Fan âlde en nije boeren (2)

Publisearre op 23 november 2015

GERBEN DE VRIES –

Swaantsje 6, Hieke 18, Pytsje 23, Sytske 2, Hiltsje 14. It stie yn earder dagen yn rûge potleadstreken op de balken fan it bûthús. De nammen fan de molkkij op in boerepleats. Yn dy tiid hie in grutte boer in stik as 30 kij en it leafst ek ferskeidene soannen. ‘Boeren buorkje allinnich mar foar de bern’, sei men doe yn Fryslân. It boer wêzen wie in ropping, in libbenswize en in libbensbestimming tagelyk, folle mear as inkeld in berop. It wie in saak fan sunich libje, foaral foar de boerinne fansels. Want ynfestearringen waarden yn it foarste plak dien foar it bedriuw, lykas in ‘ligboxstal’ of in nije molkynrjochting. Mar ek wer net net te mâl, want de skuldelêst mocht perfoarst net te heech wurde. Want de boer buorke by einbeslut foar de takomst, foar de bern.

Nei it lêzen fan Boerenbloed. Melkquata, megastallen en het verdwenen idyllische platteland (2015) fan Kees Koman wit ik dat dy tiid foargoed foarby is. Sjoernalist Kooman kocht it âlde hús fan de eardere CdK Hans Wiegel, liberaal kampioen en kampioen fan de liberalisearring. It wie in âlde pleats yn Ie út it jier 1704, mar om him hinne seach de skriuwer de lêste jierren hieltyd mear ‘megestallen’ ferrizen. Yn en om Ie yn de gemeente Dongeradiel waarden de lêste twa jier allinnich al 29 bouferunningen ferliend foar dizze buorkerijen dy’t alhast op fabriken lykje.

It is de einfase fan in proses dat yn de jierren fytich en foaral sechtich útein sette. Lytse boeren waarden min as mear kâld sanearre, de lânbou waard modernisearre en meganisearre, ruilferkavelingen makken fan it moaie plattelân in rjochtlinich produksjelânskip. De rationalisearring fan de lânbou gie ynienen sa hurd dat der molkeplassen en bûterbergen ûntstiene. Om dat op te kearen waard fanút Europa yn 1984 it systeem fan de molkkwota ynsteld. Mei dizze kwota koe de totale produksje fermindere wurde en boeren dy’t dochs mear molke leveren, krigen in superheffing. De kwota wiene ferhannelber en benammen agrariërs dy’t der mei opholden koene ryk wurde. It liede op ’e nij ta in útstjit út de lânbou. In tal jierren lyn makke ‘Brussel’ bekend dat op 1 april 2015 in ein komme soe oan de molkkwota.

Der kaam dus in ein oan it strange regulaasjesysteem en de liberalisearring fan de suvelmerke like yn ’t earstoan in soad kânsen te bieden. Yn Ruslân en seker ek Sina wie der in protte fraach nei Nederlânske suvel en LTO, Friesland Campina en de Rabobank advisearren de boeren grutte ynfestearrings te dwaan. Der sirkulearren groeisenario’s fan wol 30% produksjegroei nei it loslitten fan de kwota. Op nei de megastallen dus! Op dit krúspunt en yn dit spanningsfjild hat Kooman syn buorren yn Ie en omkriten in tiidlang folge en fertelle litten oer harren libben. It is by tiden wol wat untnochterjend en de minsken binne net altiten even sympatyk. De boeren komme hast allegearre út de griffermearde hoeke wei, mar de bân mei de ARP en letter it CDA is in stik losser wurden. De measten binne liberaal wurden en wolle safolle mogelik jild fertsjinje.

Dêr is op himsels neat mis mei, mar it is wol in hiel oare ynstelling as dy fan pak ’m beet tritich jier lyn. Boer wêze is no yn it foarste plak ûndernimmer wêze en dêr heart it stribjen nei winstmaksimalisaasje ek bij. Troch de resinte ûntjowingen yn Ruslân en Sina sil dy 30% groei de earste jierren net helle wurde en der komme grif in protte boeren yn de problemen. De measte ynterfieuwde Dongeradielsters wolle sels it leafst wer werom nei de molkkwota en dat jout de lêzer wat in dûbeld gefoel. Wol profitearje fan de merke, mar at it even wat minder giet daliks wer de (Europeeske) oerheid freegje om beskerming? En wat dogge se at der aansens fierstentefolle stikstof op it lân komt?

Undertusken is der hiel wat ferlern gien op it Nederlânske en seker ek Fryske plattelân. Hast alle boeren hawwe op it lân allinnich noch mar Ingelsk raaigers en dat wurdt sa’n fiif, seis of sels sân kear per jier meand. De biodiversiteit is mei dêrtroch ferdwûn en yn in hurd tempo ferdwine ek fûgels as ‘de kening fan ‘e greide’, de skries. Sa’t it no stiet is der net folle mear oan te dwaan. Boeresoan en histoarikus Oebele Vries fan Westergeast hat him by de ruilferkavelings ynset foar de natuer, mar mear as wat lytse hoekjes natuer hat dat neffens him net opsmiten. In opfallende útsûndering tusken Koomans buorren is oars wol in biologyske boer. Hy is dan wol suksesfol, mar bliuwt in ienling. Dat jildt ek foar in oare opfierde boer, nota bene in fûgeltsjeman, wat yn de lânbou domwei in skeldwurd is. De oaren binne gewoan boer. Se ride net allegear de krekt útkommen piken op it lân dea en net elkenien dy’t oan ‘agrarisch natuurbeheer’ docht, smyt ’s nachts stikem keunstdong op it fjild. Mar se dogge wol hast allegear mei oan de rat-race om de measte molke, it measte jild dus ek.

Yn it boek stean noch al in pear sloardichheden: it monumint fan Warns is net in neitins oan Grutte Pier en it wurd ‘reed’ is gjin Frysk foar ‘smal stuk grasland’, mar betsjut ‘oprit’ of ‘wagenpad’. En nee, oer it fenomeen ‘weidegang’ sil ik it hjir mar net hawwe, dat is dochs window dressing. Yn it boek wurdt der grute dat de boeren foaral har ‘reservefee’ – myn wurd – nei bûten ta stjoere. Op de halsbannen stean no chips mei nûmers as ’96’ of ‘Pietje 868′. In soad takomst ha de kij yn Dongeradiel net, want se wurde mar sa’n fiif jier brûkt en geane dan nei de slacht.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels