Falske histoaryske arguminten helpe it projekt Kulturele Haadstêd 2018 net

Jan Folkerts –

Under de kop ‘Fryslân op nei Europeeske takomst’ pakte de Ljouwerter Krante yn desimber foarich jier oer seis kolommen út mei in ûnferhoalen propagandaoffinsyf foar it projekt Kulturele Haadstêd 2018 (KH2018). Tresoar-direkteur Bert Looper die yn it artikel in fisy op de Fryske skiednis en in fisy op de Fryske identiteit út ’e doeken dy’t nei syn beskieden miening daliks mar yn it bidbook moast, ‘it ferhaal dat wy oan Europa fertelle moatte.’

Looper is as direkteur fan de belangrykste erfgoedynstelling yn ús provinsje ien om rekken mei te hâlden as it giet om de Fryske kultuer. Dy moat by him yn goede hannen wêze. Tresoar, de fúzje-organisaasje fan de provinsjale biblioteek, it ryksargyf en it Frysk letterkundich museum hat yn koarte tiid in solide reputaasje opboud. As de direkteur fan Tresoar wat te sizzen hat oer Kulturele Haadstêd 2018 is it dus saak om jins omtinken der eefkes by te hawwen.

Wat is der oan ’e hân? Looper stelt, wol aardich wis fan himsels, dat ‘de belutsenens by it hieltyd wer sykjen nei ús eigen dna de krêft is fan Fryslân. Nergens yn Nederlân hearsket sa’n obsesje mei wat wy binne en wa’t wy binne as yn Fryslân. Fryslân moat op syk nei syn dna en himsels opnij útfine.’

It is net ûnmooglik dat der yn Fryslân noch minsken omrinne dy’t werklik tinke dat de ‘syktocht nei it eigen dna’ in typysk Frysk ferskynsel is, mar dy hawwe dan skynber noch mar selden oer de gewestlike grinzen hinne west . It is miskien oerdreaun om te sizzen dat hiel Nederlân op syk is nei syn dna, mar in hiel soad skeelt dat net. Hiele provinsjes (Seelân, Brabân, Gelderlân) en stêden en gemeenten yn alle hoeken fan it lân fan Bodegraven oant de Noardeastpolder binne drok dwaande mei har eigen identiteit en it dna. De syktocht nei it dna is foaral in moadeferskynsel dat wy tsjinkomme yn de glossy brosjueres fan regio- en citymarketeers en kommunikaasje-adviseurs. Mei serieuze skiednis hat dat net safolle te krijen.

Looper hat lykwols mear te fertellen. Hy ûnderskiedt yn de Fryske skiednis fjouwer fazen, wêrby’t steatkundige feroaringen hieltyd de katalysator binne fan it proses fan identiteitsfoarming. De earste faze wurdt foarme troch de perioade fan de Fryske Frijheid yn de lette midsieuwen, de twadde faze is dy fan Fryslân as diel fan de Republyk, de tredde dy fan it Fryske Fryslân yn de njoggentjinde en tweintichste ieu, wêryn’t in nije, krêftige identiteit opboud wurdt, en in fjirde faze dêr’t sadaliks mear oer folget. It is in ynteressante fisy op de Fryske skiednis, dy’t lykwols wol hiel iensidich de klam leit op de relaasje tusken politike feroaringen en identiteit. Looper oerskat de rol fan steatkundige feroaringen en ûnderskat it belang fan de sosjaalekonomyske en kulturele ûntwikkelingen yn in ynternasjonaal perspektyf. Dat falt ienfâldich oan te toanen mei in foarbyld út Looper syn ‘tredde faze’.

Nei de fal fan Napoleon soe yn de fisy fan Looper Fryslân syn ferlies oan autonomy kompensearje troch de opbou fan in nije, krêftige identiteit wêryn’t skiednis, taal en lânskip de dominante skaaimerken binne. Dy eleminten komme lykwols frijwol oeral yn Europa tagelyk foar. Joast Hiddes Halbertsma stie net om ’e nocht yn kontakt mei gelearden yn hiel Europa dy’t allegear mei taal, identiteit en skiednis dwaande wienen. It gefolch fan it ferlies oan autonomy? Dan soe it ferskynsel him net yn de âlde naasjesteaten foardien hawwe, mar sjoch nei Ingelân, dêr’t Halbertsma yn kontakt stie mei de dichter Southey en de taalkundige Bosworth. Dútsers en Denen hoarden ek ta syn netwurk fan gelearden.

Sels yn de jonge Feriene Steaten ferwurke Washington Irving (1783-1859) – alhiel yn de sfear fan de Europeeske Romantyk – yn syn wurk de ‘âlde’ folksferhalen út it koloniale achterlân fan de stêd New York, mei in soad omtinken foar al dy eleminten dy’t Looper no as karakteristyk foar de Fryske njoggentjinde ieu beskôget. It Fryske Fryslân fan Looper syn njoggentjinde ieu en it agrarysk-arkadyske ideaal fine har oarsprong yn de flugge sosjaalekonomyske ûntwikkeling fan Nederlân, wêrtroch’t it noarden besiden de ekonomyske ferbiningssône tusken Londen, Hollân en it Dútske Rynlân kaam te lizzen. Dêrtroch teach de âlde Nederlânsktalige elite út Fryslân nei it westen fan it lân, en fersette in mear op de taal en it eigen gewest oriïntearre groep dêrûnder de beakens, troch Jensma prachtich beskreaun yn Het Rode Tasje van Salverda. Dy ‘ferfanging’ fan de Fryske elite en syn kulturele gefolgen is yndie in bysûnder proses, mar net te begripen as de ûnderlizzende ekonomyske faktoaren net besjoen wurde.

De fjirde faze dy’t Looper ûnderskiedt is dy fan Fryslân as Europeeske regio. Looper is in mediëvist, in histoarikus fan de midsieuwen, en it liket derop dat hy dêrmei gewoanwei te fier fan syn favorite tiidrek ôf rekke is om dêr noch in soad ferstannige dingen oer sizze te kinnen.

‘Yn mentale takomstoriïntaasje docht him dizze ieu in dúdlike ferskowing foar. Fryslân wol himsels net mear allinnich in plak jaan yn de Nederlânske, mar dúdlik ek yn de Europeeske takomst. It aksint ferskoot fan nasjonale steaten nei it Europa fan de ekonomyske en kulturele regio’s’, orakelet de Tresoar-direkteur. In feitlike fêststelling of in polityk-korrekte winsk?

Looper syn útspraak ropt de fraach op wa’t hy yn dat gefal bedoelt mei Fryslân. De Fryske befolking? It provinsjaal bestjoer? Wy moatte der in slach nei slaan. Yn alle gefallen draacht Looper gjin ûnderbouwing oan foar syn stelling. De histoarikus makket dêr plak foar de stjerrekiker. Dizze ieu is noch net sa âld, en – midden yn de tsjintwurdige Europeeske krisis – is der neffens my likefolle te sizzen foar de stelling fan Looper as dêrtsjin. As Looper bedoelt dat in diel fan de Fryske beweging him op Europa oriïntearret, de FNP bygelyks, dan is dat in iepen doar, in doar dy’t boppedat fyftich jier te let iepentrape wurdt. Wie FNP-foaroanman Singelsma net al yn de sechstiger jierren in grut foarfjochter fan in sterk Fryslân yn in federaal Europa?

Looper komt der sels ek net hielendal út, en is fan miening dat it projekt Kulturele Haadstêd oangrepen wurde moat om op dy fragen in antwurd te formulearjen.
Te freezjen falt dat wy hjir mei as wittenskip fermomme politike propaganda te krijen hawwe.

