de Moanne Poadium foar bydragen oer kultuer en de keunsten 2018-09-24T03:02:04Z http://www.demoanne.nl/feed/atom/ WordPress Sito Wijngaarden http://www.demoanne.nl/ <![CDATA[Nûmer 5]]> http://www.demoanne.nl/?p=15019 2018-09-21T07:19:21Z 2018-09-24T03:02:04Z De Lêzende Mins, Franciska Stasse Redaksjoneel Kollum, Karen Bies Kollum, Koos Tiemersma It bêste fan deMoanne.nl Byldzjende keunst, Karlijn Vermeij, B.C. Epker Poëzij, Simon Oosting, Kin in bierblik de heuvel oprôlje? Ynterview, Karen Bies, Ismaël Lotz Byldzjende keunst, Dirk van Ginkel, Han Steenbruggen Ynterview, Bert de Jong, Sietske Poepjes Oersetting, Jantsje Post, Niemand ist bei […]

Het bericht Nûmer 5 verscheen eerst op de Moanne.

]]>
De Lêzende Mins, Franciska Stasse
Redaksjoneel
Kollum, Karen Bies
Kollum, Koos Tiemersma
It bêste fan deMoanne.nl
Byldzjende keunst, Karlijn Vermeij, B.C. Epker
Poëzij, Simon Oosting, Kin in bierblik de heuvel oprôlje?
Ynterview, Karen Bies, Ismaël Lotz
Byldzjende keunst, Dirk van Ginkel, Han Steenbruggen
Ynterview, Bert de Jong, Sietske Poepjes
Oersetting, Jantsje Post, Niemand ist bei den Kälbern
Ynterview, Arjan Hut, Baukje Zijlstra
Marboei, Remco de Vries, In dûk yn ‘e mar mei Jacobus Q. Smink
Poëzij, Jacobus Q. Smink, De Snitser mar oer
Ynterview, Rynk Bosma, Jan de Vries
Resinsje, Riemer Janssen, Wat is recht?
Proaza, Aggie van der Meer, Rinne oer it wetter
Ynterview, Marita de Jong, Joris Hoebe
Resinsje, Jelle van der Meulen, Ferdwûn yn Dútslân
Portfolio, Ton Groot Haar
Kollum Tatiana Pratley

 

 

In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00.

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Het bericht Nûmer 5 verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[In wat meagere knypeach foar ikoan Rense Westra]]> http://www.demoanne.nl/?p=15013 2018-09-21T11:25:36Z 2018-09-21T11:25:36Z RYNK BOSMA –  De lêste fyftjin jier fan syn libben wenne Rense Westra (1946-2015) yn it wetterdoarp Warten. En neffens it ferhaal paste dat doarp in bytsje op Westra want de akteur wie op it mêd fan de drank bepaald in ‘baas boppe baas’. Yn it jier fan LF2018 is it net sa nuver dat […]

Het bericht In wat meagere knypeach foar ikoan Rense Westra verscheen eerst op de Moanne.

]]>
RYNK BOSMA – 

De lêste fyftjin jier fan syn libben wenne Rense Westra (1946-2015) yn it wetterdoarp Warten. En neffens it ferhaal paste dat doarp in bytsje op Westra want de akteur wie op it mêd fan de drank bepaald in ‘baas boppe baas’. Yn it jier fan LF2018 is it net sa nuver dat it idee betocht waard in teäterfoarstelling oer Westra te meitsjen en dat op te fieren yn de Herfoarme tsjerke, op it tsjerkhôf om de tsjerke hinne hat Westra syn lêste rêst fûn.

Nei in heal oere steane je as taskôger yn betizing wer bûtendoar mei mear fragen, as doe’t je in heal oere earder de tsjerke ynstapten.

Dus leit it foar de hân dat tidens de Wartenster Wetter Wille dagen der yniens in foarstelling is dy’t mei de nijsgjirrige namme ‘In ikoan mei in knypeach’ opfierd wurdt. In ‘oade’ oan de akteur Westra, sa stiet der by.  Tsjam Epema is de regisseuze en sy hat yn har jonge jierren mei Westra op de planken stien. Komt noch by dat Westra ek it nedige dien hat foar de pleatslike toanielferiening. Dat alles makket nijsgjirrich nei de foarstelling fan in heal oere dy’t earder ôfwiisd waard foar it projekt Under de Toer.

It docht fansels frjemd oan as je by de tsjerkedoar twa Dútske soldaten foarby moatte om dêrnei yn tsjerke te lústerjen nei dy dochs sa moaie soldatenlieten. Om’t Westra fan 1946 is, sitte je te betinken wat de Twadde Wrâldkriich no mei Westra te krijen hat. Want litte wy earlik wêze, de ferwachting wie in foarstelling oer it libben fan de akteur, ek al om’t oankundige wie dat soan Berry in grutte rol spile hie by it oanleverjen fan it materiaal.

Dy kant gie it dus net út, op de bousels foar de preekstoel stienen trije dames dy’t de evergreen Working for the Yankee dollar songen. Nei it al like klassike Lili Marleen  kaam Westra yn byld op in grut skerm. As Jelle de fisker yn de film De Fûke fan 2000 nei in boek fan Rink van der Velde út 1966. Bylden sûnder lûd mei de klam op it sa ekspressive gesicht fan Westra. Underwilens feroaren de sjongende soldaten op bân yn beulen en moardners op syk nei ûnderdûkers en dat waard yn de tsjerke mei in sykljocht spile, om der wat spanning yn te bringen. Soenen de ûnderdûkers as kninen yn it ljocht fongen wurde of wie der in útwei. Dy útwei wie der net op it skerm foar Jelle de fisker en syn Bijke, mar dat wisten wy al fansels om’t wy de film ea sjoen hienen en ek it boek lêzen.

Miskien wie dy rol fan Westra yn De Fûke wol syn moaiste en bêste filmrol en waard hy om dy reden fertoand. As in ikoan fan it wite doek, mar dan wol mei in knypeach, want de wierheid rûnom Westra yn it echte libben wie bepaald minder prinsipieel. Of  miskien wie de film yn Warten opnommen, mar ek dat wie net sa. De sênes op it wetter wienen opnaam by De Alde Feanen. De iennige opnames yn Warten wienen binnendoar west, yn in lyts húske by de brêge.

Nei in heal oere steane je as taskôger yn betizing wer bûtendoar mei mear fragen, as doe’t je in heal oere earder de tsjerke ynstapten. Bygelyks de fraach wat no eins de bedoeling west hat mei dizze foarstelling. De Twadde Wrâldkriich sa summier delsette kin net de bedoeling west ha. Dan bliuwt oer de rol fan Westra yn de Fûke en it oare wie allegearre behang om dy filmbylden hinne. Sjoch wat je ek fan Westra sizze kinne, mar it wie wol in ikoan yn de Fryske teaterwrâld. En dan is dy knypeach dochs wat te meager útfallen.

Het bericht In wat meagere knypeach foar ikoan Rense Westra verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[Wosken ear fan Nelson Mandela]]> http://www.demoanne.nl/?p=15008 2018-09-21T06:32:59Z 2018-09-19T10:19:43Z BOUKE VAN DER HEM –  Yn de boppestêd fan Pretoria stiet in kolossaal stânbyld fan Mandela, net mei de fûst omheech mar earder yn in segenjende hâlding. Hy sjocht by wize fan sprekken it hear ûnder him oer, hâldt tafersjoch op it bedriuwige sintrum fan de stêd. En yn syn rêch regearingskantoaren. Sa sil ‘t bedoeld wêze en ek útlein wurde op de populêre hop on/hop off-busstour. Lykwols, doe’t wy der wienen, foel der mar in bytsje te beleven of te besjen: Apeldoorn op in hjerstdei. It moast folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen. It ferhaal wol dat it bewâld der wisberet op tasjoen hat – nei Mandela’s emoasjonele frijlitting (18 fan syn […]

Het bericht Wosken ear fan Nelson Mandela verscheen eerst op de Moanne.

]]>
BOUKE VAN DER HEM – 

Yn de boppestêd fan Pretoria stiet in kolossaal stânbyld fan Mandela, net mei de fûst omheech mar earder yn in segenjende hâlding. Hy sjocht by wize fan sprekken it hear ûnder him oer, hâldt tafersjoch op it bedriuwige sintrum fan de stêd. En yn syn rêch regearingskantoaren. Sa sil ‘t bedoeld wêze en ek útlein wurde op de populêre hop on/hop off-busstour. Lykwols, doe’t wy der wienen, foel der mar in bytsje te beleven of te besjen: Apeldoorn op in hjerstdei.

It moast folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen.

It ferhaal wol dat it bewâld der wisberet op tasjoen hat – nei Mandela’s emoasjonele frijlitting (18 fan syn 27 jierren finzenis) op Robben Island, syn bejubele weryntreden yn de polityk (1994), respektearre weromtreden 5 jier letter en ferstjerren 14 jier dêrnei – dat it stânbyld sjoen waard en bleau as in monumint fan fermoedsoening, foar swart, kleurling en wyt. It moast dêrta folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen: gewoan in grutte man, sûnder opskriften, tierelantyntsjes ensa. Mar as it sa krampachtich moat, sil soks fansels misbeteare en dat barde fuortendaalks, noch foar de ûntbleating.

Yn ‘t foar wie it de útfierend keunstners Janse van Vuuren en Prinsloo ferbean in hântekeninkje te setten, dat mocht sels net yn de seame fan Nelson syn broek. De byldhouwers meie dan yn in kreatyf korset sitten ha, sy lieten har úteinliks net yn it pak naaie: Mandela krige ear’t er oerein set waard in beskaafd behindich, brûnzen knyntsje (‘hasie’ op syn Afrikaansk) yn it rjochter ear ferstoppe. Nimmen dy’t it ommers sjocht, mar it gebaar en gefoel is der neigeraden grutter om. En boppedat: wie it ek net tagelyk in skarlúnske knypeach nei de tûzen hasten, wêryn’t sy it wurk dienmeitsje moasten?

In dei nei de begraffenis waard it byld ûntbleate.

En daalk by ûntdekking waard it ear fan hegerhân wer frijmakke: it symboal fan de anty-apartheid soe yn elk opsicht neutraal – en sadwaande yn sekere sin anonym – op syn sokkel stean bliuwe!

Goed besjoen in gotspe. Mar dat lêste – kritysk beskôge – ek wer net hielendal. Syn duo-presidintskip mei Frederik de Klerk boude fierder op de ôfskaffing fan de apartheid, dat as in ‘ûnûntkomber merakel’ falt te bejubeljen. Mar fierders koe der net safolle ta stân brocht wurde of it moast yn tige lytse stapkes. Dat sadwaande sit de grutte ynfloed ‘m net yn de ynhâld fan it krewearjen as presidint, mar yn de symboalfunksje fan: finzen swarte strider dy’t it ta presidint brocht. En sa besjoen siet it polityk hichtepunt fan Mandela yn de earste tel fan syn frijlitting. Watte: de monumintale man wie doe al 75 jier!

Tsjintwurdich kinne jo – as je gelok hawwe en it tripke net folboekt is – hop on/hop off Robben Island dwaan, wilens de Tafelberg fotografearje, it balkon yn Kaapstêd spotte dêr’t er syn earste frije taspraak hold en him dêrby alle ear jaan.

Het bericht Wosken ear fan Nelson Mandela verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[Oprop noardlike filmargiven]]> http://www.demoanne.nl/?p=15003 2018-09-17T08:31:22Z 2018-09-17T08:31:22Z ARJAN HUT – De trije noardlike filmargiven ha yn ‘e mande mei Lân fan Taal in oprop dien oan kreativelingen om in plan yn te tsjinjen foar in optreden op it Noordelijk Film Festival. It doel is dat ‘performers’ har útdaagje litte troch it byldmateriaal yn it Fries Film Archief (FFA) en har Drintske en […]

Het bericht Oprop noardlike filmargiven verscheen eerst op de Moanne.

]]>
ARJAN HUT –

De trije noardlike filmargiven ha yn ‘e mande mei Lân fan Taal in oprop dien oan kreativelingen om in plan yn te tsjinjen foar in optreden op it Noordelijk Film Festival. It doel is dat ‘performers’ har útdaagje litte troch it byldmateriaal yn it Fries Film Archief (FFA) en har Drintske en Grinslanner wjergaders.

Wy stjoere oan op in middei mei optredens út safolle mooglik ferskillende dissiplines. Dichters, muzikanten, kabaretiers, it kin alle kanten út.

“It is gjin wedstriid”, ferdúdliket Syds Wiersma fan it FFA. De dichter is ien fan de sjueryleden dy’t de ynstjoerde ideeën hifkje sille.

“Wy stjoere oan op in middei mei optredens út safolle mooglik ferskillende dissiplines. Dichters, muzikanten, kabaretiers, it kin alle kanten út. In pear jier lyn, yn 2013, ha wy mei de oare argiven alris in dichtersbattle organisearre, ek op it NFF. Dichters treden doe op mei wurk oan de hân fan histoaryske filmbylden. Melvin van Eldik wie de presintator, en der wiene ûnder oaren foardrachten fan Sannemaj Betten, Sieger Geerdsma út Grins en Ria Westerhuis út Drinte.”

“Yn oanrin nei dit Kulturele Haadstedjier woene wy ek graach wat dwaan yn ‘e mande mei Lân fan Taal. Byldtaal is ek in taal fansels, mar wat in dichter of spoken word-artyst docht ynspirearre op byldmateriaal jout dêr wer in ekstra diminsje oan. It moat yn alle gefallen net in praatsje by in plaatsje wurde.”

De middei sil op sneon 10 novimber ûnder it filmfestival wêze yn Neushoorn. De dielnimmers krije in fergoeding fan 300 euro foar harren ynspannings.

Foar hoefolle artysten is der plak? “Wy stjoere oan op trije kandidaten út alle trije noardlike provinsjes, in stik as njoggen dus.”

En rint it wat mei de ynstjoeringen? “Op dit stuit binne der út Fryslân al trije plannen ynstjoerd, en ik wit fan guon dat se mei in útstel dwaande binne. Fan wat ik dêrfan hear, binne it tige útienrinnende plannen.”

En as dyn plan útsocht wurdt? “Dan geane wy earst ris om tafel sitte mei de ynstjoerder. Wat wolsto dwaan, watfoar byldmateriaal sikesto dêrby? Miskien hat ien al in bepaalde film of in byldop it each, mar dat hoecht dus net.”

Hiest sels net meidwaan wollen ynstee fan yn de sjuery? “Haha, ja, men betinkt soks net om de nocht fansels, ik fyn it wol leuk. Miskien as der net genôch ynstjoerings komme en der in plakje oerbliuwt. Mar safier sil it tinkt my net komme.”

Wa’t noch in plan ynstjoere wol, kin dat dwaan oant kommende tongersdei 20 septimber by it Fries Film Archief.

Het bericht Oprop noardlike filmargiven verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[Ik leau net datte wy soks sizze]]> http://www.demoanne.nl/?p=14999 2018-09-13T19:27:24Z 2018-09-14T08:26:14Z HENK WOLF –  As it ûnderwerp fan in bysin do is, dan feroaret it bynwurd dat yn datst. Wy sizze ommers net ‘Ik hoopje dat do komst’, mar ‘ik hoopje datsto (= datst do) komst’. Dat it bynwurd him oan it ûnderwerp oanpast, is net sa ûngebrûklik. De oanpassing oan it wurdsje do fine wy […]

Het bericht Ik leau net datte wy soks sizze verscheen eerst op de Moanne.

]]>
HENK WOLF – 

As it ûnderwerp fan in bysin do is, dan feroaret it bynwurd dat yn datst. Wy sizze ommers net ‘Ik hoopje dat do komst’, mar ‘ik hoopje datsto (= datst do) komst’.

Dat it bynwurd him oan it ûnderwerp oanpast, is net sa ûngebrûklik. De oanpassing oan it wurdsje do fine wy ek yn it Grinslânsk. Sa fine wy yn de Grinslânske Bibeloersetting: ‘zörg dastoe hail dag deur in ontzag veur de HEER leefst’.

Yn it Flaamsk past it bynwurd him maklik oan it ûnderwerp ik oan. It feroaret dan bygelyks fan dat yn dak. It folgjende foarbyld haw ik op it Internet fûn: ‘en dan weet ik nie meer waar dak ik de laatste keer iet geschreven at’.

Der binne ek dialekten dêr’t dat him oan it meartal oanpast. It feroaret dan yn datte. Sa wurdt yn de Noard-Hollânske streek West-Fryslân sein: ‘Hai zee, datte ze niet meeginge.’ Yn it Grinslânsk is sa’n foarm ek fûn, lykas yn in soad oare dialekten. Yn it Nederlânsk kin elkenien him wol út it ferske ‘en datte me (=we) toffe jongens zijn, dat willen me weten’.

Yn it Frysk skynt dat meartallige datte ek te bestean, of alteast bestien te hawwen. De Fryske Akademy hat yn 1993 in dialektenkête holden. Dêr die út bliken dat der doe aardich wat Friezen wienen dy’t sinnen brûkten fan it type ‘ik leau net datte wy soks sizze’, dus mei ‘datte’ ynstee fan ‘dat’. Ik ha de kaartsjes fan de Akademy krigen en mei se brûke, dêr’t ik tige wiis mei bin.

It kaartsje is as yllustraasje by dizze taalsnipel opnaam. Der is op te sjen dat it bynwurd ‘datte’ foaral yn de eastlike helte fan de provinsje yn gebrûk wie/is. It mei my lykwols net heuge dat ik it oait heard ha. Ik ha ferskate kenners fan it Frysk frege oft dy de foarm út de praktyk of út de literatuer koenen, mar se seinen allegear fan nee.

Dêrom myn fraach: binne der minsken dy’t dy foarm ‘datte’ brûke of him heard ha? Assosjearje Friezen him mei in beskate streek? Of is it miskien doch in spoekkaartsje?

Het bericht Ik leau net datte wy soks sizze verscheen eerst op de Moanne.

]]>
3
Robea Kleisma <![CDATA[Utsetterke]]> http://www.demoanne.nl/?p=14993 2018-09-11T19:52:57Z 2018-09-12T08:37:21Z ARJAN HUT –    Op ‘e dyk, de bern boartsje útsetterke it nije ferstopperke elkenien krijt in nasjonaliteit fan in lân dêr’t er noait west hat dan útnaaie foar de pakker dy ropt ‘geloksiker geloksiker wêr sitste’ dêrop sjongt de hiele buert in koar fan tûzen kielen wy sitte OERAL!

Het bericht Utsetterke verscheen eerst op de Moanne.

]]>
ARJAN HUT – 

 

Op ‘e dyk,

de bern boartsje útsetterke

it nije ferstopperke

elkenien krijt in nasjonaliteit

fan in lân dêr’t er noait west hat

dan útnaaie foar de pakker

dy ropt

‘geloksiker geloksiker wêr sitste’

dêrop sjongt de hiele buert

in koar fan tûzen kielen

wy sitte OERAL!

Het bericht Utsetterke verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[Kunst kopen, hoe doe je dat?]]> http://www.demoanne.nl/?p=14990 2018-09-10T11:32:47Z 2018-09-10T11:32:47Z DIRK VAN GINKEL –  Tijdens de kunstbeurs Art Noord in Museum Belvédère geven de kunstverzamelaars Oscar van Gelderen en Manuela Klerkx op zaterdag 29 en zondag 30 september twee workshops over het kopen van kunst. Hoe doe je dat als particulier? Ook interviewen zij de twintig aanwezige galeriehouders op diezelfde dagen.   We krijgen zoveel […]

Het bericht Kunst kopen, hoe doe je dat? verscheen eerst op de Moanne.

]]>
DIRK VAN GINKEL – 

Tijdens de kunstbeurs Art Noord in Museum Belvédère geven de kunstverzamelaars Oscar van Gelderen en Manuela Klerkx op zaterdag 29 en zondag 30 september twee workshops over het kopen van kunst. Hoe doe je dat als particulier? Ook interviewen zij de twintig aanwezige galeriehouders op diezelfde dagen.

 

We krijgen zoveel vragen: hoe werkt een kunstbeurs, hoe gaat het er aan toe op een veiling, hoe moet ik me in een galerie gedragen?

 

Eerder dit jaar publiceerden Klerkx en Van Gelderen het boek ‘Ontroerend goed. Van kunst kijken naar kunst kopen’. Ze houden lezingen, geven workshops, ze zijn ‘echt op tournee’, zegt Van Gelderen. En hun presentaties voorzien in een behoefte. ‘We krijgen zoveel vragen van mensen: hoe werkt een kunstbeurs, hoe gaat het er aan toe op een veiling, hoe moet ik me in een galerie gedragen? Veel mensen vinden het heel moeilijk om een galerie binnen te lopen of om een galeriehouder op een beurs aan te spreken. Daarom hebben we Museum Belvédère voorgesteld om – heel praktisch – tijdens Art Noord twee workshops te geven over het bezoeken van kunstbeurzen.’

 

Noordelijke regio
In hun boek hebben Klerkx en Van Gelderen een hoofdstuk opgenomen ‘Op kunstsafari in het hoge noorden’. Het is een buitengewoon positief verhaal over het kunstleven in Friesland en Groningen.

‘Wij zijn heel enthousiast over wat hier gebeurt’, zegt van Gelderen. ‘Er wordt door de galeriehouders vaak goed gewerkt en de kunst die hier gemaakt wordt is van hoog niveau. Wij vinden het daarom heel jammer – en onterecht – dat veel kunstenaars uit het noorden buiten de provinciegrenzen niet bekend zijn. Kijk bijvoorbeeld eens naar De Ploeg. Dat is een regionaal gebeuren gebleven, terwijl kunstenaars als Werkman, Wiegers en Alkema internationale allure hebben. Dat geldt voor Sjoerd de Vries eveneens. De kunstenaars verdienen beter. Een van de vragen die wij aan de galeriehouders zullen stellen is: wat ondernemen jullie om je kunstenaars een bredere bekendheid te geven?’

 

Onzekerheid
Friesland kent veel galeries en heel veel kunstenaars. Friese kunst is toegankelijk, herkenbaar, menselijk, dicht bij huis en helemaal niet zo duur. Interessant genoeg dus om als particulier een verzameling mee te beginnen, zou je zeggen.

‘Helemaal mee eens. Maar dan moet een potentiële koper wel eerst contact leggen met een galeriehouder. En daar zit ‘m vaak het probleem. Mensen zijn onzeker over hun eigen smaak, voelen zich tekort schieten in kennis, denken dat kunst superduur is, of ze worden afgeschrikt door het kunstzinnige dieventaaltje van galeriehouders op websites. En als je je op voorhand buitengesloten voelt, zet je die stap niet zo snel. Daar willen we wat aan doen. We zijn ervan overtuigd dat veel meer mensen kunst zouden kopen als de communicatie met de galeriehouders niet zo moeizaam zou verlopen. Daar kunnen die galeriehouders wat aan doen, maar particulieren zelf ook.’

 

Gewoon vragen stellen
In de workshops willen Klerkx en Van Gelderen mensen tips geven over hoe ze een beursbezoek zouden kunnen aanpakken.

‘We gaan het hebben over heel praktische dingen. Is het de bedoeling dat je probeert alles op een beurs te zien, of is het beter om je te concentreren op een paar dingen? Kies je een werk dat je direct aanspreekt of juist een werk waar je nog wat op moet kauwen? Moet je snel beslissen of juist even afwachten? Kun je een optie nemen op een werk en wat betekent dat precies? Dat soort dingen.’

Maar het hete hangijzer dan – het grote mysterie van de kunstwereld – de prijs? Waarom moet een werk kosten wat het kost? De prijs wordt zelden vermeld, je moet ernaar vragen. En dat zijn precaire momenten. Want stel je voor dat jij denkt dat een werk 1.000 euro kost en de vraagprijs blijkt 20.000, dan ontstaat een wat ongemakkelijke situatie. Toch is de truc volgens Van Gelderen: gewoon vragen stellen.

 

Onderhandelen
Van Gelderen en Klerkx geven wel eens rondleidingen op een beurs. Die grijpen zij aan om te demonstreren hoe je als potentiële koper aan je informatie komt.

‘Stel je voor, je staat bij een stand en je hebt belangstelling voor een bepaalde foto. Dan vraag ik: wat kost die? Laten we zeggen 1.500 euro. Dan vraag ik waar die prijs op is gebaseerd. Is het een bekende fotograaf, heeft hij veel geëxposeerd? Wat is de oplage van die foto? Stel: zes. Waarom zes en niet drie? Zijn ze alle op dit formaat of zijn er nog afdrukken op andere formaten verkrijgbaar? Dit soort praktische vragen durven mensen vaak niet te stellen. Maar je moet het wel doen. En je moet ook weten welke vragen je het beste kunt stellen. In het geval van kunstwerken in oplage – foto’s, etsen, gravures, houtsneden, litho’s – zijn de eerste goedkoper dan de laatste, want die zijn schaarser. En, ook handig om te weten, over de prijs valt bijna altijd te onderhandelen. Dit komt allemaal ter sprake in de workshop.’

 

Tien geboden
De koper kan zijn kennis op een hoger plan brengen en hij kan ook leren wat meer op zijn eigen smaak te vertrouwen. Maar kunnen Van Gelderen en Klerkx niet ook een workshop geven aan de galeriehouders? Aan hun opstelling en communicatie kan soms ook nog wel wat verbeterd worden.

‘Er zijn nog steeds galeriehouders die eerst naar je schoenen kijken voor ze je aanspreken. Als kunstliefhebber word je dan eerst gemonsterd, zo van: heeft die meneer wel genoeg geld? Dus ja, we geven ook workshops voor galeriehouders, laatst nog bij de Galerie Associatie. Dat doen we in de vorm van Tien Geboden. En in ons boek besteden we ook ruim aandacht aan ze. We geven galeriehouders tips hoe ze meer met hun tijd mee kunnen gaan. Ze zullen hun gedrag wel moeten veranderen, want sinds de komst van internet wordt hun rol als gids en vraagbaak hard minder. Als je iets wilt weten over een kunstenaar, kun je dat vaak gewoon opzoeken. En steeds meer kunst wordt online verhandeld. Ze zullen zich moeten bezinnen. Daar hoort een andere opstelling bij jegens potentiële kopers.’

 

 

Art Noord wordt gehouden op 27 t/m 30 september in Museum Belvédère. De workshops zijn op zaterdag en zondag van 11.00 tot 11.45 uur. Aanmelden via info@museumbelvedere.nl. De galeriehouders worden aansluitend in het museumcafé geïnterviewd vanaf 12.00 uur.

Het bericht Kunst kopen, hoe doe je dat? verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Sito Wijngaarden http://www.demoanne.nl/ <![CDATA[Mata Hari: Frysk of Nederlânsk?]]> http://www.demoanne.nl/?p=14981 2018-09-07T08:31:37Z 2018-09-07T08:28:17Z GERBRICH DE JONG –  Yn oktober 2016 ferskynde der foar it earst in boek fan de bekende Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho yn it Frysk. It gie om in oersetting fan De spion, oer it libben fan Mata Hari. “In prul fan in boek” neffens Mata Hari-kenner Gert Koopmans. Ik wol it hjir lykwols net ha […]

Het bericht Mata Hari: Frysk of Nederlânsk? verscheen eerst op de Moanne.

]]>
GERBRICH DE JONG – 

Yn oktober 2016 ferskynde der foar it earst in boek fan de bekende Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho yn it Frysk. It gie om in oersetting fan De spion, oer it libben fan Mata Hari. “In prul fan in boek” neffens Mata Hari-kenner Gert Koopmans. Ik wol it hjir lykwols net ha oer de kwaliteit fan it boek, mar oer de kwaliteit fan de Fryske oersetting.

Dy waard makke troch Jetske Bilker en Jantsje Post, beide yn it oersetsâlt bebiten, mar likemin as oare Fryske oersetters thús yn it Portugeesk. Dêrom makken se harren oersetting op basis fan de Nederlânske, makke troch Piet Janssen. Doe’t Bilker en Post begongen mei de put, wie Janssen noch dwaande. Foar alletrije gou dat se hurd moasten, want de bedoeling wie dat de boeken sawat tagelyk op ‘e merk komme soenen. Bilker en Post stienen dus foar twa útdagingen: se moasten hurd én se koenen net earst de hiele tekst trochnimme.

In algemien útgongspunt is dat in oersetter besykje moat om de ynhâld oer te bringen sa’t de skriuwer it sels dien ha soe as hy dy taal behearske. Om yn te skatten oft de oersetter foar dat doel slagge is, moat de oersetting dus ferlike wurde mei it orizjineel. Sa as sein kin dat yn dizzen net. Dêrom ha ik de Fryske oersettingen njonken de Nederlânske oersetting hâlden en doe foel it ien en oar op.

Earst wat achtergrûnynformaasje. Yn Vertalen wat er staat (2008), in wichtich boek foar elk dy’t him mei oersettingen dwaande hâldt, lit Arthur Langeveld sjen dat der fjouwer oersettrúks binne as letterlik oersetten net mooglik is: omsettingen, feroaringen, tafoegingen en weilittingen. In omsetting wol sizze dat de oersetter de wurden yn in  oare folchoarder set. Feroaring wol sizze dat er wurden brûkt dy’t ta in oare wurdsoarte hearre of in oare funksje ha. In tafoeging docht er as er yn de oersetting ynformaasje jout dy’t yn it orizjineel net stiet. In weilitting sjogge we as de oersetter ynformaasje weilit. Doel fan de oersetter is dat er itselde boadskip oerbringt as yn de boarnetekst en dat docht er allinnich op in goede wurden as er wurden kiest dy’t deselde gefoelswearde as dy yn deboarnetekst.

Om dat doel te berikken kin in oersetter ferskillende techniken mei-inoar kombinearje en komt de iene technyk better en faker fan pas as de oare. It is mar krekt wêr’t de boarnetekst om freget. Yn de oersetting fan Bilker en Post falt op dat tafoegingen en weilittingen favoryt binne.

 

We vonden een tafeltje achter in een hoek van het restaurant. (side 52)


We fûnen in taffeltsje achter yn in hoeke. (side 51)

 

 

De sêne spilet yn in restaurant en dat wit de lêzer. Dêrom is de weilitting yn de Fryske ferzje goed nei te kommen. Minder maklik te ferklearjen is de weilitting yn de prolooch, dêr’t de fusillaasje fan Mata Hari yn beskreaun wurdt:

 

‘Klaarmaken!’

De twaalf namen de vereiste houding aan en plaatsten hun geweer tegen de schouder.

Ze vertrok geen spier.

De officier stelde zich op waar de soldaten hem konden zien en hief het zwaard.

‘Richten!’

De vrouw tegenover hen bleef onaangedaan, toonde geen angst. (side 17)

 


‘Reemeitsje!’

De tolve manlju gienen yn ‘e fereaske hâlding stean en leinen it gewear tsjin it skouder.

Mata Hari ferluts net in spier.

‘Rjochtsje!’

Noch hieltyd gjin spoar fan eangst by de frou foar harren oer. (side 17)

 

 

Like lestich te ferklearjen fyn ik:

 

‘We kwamen aan bij het station, Franz gaf me een kuise handkus en smeekte me de eerstvolgende trein te nemen. Het was voor het eerst in mijn leven dat ik zonder bagage reisde; zelfs toen ik in Parijs arriveerde had ik iets bij me.’ (side 104)

‘We kamen by it stasjon, Franz joech my kreas in tút op ‘e hân. Ik reizge foar it earst yn myn libben sûnder bagaazje; sels doe’t ik yn Parys oankaam hie ik noch wat by my hân. (side 102)

 

 

Wêrom binne de hannelingen fan de ofsier en it smeekjen fan Franz yn de Fryske ferzje weilitten? It leit net foar de hân dat se bewust weilitten binne, want it giet net om oerstallige ynformaasje.

It wurdsje ‘noch’ yn it niisneamde fragmint is in tafoeging en yllustrearret de twadde technyk dy’t in soad ynset wurdt troch Bilker en Post. Sokke subtile tafoegingen dogge se gauris. Yn de measte gefallen giet it om tafoegingen dy’t tekstferbannen oanjouwe en dêrom yn skoalboeken mei ‘sinjaalwurden’ oantsjut wurde. In foarbyld:

 

Met een woordenboek in de hand en met heel veel moeite – ook al had ik op school Frans gehad, ik was toch heel onzeker – stapte ik op een meisje af (…) (side 51)

Mei in wurdboek yn ‘e hân en mei in soad muoite – want ek al hie ik it op skoalle hân, ik wie net wis fan myn eigen Frâns – stapte ik op in frommiske ôf (…) (side 50)

 

 

Mei de tafoeging fan ‘want’ meitsje de oersetsters dúdlik dat der ta in taljochting folget. In ûnskuldige tafoeging, want it kin hast net oars of de skriuwer hat sa’n taljochting beëage. Minder wis fyn ik dat yn it fragmint hjirûnder, dêr’t de oersetsters in tiidspesifikaasje tafoegje dy’t der by Janssen net stiet:

 

Ik verliet het kantoor van Kramer met alles wat ik nodig had: geld, twee paspoorten en vrijgeleides. (side 117)

Even letter stie ik wer bûten mei alles wat ik nedich hie: jild, twa paspoarten en frijbrieven. (side 114)

 

 

In oar ferskil op wurdnivo tusken de Nederlânske en de Fryske edysje hat te meitsjen mei wat yn de taalkunde ‘partikels’ neamd wurde. Dat binne wurden as ‘gewoan’, ‘mar’, ‘wol’ en ‘ek’, dy’t benammen yn de sprektaal in soad brûkt wurde en de toan fan de sin feroarje. Tink oan it ferskil tusken ‘gean sitten’ en ‘gean mar sitten’, dêr’t ‘mar’ de utering minder twingend makket. Hoewol’t it mar lytse wurdsjes binne, kinne se in dúdlik betsjuttingsferskil beärbeidzje:

 

(…) op zondag zou ik teruggaan naar Parijs, linea recta naar het paardensportterrein, de Hippodrome de Longchamp, waar ik al degenen die me benijdden en bewonderden kon laten zien dat ik een uitstekend amazone was. (side 85)

(…) op snein wer werom nei Parys, en dan fuortendaliks nei de draafbaan, de Hippodrome de Longchamp, om al dy lju dy’t by my opseagen en my bewûnderen sjen te litten hoe’n goede amazône ik wol net wie. (side 84-85)

 

 

‘Ien sjenlitte hoe goed ik bin’ is wat oars as ‘ien sjenlitte hoe goed ik wol net bin’. Wa’t dat lêste seit relativearret syn eigen geweldich-wêzen. Bilker en Post wolle blykber ha dat Mata Hari dat docht. Wy witte lykwols net wat Paulo Coelho wol.

 

Neist tafoegingen fan wurden (partikels, sinjaalwurden) binne der tafoegingen fan folsleine sinnen. Opfallend is dat de oersetsters dy dogge as de Nederlânske tekst ûnbegryplik is:

 

We liepen het risico van school gestuurd te worden, naar huis te moeten terugkeren zonder te kunnen vertellen wat er was gebeurd, alleen maar te kunnen zwijgen. (side 30-31)

We koenen wol fan skoalle stjoerd wurde, werom nei hûs, sûnder dat we de kâns krigen om te fertellen wat der echt bard wie. We koenen mar ien ding dwaan en dat wie deroer swije. (side 30)

 

 

 

It Nederlânsk fragmint is net dúdlik. It lêste part fan de sin, ‘alleen maar te kunnen zwijgen’, foarmet in ûnlogysk gehiel mei ‘we liepen het risico …’. Bilker en Post foegje in sin ta sadat der in grammatikaal korrekt en logysk boadskip ûntstiet dat past yn de kontekst. In twadde foarbyld:

 

(…) omdat hij of zij ervoor koos bij het gezin te blijven vanwege de omgeving en daarmee zijn eigen hart in de steek laat? (side 66)

(…) om’t hy of sy derfoar keas om by de húshâlding te bliuwen sadat der gjin praat fan komme soe, mar dêrmei wol syn eigen hert yn ‘e steek liet? (side 66)

 

 

De lêzer fan de Nederlânske ferzje moat sels ynfolje wêrom’t ien ‘vanwege de omgeving’ by in húshâlding bliuwe soe. De Fryske lêzer krijt dy lêst net, want Bilker en Post lizze út wat der bedoeld wurdt. Subtilere tafoegingen yn de Fryske edysje binne de wurden ‘mar’ en ‘wol’, dy’t ik hjirboppe ‘sinjaalwurden’ en ‘partikels’ neamd ha. Se jouwe oan dat der in tsjinstelling komt. Beide tafoegingen meitsje de tekst dúdliker. In kritikus soe sizze kinne dat it net oan de oersetter is om sokke ferhelderjende tafoegingen te dwaan. Dêrislykwolstsjinyntebringendathjirnetwisiswatderynitorizjineelstiet:Bilkeren Post moasten folslein fertrouwe op de hastige oersetting fan Janssen. Faak binne de tafoegingen fan Bilker en Post maklik terjochtfeardigjen:

 

Ik had de nacht doorgebracht in een derderangs hotel, bang dat ze me zouden herkennen en eruit zouden zetten. (side 107)

Ik hie dy nacht sliept yn in tredderangs hotel, bang dat se my yn in djoerder hotel werkenne en derút sette soenen. (side 105)

 

 

De Nederlânske tekst ropt fragen op: wêrom soe Mata Hari yn in tredderangs hotel werkend wurde, as dat júst in plak is dêr’t se nea komt? Foar de Fryske lêzers is dy ûnlogika oplost. In oar foarbyld:

 

Het was niet al te moeilijk om Salomé , het stuk waaraan hij refereerde, te vinden, maar niemand durfde ook maar één franc te investeren in de enscenering die ik zou produceren – ook al had ik geen geld, ik kende nog steeds mensen met invloed. (side 123)

It wie net al te dreech om Salomé , it stik dêr’t hy it oer hie, te finen. Ik woe der wat mei en tocht dat dat ek wol slagje soe, want al hie ik gjin jild, ik koe noch hieltyd minsken mei ynfloed. Mar net ien doarst ek mar ien frank te ynvestearjen yn de foarstelling dy’t ik produsearje woe. (side 119)

 

 

De Nederlânske tekst is dizenich formulearre. Dat Mata Hari wat wol mei it stik Salomé moat de lêzer der sels by betinke. Mei in oare sinsfolchoarder en in tafoeging kreëarje Bilker en Post in begryplike tekst. Trije kear is skippersrjocht. Dêrom folget hjirûnder noch ien foarbyld fan in ferhelderjende tafoeging.

 

Ik kon niet geloven wat ik zag: een gigantische toren van ijzer die bijna tot aan de hemel reikte en die op geen enkele ansichtkaart van de stad stond. (side 50)

Ik koe myn eagen amper leauwe: in ûnbidige toer fan izer, dy’t hast oan de himel ta rikte en dy’t ta myn fernuvering op gjin inkele ansichtkaart fan de stêd stie. (side 49)

 

 

Yn de Nederlânske ferzje wurdt net útlein wat de ynformaasje oer ansichtkaarten derta docht. Mei it tafoegjen fan ‘ta myn fernuvering’ meitsje Bilker en Post dy ynformaasje relevant.

Wa’t de Nederlânske en de Fryske ferzje fan De spion neistinoar leit kin twa konklúzjes lûke: de oersetting fan Janssen is somtiden ûnbegryplik (mooglik te ferklearjen troch it feit dat er de oersettingen ûnder tiidsdruk makke hat) en Bilker en Post ha der it bêste fan makke. Se ha de tekst fan Janssen net allinnich oerset, mar ek ferbettere dêr’t dat nedich wie. Dat Bilker en Post ek weilittingen dien ha dy’t net ynjûn lykje te wêzen troch de winsk om te ferhelderjen is grif te witen oan it feit dat sy by it oersetten troch de klok regearre waarden.

Het bericht Mata Hari: Frysk of Nederlânsk? verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Sito Wijngaarden http://www.demoanne.nl/ <![CDATA[Tripke]]> http://www.demoanne.nl/?p=14977 2018-09-05T07:21:14Z 2018-09-05T07:21:01Z BOUKE VAN DER HEM –  Op dizze dei fan de rûnreis troch Súd-Afrika steane inkele útstapkes op it programma. Dat betsjut betiid út ‘e fearren, der is spesjaal in lokale gids mei sadat ús fêste begelieder him beheine kin ta it sjauffeuren. Earst nei de fûgelopfang yn ‘e buert fan de oseaan, dan nei in […]

Het bericht Tripke verscheen eerst op de Moanne.

]]>
BOUKE VAN DER HEM – 

Op dizze dei fan de rûnreis troch Súd-Afrika steane inkele útstapkes op it programma. Dat betsjut betiid út ‘e fearren, der is spesjaal in lokale gids mei sadat ús fêste begelieder him beheine kin ta it sjauffeuren. Earst nei de fûgelopfang yn ‘e buert fan de oseaan, dan nei in township dêr’t we in skoalle besykje sille en dêrnei noch in slachje-mei-taljochting troch de township; ta beslút werom nei de kust.

 

As wy it lokaaltsje útstroffelje, draai ik my om en doch wat ik nea earder die …

 

Us sjauffeur hat fan gewoante en meitsje hast elke dei in envelopke mei de foai foar in lokale gids, dy’t hy dan út namme fan de groep oerlanget; hast noch óp it fleanfjild fan Johannesburg hat er dizze gewoante, syn ‘proseduere’ en berekkening fan it beskieden totaalbedrach kreas útlein.

Mar diz’ kear wurd ík foar de bedieling frege; ‘k wol my der noch foarwei wine, mar dat soe flau wêze; it hoecht hjoed boppedat mar íen kear. En it is fêst sa feroare omdat hy de tafoege gids-fan-de-dei te goed kent om soks ûnderling ôf te hanneljen. Afijn: sa’n skytbedrach docht der ommers sowieso net ta, ‘t is fakânsje en wy sjogge út nei it deiprogramma!

It earste ûnderdiel fan it foarútbetelle ekskurzjeprogramma brocht ús nei de opfang fan maltretearre pinguïns en noch wat divers fleugelspul wêrfan’t de opfangmefrou elke soart neamd hawwe sil. Al mei al wie it in suterige bedoening: faaks omdat it hiele saakje meikoarten oerbrocht wurde soe nei de grutte, moderne opfang oan ‘e kust. De Lenie ‘t Hart dy’t ús mei triljende ûnderlippe rûnliede, mocht meiferhúzje. Wie it no eins de bedoeling en hevelje in bydrage út it kefert yn myn binnenbûse oer nei dit ôfrinnend saakje?; ik tocht it nét!

Us taheakke gids wie bûten stean bleaun, merkber de noas opheljend.

Doe’t we mei de auto by de township oankamen, fertelde sy fluch wat oer de sitewaasje dêre: fanâlds strieminne wenomstannichheden – lykwols frolike sfear – der komme sûnt ‘my own ANC’ yn 1994 oan it regear dielnimt merkber ferbetteringen – ensafuorthinne.

Ja, sa’t ús oerheden ompankoekje mei bêd, bad & brea: yn dy snuorje, tocht ik by mysels. Nei dochs mar wat trochfreegjen beneamde se noch as grutste probleem de drugs & dealers: net út te roeien – sels bûtenlânske syndikaten ynfiltrearje hjirre – etcetera…

Se fertelde it allegear toanleas. Geandewei lústere ik noch mar heal. En besleat: sy krijt neat út it envelopke fan my, dan ‘ferjit’ ik it noch leaver. Faaks is it in goed idee en lit it aanst ‘casual’ yn de skoalle achter?!

As wy it skoaltsje ynrinne, steane we fuortendaalk ek yn it ‘lokaal’  dêr’t de groep mei de jongste bern oan it sjongen is; sy sjonge ús sels tá! En dat yn de lokale taal fan harren eigentlike stam: Xhosa.

Twa juffen hâlde inkeldris in bern ‘by de les’ as it út fernuvering stilfalt en ús oanstoarret.

De unifoarme truikes, hagelwite tosken, bliere eagen, mar tagelyk de optwongen ensenearring: ik wit my net goed in hâlding te jaan.

De jonge juf begjint yn it Afrikaans út te lizzen hoe’t de skoalle wurket, fluch pratend as wol hja der sa gau mooglik fan ôf wêze. Nei in earste fraach yn it Ingels giet se gau fierder yn dy taal: Ja, it is net maklik hjir en dat hâldt net op by it klaslokaal, fersekeret se ús.

Ik nim ûnderwilens in foto, besjoch hastich oft er slagge is en skamje my der direkt dernei wat foar.

Sy draait in ein oan har taspraakje en jout it idee dat se no wer mei belangriker dingen fierder wol.

Fansels, dúdlik, wy begripe it skoan: der lizze hjir rudimintêre taken. It slúfke baarnt my ûnderwilens yn de bûse.

As wy it lokaaltsje útstroffelje, draai ik my om en doch wat ik nea earder die – net op it sportfjild, noait mei freonen, sels net mei de eigen bern – en jou in highfive oan it bliere jonkje, dy fan foaroan op de foto; mei beide hannen, tagelyk!

Kristus, wat mankeart my?

Mar hý bleau laitsjen, is ‘t n’t sa? Jawis!

Myn pankoekjen is der debet oan dat ik as lêste by de gids-allang-op-wei-werom oanslút; wy moatte ús op ‘e tiid presint melde by de lêste ekskurzje fan dizze dei, in behoarlik ein riden tebek rjochting in folslein wyt oseaankustdoarp, as ik my net fersin; dus avesearje! Mar leuk toch, allegear?

Ommers, it ferskaat fan Súd-Afrika: om nie te vergeten nie.

As wy op ‘e bûlevaar yn it justjes ferfeelsume kustplak, in goed oardel oere fierder mei de auto en allinnich noch ús sjauffeur/gids, de kofje ôfrekkenje wolle, stuitsje ik op it finaal fergetten slúfke mei ús skamtejild.

Efkes letter sil de ober it plichtmjittich ‘thanks’ reauntsjend yn syn ponge feie.

Het bericht Tripke verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0
Robea Kleisma <![CDATA[Ratio yn Jorwert gjin baas]]> http://www.demoanne.nl/?p=14971 2018-09-03T08:00:29Z 2018-09-03T07:56:02Z ELSKE SCHOTANUS – It is in stille, heldere jûn as yn de notaristún fan Jorwert de iepenloftfoarstelling De famylje Bellier yn premjêre giet. In tragykomeedzje dy’t, ûnder mear troch de fertolking fan troch regisseur Tjerk Kooistra ferfryske lieten fan Liesbeth List en Ramses Shaffy, bewûndering ôftwingt foar wat yn it doarp dêr’t, nei men seit, […]

Het bericht Ratio yn Jorwert gjin baas verscheen eerst op de Moanne.

]]>
ELSKE SCHOTANUS –

It is in stille, heldere jûn as yn de notaristún fan Jorwert de iepenloftfoarstelling De famylje Bellier yn premjêre giet. In tragykomeedzje dy’t, ûnder mear troch de fertolking fan troch regisseur Tjerk Kooistra ferfryske lieten fan Liesbeth List en Ramses Shaffy, bewûndering ôftwingt foar wat yn it doarp dêr’t, nei men seit, God ferdwûn, ek dit jier wer foar elkoar krijt.

 

As ratio syn gong giet, is der op it stik beslist ien en oar op te merken, mar ratio is gjin baas. Baas binne de golle laits, de emoasje, de bewûndering.

 

De grutte linen, en de titel, komme fan de Frânske filmkomeedzje La famille Bélier. As yn de film wennet Famke (Doete Stenekes) mei har âlden en har broer op in pleats. Sy is de iennige yn de húshâlding dy’t net dôfstom is en kin dan ek net mist wurde: Famke is de tolk tusken de famylje, dy’t gebeartetaal brûkt en de pratende bûtenwrâld. Dat smyt in dilemma op as Famke op it koar giet en der troch de nije dirigint, Tommy di Tommassi (Jorrit Laverman), útpikt wurdt as in útsûnderlik sjongtalint. Hy wol ha dat sy oan in sjongkontest meidocht. Dat smyt in dilemma op, net oars as dat fan tal fan jonge mantelsoargers: kinst it meitsje en dyn eigen wegen gean? Benammen de mem hat muoite mei ‘it koar fan pratenden’ dêr’t sy har dochter oan ferliest.

Der binne mear ferhaallinen. Sa buorkje Famke har âlden biologysk. De nije buorman en politikus Blauw (Sjoerd van Beem) – de slogan fan syn partij seit ‘ieder oor krijgt zijn gehoor’ – dêrfoaroer fokt hinnen yn megastâlen. It smyt de nedige kontroverze op, útrinnend op in hilarysk polityk debat as ek de bioboer in partij oprjochtet. En dan is der noch de relaasje tusken Famke en de buorjonge.

Yn Jorwert is de dochter gjin sechstjin, as yn de coming of age-film, mar njoggenentweintich, in leeftiid dy’t better past by de fertolkster as by de rol. Sy is wol hiel âld as se har troch freondinne Grytsje (Jannie van der Veen) meitroane lit nei in koarrepetysje en sa, blykber foar it earst, wat docht dêr’t har âlden net bliid mei binne. En sy is ek wol hiel âld as der, blykber ek foar it earst, in feint om de hoeke fan de doar sjen komt.

Sa nei in stik sjen is lykwols wol hiel rasjoneel, want it stik is ék tige fermaaklik: leist geregeld yn in deuk, ek as der betiden – alwer rasjoneel sjoen –flauwe grappen en klisjees foarby komme. Begjint broer Johan wat mei de folle âldere Grytsje, dan is it: op in âld fyts moatst it leare. Besiket in pratende gebeartetaal, dan makket hy by fersin it neukgebeart. En wat binne it boeren, de leden fan it koar, yn de eagen fan de dirigint dy’t net fan it plattelân komt. Doe’t God ferdwûn út Jorwert naam er ek alle talint mei, wol er ha. En dat is no krekt wat spilers en koar yn De famylje Bellier sjen litte.

As ratio syn gong giet, is der op it stik beslist ien en oar op te merken, mar ratio is gjin baas. Baas binne de golle laits, de emoasje as Doete Stenekes ‘Heech, Famke, sjoch om heech, Famke’ sjongt, de bewûndering as Jannie van der Veen in prachtige en krachtige Pastorale fertolket. Ek it koar is in genot, sels as de leden, swijend opsteld achter it poadium, allinne mar súntsjes hinne en wer soeikje. Of, hiel subtyl, ‘in potje met vet’ foar it gehoar bringe.

By dizze foarstelling draait it om koar en spilers, gjin technologyske grappen dit jier. Gjin kamera’s, gjin filmbylden, gjin ledskerms. Krige de autistyske Kristian foarich jier yn It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht de koartsluting yn ’e kop, dan waard dat (mei) ferbylde troch it wimerjen fan tekeningen op skerms. Stiet Famke foar in dilemma, dan binne it de koarleden dy’t har tsjinstridige tinzen uterje. It is de kracht fan de ienfâld.

It ferhaal, opboud as in Netflixsearje, krijt syn emosjonele apoteoaze as Famke, as dielnimmer fan de kontest net allinne it koar yn it publyk sjocht, mar ek har âlden. ‘Lit my, lit my myn eigen gong no gean’, sawiesa in tearjerker en al hielendal as sy each yn each komt te stean mei har knap stúmske mem en sy, foar har, har sjongen begeliedt mei gebearten.

Het bericht Ratio yn Jorwert gjin baas verscheen eerst op de Moanne.

]]>
0