Fan in ambachtsman

Publisearre op 1 oktober 2011

 GRYTSJE SCHAAF – 

‘Dit fertsjinnet elk dochs?’ Op de grutte houtene bank yn it lân efter it ynterieurkompleks yn Twizel sjocht Gjalt Pilat út oer it fjild. In iepene man, dúdlik grutsk op wat er opboud hat, mar der wilens somtiden wat mei oan.

It liket wolris as at it him allegearre oerkaam is. Sûnder plan en sûnder byld fan wat it wurde moast is Gjalt Pilat úteinsetten. Dwaan wat er moai fynt. Sa binne in suksesfol meubelmerk, in prachtige winkel en wurkpleats, in fabryk yn Bosnië en it moaie Interieurcafé ûntstien. ‘Ik ha gelok hân, dat ik dwaan kinnen ha wat ik woe. Ik ha faak tocht dat it sa net bliuwe koe, en toch kaam it elke kear wer goed. It is net in maklik fak. Eins liket it my aanst wol moai om mei jonge Fryske ûntwerpers wat te dwaan. Om wat te begjinnen miskien.’

 

It ûndersykjen
Foar Gjalt Pilat begûn it al op syn sechtjinde, doe’t er noch amper it doarp Bûtenpost út west hie. ‘Der wie ien dy’t tsjin my sei dat etaleur wol by my paste. Ik kaam doe terjochte by PS Bakker. It opgean yn dy wrâld, ik fûn it geweldich. Mar ik woe it altyd sels dwaan en wie frij gau útsjoen. Op myn njoggentjinde waard ik dêrom freelancer, der kamen doe ek klussen foar winkelbetimmerings by. Sa kaam it ynterieur yn byld.’

Op syn ienentweintichste troude er mei Diny. Mei de bern kamen se letter yn Twizel  te wenjen. Yn de skuorre by it hûs wie in winkeltsje dêr’t Gjalt opknapte meubels ferkocht. Troch it restauraasjeproses krige er in grut respekt foar de wize wêrop’t dy ambachtlike stikken makke wienen. ‘Wy hienen in soad twaddehânsk spul, dat wie doe sa. Faak hienen je it krigen fan famyljeleden, je goaiden net samar wat fuort. Ik ûndersocht hoe’t de stikken yninoar sieten, kocht wat masines en makke sels ek wolris wat. Ik hie der net foar nei skoalle west, mar fûn it ek folle moaier om sels út te finen hoe’t alles wurke.’

Nei eigen sizzen prutste er mar wat oan, kaam er troch ûnderfining hieltyd fierder en holp it him dat er gjin kaders hie dy’t him beheinden yn syn wurk. ‘It waard in miks fan respekt foar it fakmanskip, de manier fan meitsjen, en myn eigen gefoel en styl.’ Op reizen nei it bûtenlân kaam Gjalt Pilat yn oanrekking mei ynterieurs en bekende ûntwerpers.

Der ûntstie stadichoan in eigen meubelline, allegearre losse stikken, ferbûn troch it ambachtlike en de robúste, evenwichtige styl fan Gjalt Pilat. Hy woe meubels meitsje dy’t, lykas it twaddehânsk guod yn syn hûs, de tiid trochstienen. Faak unike dingen dy’t net alhielendal by inoar pasten mar har op in wûnderlike wize nei inoar foegen.

 

Hoe grut at de ynfloed fan de meiwurkers – guon ek famylje – wêze kin, lit him lêze yn de komst fan it fabryk yn Bosnië yn 2000. It idee dêrfoar krige foarm doe’t Gjalt Pilat Zarko Mandir oannaam, in meubelmakker, flechte foar de oarloch.

 

Plak fine
It bedriuw groeide, de wurkpleats en de winkel waarden grutter, lykas de fraach nei de produkten. Dat levere in twastriid op, want mei de groei fan it bedriuw kaam Gjalt minder ta oan wat er it leafste die: ‘Yn myn hert bliuw ik in ambachtsman, meitsje ik it alderleafst dingen. Dêr wol ik my ek it measte mei dwaande hâlde.’

Dat besef kaam yn de perioade doe’t, neist de lokaasje yn Twizel, in winkel yn Amsterdam iepene waard. ‘Ik bin dêr mei myn neef begûn. Dat wie healwei de jierren njoggentich. De wurdearring foar it Fryske produkt groeide yn dy tiid. Der waard oan ús lutsen, we koenen as Friezen yn it havengebiet fan Amsterdam in winkel iepenje. In prachtkâns. Fan de iene dei op de oare ha wy besletten it oan te gean. Ik hie fertrouwen yn it produkt en yn de minsken om my hinne. Ik hie echt it gefoel “dit is ús wrâld”. Dat is net feroare, mar it waard yn de rin fan de tiid ek wol wat in ballêst.’

De namme ‘Famylje Collection’ ûntstie yn dy tiid. ‘Earst wie dat wat in gimmick.’ Mar de kolleksje groeide en de namme bliek perfekt by de line te passen. Elk meubel krige de namme fan in famyljelid mei. Sa is der de tafel Edwin, mei de poaten om en om, de stoel Lutske, mei in smelle rêch en brede heupen, en ien fan de nijere tafels is ynspirearre op de konstruksje fan in klokkestoel. Dy is ferneamd nei Pake Sytse.

Sa groeide de famylje meubels stadichoan troch, allegear oars, mar se passe byinoar. Der sit in priiskaartsje oan, elk stik is maatwurk. ‘Minsken dy’t in meubel kocht hawwe, hâlde it faak ek wol. Ik hâld fan dingen dêr’t je lang fan genietsje. Je moatte it spul net samar oan de kant skowe. Lutske is foar my sa’n stik, in prachtich stuoltsje. Se is gjin omsetmakker, mar se heart der echt by.’

Mar, Gjalt waard mear en mear ûndernimmer en koe him hieltyd minder dwaande hâlde mei datjinge dat er graach die. ‘Ik hie der gjin nocht mear oan, it wie tefolle ferantwurdlikheid. Ik kin min oer hierargy, as wurknimmer mar foaral ek as baas. Dêr bin ik leau ’k toch wat te beskieden foar.’ De Famylje Collection waard in merk en in dealer yn Utert naam de distribúsje foar syn rekken. Pilat&Pilat wie wer hielendal yn Twizel.

 

Te plak
De beskiedenheid en de platte organisaasje uteret him benammen wannear’t Gjalt in nij produkt makke hat. ‘We meitsje ek in soad dat nea de winkel ynkomt. At ik wat nijs makke ha, set ik it ergens yn de winkel del en naai dan út. Ik sil noait freegje wat ien derfan fynt. Ik merk it wol oan de reaksjes, at it wat is.’

Hoe grut at de ynfloed fan de meiwurkers – guon ek famylje – wêze kin, lit him lêze yn de komst fan it fabryk yn Bosnië yn 2000. It idee dêrfoar krige foarm doe’t Gjalt Pilat Zarko Mandir oannaam, in meubelmakker, flechte foar de oarloch. Dy fertelde oer de ambachtslju yn Bosnië. Nei de oarloch drige harren kennis ferlern te gean troch gebrek oan wurk.

‘Wy hawwe der doe in tal kearen west, om te sjen wat de mooglikheden wienen om de ambachtsminsken te behâlden. Mei steun fan de steat by de weropbou wie it mooglik in fabrykje te bouwen dêr’t wat meubels fan ús makke wurde koenen.’

Yntusken fynt sawat de folsleine produksje yn Bosnië plak, de fabryk biedt wurk oan sa’n 40 minsken en makket gebrûk fan de beammefoarried yn de omkriten. Eltse fiif wiken giet Gjalt Pilat in wike nei it fabryk, dêr’t de ideeën fierder groeie en woartelsjitte. Twizel is in proeftún wurden foar Pilat&Pilat. In heldere konstruksje.

‘Soms is it wol wat in belêsting, seker mei de resesje. We merke it wol, mar krekt at we ús soargen begjinne te meitsjen, komme der wer aparte opdrachten binnen. Minsken witte ús dochs te finen.’

Der komme altyd wer ideeën by him op, op de raarste – of meast gewoane – plakken en tiden. ‘Dan meitsje ik wat sketskes, en at ik dan wer in wike nei Bosnië ta gean sjogge wy wat it wurde kin.’

Unike stikken, in famylje, ambachtlik en makke foar de tiid. Sa as de bank op de heuvel yn it lânskip. ‘Ja, it giet hartstikke bêst mei ús, en toch bliuwt it twiveljen. It bliuwt net klear, it geprakkesear en gemimer giet altyd troch. Ik moat wat dwaan, ik kin net samar ophâlde.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 10 (2011) 8 (oktober) s. 14-17.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels