Fan oansjen nei ôfsjen

Publisearre op 1 juli 2014

FROUKJE DIJKSTRA – 

It opmerklike libben fan Charles Gombault
Fan in libben as súksesfol fotograaf yn it foaroarlochske Ljouwert ôfglydzje nei in earmoedich bestean op in lyts keamerke yn Dútslân. It libben fan fotograaf Charles Gombault nimt yn 1944 in bysûndere wending. Foto’s hat hy nei de oarloch nei alle gedachten ek net folle mear makke. Mar de foto’s dy’t de Dúts-Eastenrykse fotograaf fan Ljouwert makke hat, binne no opnaam yn it boek ‘Leeuwarden tussen beide wereldoorlogen’, gearstald troch Leendert Plaisier en Andries de Haan. Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), Geart de Vries, skreau de ynlieding fan it boek. Yn it HCL is op it stuit in tentoanstelling fan de kolleksje fan Gombault te sjen.

De op 18 febrewaris 1880 yn Wenen berne Gombault lûkt begjin 1900 nei it Dútse Obermarsberg. Yn dizze omkriten komt syn fotografy karriêre ta bloei. De stêd en de natoer binne favorite ûnderwerpen en ek foaroansteande famyljes litte harren graach troch him fêstlizze. Gombault kin goed rûnkomme fan syn berop, want syn wurk wurdt in soad brûkt foar ansichtkaarten. Gombault is troud, mar krijt yn Dútslân in freondinne. Fia omwegen komme se yn Ljouwert telâne dêr’t Gombault by de Leeuwarder Papier Fabriek (LPF) oan it wurk giet as bedriuwslieder.

Gombault wie mear dwaande mei himsels, de fotografy, syn stúdzje Volkskunde en de high society fan Ljouwert as mei syn gesin.

Troch útjouwer Mindert Hepkema wurdt Gombault yn 1924 as fotograaf frege foar Nieuwsblad van Friesland en het Leeuwarder Nieuwsblad. Hy makket in prachige rige foto’s fan Ljouwert en opmerklik is dat hy ek de earmoedige buerten opsiket. ‘Hy hat each foar de sosjale neden’, sa seit De Vries fan it HCL. ‘Dit makket syn wurk fan grutte wearde as oanfulling op oare fotokolleksjes fan Ljouwert tusken de beide oarlogen yn.’ De foto’s fan smoarge steechjes en ferfallen húskes litte sjen dat in part fan Ljouwert goed te lijen hat fan de krisis. Bysûnder binne ek de foto’s fan stikjes Ljouwert dy’t yntusken ferlern gien binne, lykas de húskes fan it Bagijneklooster en de Kalksteeg. Oare foto’s toane ûnbewenber ferklearre wennings dêr’t dochs noch desennialang gesinnen yn wennen.

In soad foto’s fan de froulju yn syn libben (en dat wienen der ferskeidene) of fan syn acht bern binne der net. Neffens De Vries is Gombault mear dwaande mei himsels, de fotografy en de high society fan Ljouwert, as mei syn famyljelibben. Ek rekket er fersille yn rûnten dy’t hunebedden en de âlde skiednis bestudearren (de Volkse Werkgemeenschap, in ferlingstik fan Das Ahnenerbe, it wittenskiplik buro fan de SS). Fia de Hepkema’s en troch syn wurk as fotograaf hat Gombault nammentlik in soad konneksjes en hy is in hiele man yn Ljouwert. Mar de oarloch brekt út en tiden feroarje.

Gombault is lid fan in tal Dútske organisaasjes, mar soe net in echt nazi west hawwe. Yn 1944 wurdt hy troch de Dútsers twongen nei Dútslan te gean. Syn jongste soan is earder al nei Dútslân gien en komt yn 1945 om by in bombardement. ‘Hy siet by de Hitlerjugend, hjir wie Gombault poer op tsjin’, sa wit De Vries te fertellen. Gombault belânet op in lyts keamerke yn Lübeck. As eardere Ryksdútser is it foar him net mooglik wer werom nei Nederlân te gean. Hy skriuwt nei de Hepkema’s om iten, klean en in pinsjoen te freegjen, mar dit slagget net.

Ut syn brieven blykt de misère fan de nei-oarlochske tiid yn Dútslân: ‘Ik soe hjir net stjerre wolle, lit stean libje.’ Om rûn te kommen, wurket er op syn âlde dei as dosint oan de Folkshegeskoalle yn Lübeck. Oant syn dea ta, op 15 juny 1961, libbe Gombault yn earmoede en op in lyts keammerke. Wol yn it selskip fan in frou, ferpleechster Helene. Hoewol’t hy it graach wold hie, kearde Gombault nea werom nei it Ljouwert fan syn gloarjetiid.

Leeuwarden, tussen beide wereldoorlogen. Vastgelegd door fotograaf Charles Gombault, Leendert Plaisier en Andries de Haan. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014. 128 siden, €24,95

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels