Falt der noch wat te laitsjen?

NYNKE VAN DER ZEE – 

De seal siet fol by de finale fan de twadde edysje fan it Ljouwerter Kabaret Festival. Folop Friezen yn it publyk, mar mar ien op it poadium. Douwe Gerlof Heeringa hold de eare heech foar Fryslân, mar moast tasjen hoe’t Fabian Franciscus út Utrecht mei de winst útnaaide. Is dat in teken dat it net oerhâldt as it giet om Fryske kabaretiers, of just it bewiis dat kabaret hjir yn opmars is? 

Wa’t tinkt oan Fryske kabaretiers komt al gau út by Teake van der Meer en Rients Gratama. Bekende nammen yn de Fryske teaterwrâld, mar rop se yn Amsterdam om en gjin minske sil opsjen. Hiel oars is dat mei Jan Jaap van der Wal, berne yn Ljouwert, mar al jierren Nederlânsk entertainer en wenjend yn Amsterdam. En sa giet it mear Fryske kabaretiers, dy’t foar in karriêre ferhúzje nei de Rânestêd, dêr’t de widze stiet fan de Nederlânske stand-up comedy. Leaver optrede op in iepen poadium yn Utrecht as om ’e hoeke yn it doarpskafee fan Easterein. Tiid om de stân fan saken op te meitsjen. Want mei it ôfskie fan Rients en Teake yn it foarútsicht riist dochs dy iene prangjende fraach. Falt der aanst noch wol wat te laitsjen yn Fryslân?

‘Stand-up comedy hat noch in lange wei te gean’
Hy wennet al jierren yn Almere en spilet yn it Nederlânsk, mar wannear’t stand-up comedian Jacob Spoelstra begjint te praten is fuortendaliks dúdlik wêr’t er weikomt. Hy makke fan syn Fryske aksint dêrom mar syn hannelsmerk. ‘As comedian moatst sa ticht mooglik by dysels bliuwe. Hoechst dy net better foar te dwaan as datst bist. Ik profilearje my mei myn Frysk aksint troch it út te fergrutsjen. Ik meitsje om samar te sizzen in soarte fan cartoon fan mysels. De wize wêrop’t ik praat is dêr in belangryk ûnderdiel fan. Dat ûntduts ik al reedlik gau. Sels as ik by it kofje-apparaat op it wurk gewoan wat fertelde, moasten minsken al om my laitsje. Dat is fansels ekstra handich wannear’t ik op it poadium stean.’

Ast echt wat wolst moatst nei Utrecht of Amsterdam.

Jacob profilearret him net allinnich mei syn aksint, ek syn Fryske komôf spilet in rol yn syn shows. ‘Minsken bûten Fryslân ha noch altyd foaroardielen as it om Friezen giet. Wy binne net al te tûke, lompe boeren, dy’t boppedat stiif binne en alles mar rjocht foar de raap sizze. Oan my de útdaging om dat byld mei tûke opmerkings tuskentroch hielendal op ’e kop te setten. In pear grappen oer Fryslân docht it altyd goed, mar folle langer as fiif minuten ha ’k it dêr net oer. Dan moatst wer mei wat oars komme. Op fersyk doch ik noch wol shows yn it Frysk, mar dat bliuwt lestich, omdatst alles oersette moatst. En in grap letterlik fertale, dat wurket net.’

Fryslân, toaniellân
Minsken yn de Rânestêd laitsje litte óm Friezen is fansels hiel wat oars as Friezen sels fermeitsje op it poadium. Dochs docht Jacob ek geregeld optredens yn Fryslân, mar eins allinnich as er frege wurdt. It ferskil tusken de Rânestêd en Fryslân is nammentlik dat stand-up comedy hjir minder libbet. ‘Yn Fryslân bart net safolle. Foar iepen poadia moatst yn Amsterdam en Utrecht wêze. En sels dêr hat stand-up comedy noch in lange wei te gean. Nederlân is in lân mei in lange kabarettradysje. En Fryslân is by útstek in provinsje dy’t fan âlds op toaniel fokusse is. Mear mei typkes en ferklaaien, sa’t Teake van der Meer dat brûkt yn syn shows. Stand-up comedy fan no is wat dat oanbelanget hiel oars. Mar ik sis net dat stand-up comedy en Fryslân net byinoar passe. Humor is oeral itselde, ast it mar goed bringst en ôfstimst op it publyk. Minsken moatte dy har laitsjen gunne.’ 

‘Ast echt wat wolst, moatst nei Amsterdam of Utrecht’
Akteur en kabaretier Jörgen Scholtens ferhuze in pear jier lyn foar syn aktearkarriêre nei Utrecht om yn de soap Onderweg Naar Morgen te spyljen. Mar as studint Dosint Drama oan de NHL stie er as 19-jierrige al yn kafees en by studinteferienings yn Ljouwert. Syn shows binne hielendal yn it Nederlânsk. ‘Ik bin in Nederlânske kabaretier. Ik ha hiel bewust myn Fryske aksint ôfleard om alle rollen as akteur spylje te kinnen. Foar my is dat hiel logysk, omdatst dyn wurkfjild sa grut mooglik meitsje wolst. Wa’t allinnich yn it Frysk optreedt, beheint himsels ta sealtsjes en doarpshuzen yn Fryslân. Ast jong bist, dan wolst graach op safolle mooglik poadia stean. En dan rêdst it net mei de Fryske taal. Ast écht wat wolst, silst dochs nei Amsterdam of Utrecht moatte.’

In soad Fryske kabaretiers sjocht Jörgen lykwols net yn it kabaretwrâldsje. ‘Ronald Smink is ien fan de jonges dy’t ik wolris sjoen ha. Mar fierder net safolle. It falt my op dat der in hiel soad talint út Brabân en Limboarch komt. Dat hat miskien ek wol wer te meitsjen mei de taal. It liket wol as makket dy ‘zachte g’ it al gau ekstra grappich of sa. Dat sjochst ek by it Achterhoeks, dat lokket mear út ta laitsjen. Dat is it grutste neidiel fan it Frysk, dat it echt in oare taal is as it Nederlânsk en dêrom net te ferstean is bûten Fryslân. Want optrede yn dyn eigen taal wurdt wol hieltyd mear in trend, fernim ik. ABN is út, wês mar gewoan dysels, jildt no as motto.’

Wy kinne noch wol nij jong talint brûke yn Fryslân.

Ferskil yn humor
Sit der ferskil tusken Fryske humor en humor út de Rânestêd? Jörgen lûkt syn skouders op. ‘Fryske humor is miskien wat rauwer. In bytsje banaler. Mar ik tink net datst stelle kinst dat der in soad ferskil sit tusken Fryske en Nederlânske humor. It is net sa datst yn Amsterdam mei folle groffere grappen komme kinst en datst dat yn Fryslân wat tammer meitsje moatst. It is mear in kwestje fan ôfstimmen op dyn publyk. Dêr sit him it geheim; oanfiele wêr’t de seal om laket. Giest nei Rients of Teake, dan witst watst ferwachtsje kinst. Ik as jonge kabaretier moat noch sykje nei myn eigen foarm. Mar Frysk wurdt it seker net.’

‘Wy kinne noch wol nij jong talint brûke yn Fryslân’
In healjier stiet er no as kabaretier op ’e planken. Douwe Gerlof Heeringa, earste soan út in Fryske boerefamylje. Syn shows binne oant no ta yn it Nederlânsk, mar likeleaf docht er it yn syn memmetaal. Op dit stuit is er dwaande mei in jûnfoljende foarstelling, dy’t er folslein yn it Frysk bringe sil. ‘Ik ha in ferhaal dat ik kwyt wol en dat slagget my it bêste yn myn eigen taal. Yntime mominten en hurde grappen wikselje inoar ôf. Dat kin ik it bêste ferwurdzje yn it Frysk. Mar ik sjoch it wol as opstapke. Slacht de show oan, dan sil ik ’m seker ek fertale nei it Nederlânsk, om dermei nei oare teaters yn it lân te reizgjen.’

Oer reizgjen sprutsen: as ienige kiest Douwe Gerlof derfoar om wer yn Fryslân te wenjen. Ynkoarten ferhuzet er fan Grins nei Ljouwert. ‘Ik wol wenje wêr’t ik weikom. En dat is Fryslân. Dat betsjut dat ik fier reizgje moat foar optredens yn de rest fan it lân. Twa oeren ûnderweis foar in stand-up show fan fiif minútsjes. Giet it goed, dan hast it der graach foar oer, mar hast dyn jûn net – doodgaan neame se dat yn de kabaretwrâld – dan duorret de weromreis wol hiel lang. Mar dat ha ik der foar oer. Hoechst net perfoarst yn de Rânestêd te wenjen om troch te brekken. Ik sil it tsjindiel besykje te bewizen.’

Roppende yn de woastyn
Ek Douwe Gerlof komt net sa’n soad Friezen tsjin. En de Friezen dy’t der al binne, spylje allinnich yn it Nederlânsk. ‘It is dan ek lestich om wat oer it nivo te sizzen. Mar it soe moai wêze wannear’t stand-up comedy wat mear bekendheid krijt yn Fryslân. Kultureel sintrum De Bres yn Ljouwert is dêrmei dwaande. Want wy kinne noch wol nij jong talint brûke yn Fryslân. Wat dat oanbelanget is der hjir in gat yn de merk foar twatalige kabaretiers. Lit my mar dy earste roppende yn de woastyn wêze.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.