan in Fries krige, mocht er dêr graach in pear oeren mei yn it Frysk petearje. Yn ’e hûs brûkte er ek geregeld in Frysk wurd foar bijgelyks it iten. Sels ferklearret er letter yn in fraachpetear, dat der thús noch in soad Frysk praat waard, ik nim oan om’t fansels syn pake net fan de iene dei op de oare oerstappe koe op it Ingelsk. As âldste soan sil hij thús grif fan alle bern noch it measte Frysk opstutsen ha. Ik hie earst oannommen dat er syn kunde fan it skreaune Frysk foar Dit is it jier faaks oan prof. Bernard Fridsma (fan Calvin College) te tankjen hân hie, mar dy seit dêr yn it Amearikanûmer fan De Tsjerne (1950) neat oer, sterker noch, dy beweart dêr dat er gjin Frysk prate koe, mar no (1950 dus) hurd dwaande is om Frysk te learen. ‘Hy folget alles hwat der yn it Ingelsk oer de Friezen forskynt, en is okkerjiers bigoun mei de stúdzje fan Fryske tael en skriftekennisse,’ sa skriuwt Fridsma. Ut neifraach bij syn dochter Freya blykt dat Fridsma it hjir bij de ferkearde ein hat: ek sij befêstiget dat har heit thús noch aardich wat Frysk leard hie.

Út de list fan boeken dy’t er neilitten hat oan de Universiteit fan Minnesota docht ek bliken dat er in protte niget hie oan Fryslân (dêr’t er ek ferskillende kearen west hat) en it Frysk. Sa fine wij dêr de Fryske kursus fan Bosma-Banning, De Gouden Swipe fan Abe Brouwer, Gysbert Japicx Wirken fan 1936, De Strikel, Op ’t Aljemint fan J.K. Dykstra, de sân dielen fan Douwe Kalma syn Shakespeare-oersettings, in oantal sêgeboeken fan S.J. van der Molen, en Frieslands Dichters fan Wadman, om mar in pear te neamen. Aardich is noch om de troch Rod Jellema (de oersetter fan Fryske gedichten yn Country Fair, 1985) oan him skonken bondel The Lost Faces (1979) te fermelden, mei dêryn de oantekening ‘To Fred Manfred – with loud Frisian salutations and deep respect and the hope that we will meet’ (mei de hantekening fan Rod Jellema). Al dy boeken liket er krigen of oanskaft te hawwen nei 1947, dat hij sil foar de Fryske boarnen brûkt foar This is the year te seil gien wêze op in bibleteek yn Amearika, faaks dy fan Calvin College.

Men soe This is the year ûnder oaren ek in boek oer ynboargering neame kinne, mei de spanning tusken Pier, dy’t folslein Amerikaan wurde wol, en Âlde Romke, syn heit, dy’t yn in soad dingen fêsthâldt oan it ‘âlde lân’ en syn manieren. It is net tafallich, dat oan it begjin fan it boek Pier syn heit en mem fan de pleats reaget, om dan te begjinnen oan syn needlottich-eigenwize manier fan buorkjen, op typysk Amerikaanske wize fol enerzjy, mar sûnder besef  en kennis fan de kwetsberens fan de grûn (yn dy ûnkunde is er fansels noch wòl ien út it ‘âlde lân’). En mei ek, dat ek noch, syn oerurven Fryske steechholligens. Yn ferskate romans is dat in weromkearend tema: de natuer is net in kwea-aardich ding dat oerwûn wurde moat, mar in woldiedige skat, dy’t men hoedzje en noedzje moat (it boek hie dan suver ek wol Grûn en Minsken hjitte kinnen). Mar der is mear: Pier syn probleem is dat er it úteinlik ek ferpoft om folslein Amerikaan te wurden – hij fertrout de ‘echte’ Amerikanen ek net. Sa mislearret er omdat er as yndividualist te wurk giet, wylst de taktyk fan syn âlden ek problemen opropt: dy fan it oerlibjen as hechte etnyske groep, mar dan op in funeste manier: allinne nei binnen ta rjochte.

As yn 1952 de skriuwer ‘Feike Feikema’ beslút om ‘Frederick Manfred’ te wurden, liket dat ek it begjin te wêzen fan in rige boeken – de saneamde Buckskin Man Tales – dy’t neat mear mei Fryslân of it boerelibben te meitsjen hawwe (al skriuwt er dêrneist yn de floppende jierren noch in grut tal fan dy ‘boereromans’). Dy boeken binne folslein Amerikaansk, en yn ien dêrfan, Conquering Horse (1959), spyljend om 1800 hinne, komme sels gjin blanken foar, wat frij unyk is. Dat boek, lykas ek hast alle oare boeken, spilet yn wat troch Manfred bekend wurden is as ‘Siouxland’, it streamgebiet fan de Sioux Rivier, dêr’t Súd-Dakota, Minnesota, Nebraska en Iowa oanelkoar grinzgje – it gebiet dêr’t er opgroeid is en dêr’t er ôfgryslik fan hâldt. De hiele rige Buckskin Man Tales beskriuwt hoe’t tusken likernôch 1800 en 1900 Siouxland feroaret fan in folslein troch yndianen behearske regio yn blank gebiet. It earste boek dat er yn dy rige skriuwt, Lord Grizzly (1954) is wol ien fan syn meast suksesfolle. It boek spilet om 1820 hinne en giet oer in histoarysk figuer, de ‘Mountain Man’ Hugh Glass, dy’t as lid fan in ekspedysje nei Yellowstone oanfallen wurdt troch in grizzlybear mei jongen. Hij wurdt fiif dagen letter wekker út syn koma, lizzend op de hûd fan dyselde bear, mei syn freeslike wûnen ferbûn en mei in brutsen skonk – mar folslein allinne. Letter docht bliken (mar dat wit Glass dan fansels net), dat syn kommandant twa jonge keardels bij him bliuwe litten hat om op him te passen, mar dy wienen útnaaid doe’t in ploech fijannige yndianen te ticht yn ’e buert kaam. Wat dan folget (en der wurdt beweard dat it histoarysk is) is net te leauwen: Glass – poerrazend om dy ynbreuk op de koade fan de wyldernis – slagget it om nachts krûpend ûnder de beskerming fan de bearehûd earst de Cheyenne-rivier te berikken, in ôfstân fan mear as 160 km, wat him twa moanne kostet, om dêrnei op in flot oer dy rivier Fort Kiowa te berikken, wat 330 km fier is. Glass fynt lang om let dy twa keardels dy’t de koade fan de wyldernis ferret hawwe en wol har dêrom út wraak fermoardzje, mar lit him troch oaren en himsels bij einsluten oerreedzje om har te ferjaan. Hij beseft dat er sels ek de regels fan de groep oertrêde hat troch der allinne op út te gean, wat ta de oanfal fan de bear laat hat, en dat syn twa oppassers ek goede redenen hienen om út te naaien: wienen se bleaun dan hienen de yndianen har ûntdutsen en hienen se alle trije dea west. Ek syn ferline (hij hat in soarte fan piraat west en hat letter frou en bern ferlitten) bringt him it besef bij fan syn eigen oertrêding fan sosjale koades, wat him úteinlik ta nederichheid twingt.

Dy krûptocht (de ferneamde ‘crawl’) kin hjir ek symboalysk ferstien wurde as de tocht nei de úteinlike ferheffing ta geastlike ferljochting en selskennis en nederige ferjeffenis. Sa hat it boek, dat sûnder mis in spannende aventuereroman is, dochs ek in nijsgjirrige ûnderlizzende tematyk: Hugh Glass hie sels ek in sosjale koade brutsen, wat er úteinlik beseft. Tagelyk is er as yndividualist dochs wol genôch yn harmony mei de natuer om syn heroyske tocht nei Fort Kiowa te folbringen: hij wit wol safolle fan dy wrâld dêr dat er, sels mei in brutsen skonk, dochs net omkomt fan de honger. De hiele Buckskin Man Tales-rige behannelet it finen fan in plak yn en yn harmony mei de wrâld (sawol de sosjale as de fysike wrâld). Conquering Horse, om 1800 hinne spyljend, is folslein út it perspektyf fan de yndianen (de Yankton Sioux) skreaun en as sadanich foar in westerling o sa ferfrjemdzjend. De jonge yndiaan dy’t earst noch ‘No Name’ hjit, siket en fynt úteinlik syn ‘siele’ (en krijt sa in namme) troch in ‘fisioen’ dat him ien wurde lit mei de wrâld (fan minske, dier en natuer) en de rin fan de skiednis. Dat mystike opnommen wêzen yn de wrâld om ús hinne en de rin der dingen giet yn de rin fan de 19e ieu teloar mei it kommen fan de blanke kultuerminske, dy’t loskeppele rekke is fan syn djipste yntuïtive boarnen, en sadwaande net yn mar tsjinoer mienskip en natuer kommen is te stean. Manfred is yn wêzen in mystikus dy’t it paad weromfine wol nei dat oarspronklike ienwêzen mei alle dingen. As Manfred Obe Postma kennen hie, hienen se tegearre grif in moai petear hawwe kinnen (yn it Frysk).

Foar Conquering Horse hat Manfred in protte stúdzje dien, fia skreaune boarnen, mar ek troch fraachpetearen mei de Yankton Sioux-yndianen, dy’t him priizge hawwe om syn ynlibjen yn har tinkwrâld, of alteast dy fan har foarâlden. Foar ús as westerske kultuerminsken bliuwt it boek lykwols wat ûntagonklik. Neffens Manfred hat de kultuerminske it kontakt ferlern mei wat er neamt ‘The Old Lizard’ – de âlde hagedis, dêr’t er it diel fan ús harsens mei bedoelt mei de djipste lagen fan ús ûnderbewuste, foarme yn miljoenen jierren fan evolúsje út de reptilen dêr’t wij fan ôfstamje, en dy’t in minske  it gefoel jaan kin fan ienwêzen mei alle dingen sûnder de ôfstân dy’t it rasjonele yntellekt tusken ús en de wrâld om ús hinne skept. De yndianen soenen dêr dan noch wol tagong ta hân hawwe. Ik freegje mij, mei oaren, ôf hoe idealisearre oft de yndiaan hjir delset wurdt, en ek, mei oaren, bin ik bang dat it ferhaal yn dit soarte boeken lijt ûnder it boadskip dat it útdrage moat. Ien kritikus seit sels planút dat Manfred úteinlik dochs wurden is wat syn mem sa graach woe dat er waard: in ‘preacher’, in dominy. Dochs bliuwt Conquering Horse in opmerklik en unyk boek.

Green Earth (1977), om ta beslút werom te kommen op syn boereromans, wurdt troch guon as syn masterwurk beskôge. Ek dat is in ‘farm novel’. It boek beskriuwt de jeugd fan Alfred Alfredson sawat fan 1909 oant 1929 en is wol it meast autobiografyske fan Manfred syn boeken. Alfred (‘Free’ neamd) is foar in grut part Manfred sels (Alfred Alfredson ó Feike Feikema! Beide ha de stam ‘frede’ yn har), en ek foaral de mem wurdt dêr mei grutte waarme leafde tekene, nêst de heit en syn broers en omkes (de namme fan de mem yn it boek, Ada Engleking, hat ek in protte fan har echte namme, Alice van Engen, en se stjert yn it boek op deselde dei as de echte mem). It boek is, lykas alle ‘farm novels’, breed fan palet en episoadysk fan bou, mei in grutte oandacht en leafde foar detail yn beskriuwingen, dêr’t Manfred faak o sa byldzjend en ryk Ingelsk brûkt: ‘plot’ – yn de sin fan in spanning oan it begjin dy’t oan ’e ein oplost wurdt – wie net syn sterkste punt. It is werklik in prachtige evokative beskriuwing fan it plattelân yn ‘Siouxland’ oan it begjin fan de foarrige ieu. It djippe simpele ortodokse kalvinisme, dat nei binnen ta sa’n gefoel fan waarme feilichheid jaan kin, wurdt dêr sûnder soerens beskreaun fia de figuer fan dy ûnferjitlike mem, wêrtroch’t dat nei binnen kearde kalvinisme yn leafdefol weromtinken mar sûnder sentimintelens o sa ierdsk en mei djip respekt delset wurdt, mei syn bibellêzen en gebed foar en nei it iten, de kristlike skoalle, it fraachlearen, de tsjerkegong en de dominys, sûnder karikatuer, mei al syn deugden fan ûnderlinge leafde en tawijing en ek al de ûndeugden fan in al te simpel begryp fan de wrâld. As der ien boek is út it wurk fan Manfred dat it noch ris fertsjinnet om fertaald te wurden nêst Dit is it jier, dan is it wol Green Earth, ek al omdat it oer in Fryske famylje giet, dêr’t Uncle Big John sit te lêzen yn Reamer en Sape fan Gysbert Japicx (s. 29-30) en de pake (‘Grampa’) in buordsje oan de muorre hat mei de tekst ‘Sjuch, God is great en wy bigripe him net’ (s. 180) – in tekst dy’t de agnostikus Manfred letter ek op in boerd hingjen hat oan syn lêste hûs Roundwind yn Luverne, Minnesota. ‘Agnostikus’ is – ek op grûn fan wat syn dochter Freya mij meidield hat – op it stik fan godstsjinst faaks de bêste omskriuwing fan Manfred, dy’t altyd mei myldens weromtocht hat oan dat ortodokse fermidden dêr’t er ôfskie fan nommen hie mar dat er net hate hat. Frederick Manfred, of Feike Feikema, dy’t ferskillende kearen nominearre west hat foar de Nobelpriis … mar dy noait krigen hat.

 

Neiskrift: de boeken fan Feikema/Manfred binne yn Europa dochs wol fierhinne ûnbekend bleaun en dêrom ek net maklik te besetten. Yn Amearika binne se allegear noch wol antikwarysk te krijen (der skynt gjin boek mear ‘in print’ te wêzen), meastal fia it ynternet (www.AbeBooks.com), mar dan komme der fansels aardich wat ferstjoerskosten bij. Yn Nederlânske bibleteken binne se amper te finen, ôfsjoen fansels fan de Fryske oersetting Dit is it jier.

 

Noat:

1. Sa neamd omdat er mei syn lingte fan 2 meter allinne mar yn it útfanhûzersbêd fan in freon sliepe koe troch skeanoer te lizzen.

 

Brûkte boarnen:

  • Bratt, James D., Dutch Calvinism in Modern America; A History of a conservative subculture; Eerdmans, Grand Rapids, 1984.
  • Dykstra, Klaes, ‘Dit wie (my) it jier!’; De Strikel, jg. 1967: s. 104-5.
  • Fridsma, B., ‘De literatuer fan Fryske lânferhuzers yn Amearika’; De Tsjerne 1950 (Amearika-nûmer): s. 27-36.
  • Manfred, Freya, Frederick Manfred. A Daughter Remembers. A Literary Memoir; Minnesota Historical Society Press, Sint Paul, 1999.
  • Nelson, Nancy Owen (ed.), The Lizard Speaks. Essays on the Writings of Frederick Manfred; The Center for Western Studies, Sioux Falls, 1998.
  • Sikkema, Marten, ‘Monumintael wurk fan in Amerikaen út Fryslân’ [besprek fan Dit is it jier], LC 1968, 2 okt.
  • South Dakota Review, Fall 2000, Vol. 38, Number 3, Celebrating Frederick Manfred [spesjaal nûmer wijd oan Manfred].
  • Wright, Robert C., Frederick Manfred; Twayne Publishers, Boston, 1979.
  • Wright, Robert C., ‘Frederick Manfred’, yn: A literary history of the American West / sponsored by Western Literature Association (U.S.); Texas Christian University Press, Fort Worth, 1987; s. 792-805.

en mei tank oan Jurjen van der Kooi foar it neisykjen fan de boarnen yn de ‘glossary’ achter yn This is the year en dochter Freya foar it jaan fan inkelde ynljochtingen en it tastjoeren fan in foto fan har heit.

 

Boeken fan Feike Feikema / Frederick Manfred

 

Ûnder de namme Feike Feikema

 

The Golden Bowl, 1944, revisearre yn 1969 ûnder de namme Frederick Manfred.

Boy Almighty, 1945.
This is the Year, 1947, letter ûnder de namme Frederick Manfred, 1979.
The Chokecherry Tree, 1948, letter revisearre ûnder de namme Frederick Manfred 1961.
The Primitive (earste diel “World’s Wanderer” trilogy), 1950.
The Brother (twadde diel “World’s Wanderer” trilogy), 1950.
The Giant (tredde diel “World’s Wanderer” trilogy), 1951.

 

Under the name Frederick Manfred

 

Lord Grizzly, 1954.
Morning Red: A Romance, 1956.
Riders of Judgment, 1957.
Conquering Horse, 1959.
Arrow of Love, 1961.
Wanderlust (befettet de revisearre teksten fan The Primitive, The Brother en The Giant), 1962.
Scarlet Plume, 1966.
The Man Who Looked Like the Prince of Whales, 1965, publisearre as The Secret Place, 1967.
King of Spades, 1966.
Winter Count: Poems, 1934-1965, 1966.
Eden Prairie, 1968.
Apples of Paradise, and Other Stories, 1968.
Lord Grizzly: The Legend of Hugh Glass (‘screenplay’; basearre op Lord Grizzly), 1972.
Conversations with Frederick Manfred, fraachpetearen troch John R. Milton, 1974.
The Manly Hearted Woman, 1976.
Milk of Wolves, 1976.
Green Earth, 1977.
The Wind Blows Free: A Reminiscence, 1979.
Son of Adam, 1980.
Buckskin Man Tales (mei Lord Grizzly, Conquering Horse, Scarlet Plume, Riders of Judgment en King of Spades), fiif dielen, 1980.
Dinkytown, 1984.
Prime Fathers: Portraits, 1987.
Winter Count II: Poems, 1987.
Selected Letters of Frederick Manfred, 1989.
Flowers of Desire: A Novel, 1989.
No Fun on Sunday: A Novel, 1990.
Of Lizards and Angels: A Saga of Siouxland, 1992.
Duke’s Mixture, 1994.
The Frederick Manfred Reader, besoarge troch John Calvin Rezmerski, 1996.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.