Politisy geane geregeld mei de skiednis op ’e haal as harren dat sa útkomt. Dêr is Fryslân gjin útsûndering yn: it is in ferskynsel dat altyd bestien hat en altyd bliuwe sil. Mar Looper is gjin politikus. As hy him stjoere lit troch de KH2018-lobby, ûndergraaft er net allinnich it projekt, mar ek syn eigen oannimlikheid. En dat is dan wer spitich foar de diskusje oer it eigene fan de Fryske skiednis, want dy moat sûnder mis fierd wurde. Ek sûnder dat wy tinke yn de termen fan Loopers ‘grand design’ is dy skiednis al ynteressant genôch. En Looper hat foar dy diskusje yn alle gefallen in oanset jûn.

Slút ik my no oan by de lange rige fan ‘soere’ kritisy dy’t net leauwe yn KH2018, no net en ‘noait net’?

Nee. Ik haw my wol earder útsprutsen tsjin de kandidatuer fan de provinsje, om foar de hân lizzende redenen (sjoch ûnder mear myn kollum “Kûbaard Kultureel Haaddoarp 2018”  yn de Moanne fan april 2011). Mar in goed ûnderboud ‘bid’ fan Ljouwert foar KH2018 soe ik fan herten ûnderskreaun hawwe.

Dat de provinsje miende him wol as kandidaat presintearje te kinnen liket inkeld in fersin, in politike ûnhandichheid. It is lykwols in symptoom fan de ieuwenlange ferhâldingen yn ús gewest, wêrby’t de stêden noait hielendal as folweardich sjoen binne. Dat stêden in eigen rol hawwe te spyljen, dy’t hieltyd belangriker wurdt, ek yn in tinbefolke en perifeare regio lykas dy fan ús, is in ding dat yn Fryslân allinnich mar skytskoarjend erkend wurdt. Yn dy sin is Looper syn tredde faze noch folslein aktueel. Wa’t fan miening is dat ik oerdriuw moat him eefkes besykje foar te stellen dat de provinsje Grinslân him kandidaat steld hawwe soe foar KH2018. Soe oait ien yn Grinslân dat serieus nommen hawwe?

It echte probleem hat fan it begjin ôf oan west dat der gjin ynhâld wie, inkeld foarm.

In tafallige bûtensteander moast wol tinke dat it hjir gewoan om marketing gong, net mear en net minder. De meast besprutsen fraach wie net wat Fryslân einliks yn 2018 dwaan soe, mar wat it kostje soe, wa’t it betelje soe, en foaral wat it opleverje soe. De briefskriuwers fan desimber 2011 begjinne harren oprop foar 2018 ek wer mei de befêstiging dat it om folle méár as kultuer allinnich giet. Ja, dat hawwe wy yntusken wol begrepen!

Ik bin net tsjin jild fertsjinjen mei kultuer of sa nayf om te ferûnderstellen dat kultuer gjin ekonomyske wearde fertsjintwurdiget. Mar de inisjatyfnimmers hawwe om foar my ûnbegryplike redenen net yn ’e gaten hân dat wa’t de yntrinsike wearde fan de kultuer sels net sintraal stelt, alle oannimlikheid fan it projekt ûnderminet. Wa’t kultuer foaral sjocht as in maatskiplik glydmiddel yn in troch ‘merken’ en banken dominearre maatskippij, ferfrjemdet úteinlik fan in protte Friezen dy’t werklik yn dy kultuer leauwe en dêr net yn it foarste plak jild of subsydzjes mei fertsjinje wolle.
As jo fan de hjoeddeistige KH2018-propaganda mei syn jeuzelpraat oer tema’s, spearpunten, perspektiven en linzen de citymarketingretoryk ôfskrabje, hâlde jo simpelwei te min oer.

Ljouwert sil yn 2018 gjin kulturele haadstêd fan Europa wurde, mar dat komt net troch gebrek oan jild of middels. Ik wol net twivelje oan de oprjochtens fan de motiven fan de foarstanners dy’t har sûnt koart manifestearje. Mar noch harren lette oprop, noch it wurk fan ‘kertiermakker’ Henk Keizer kin bemantelje dat it KH2018 fan ’e miet ôf oan foaral oan ien ding ûntbrutsen hat: in autentyk begearen.

 

oersetting: Oersetburo Sekuer, Ytsje Steen

lees hier de Nederlandstalige versie van dit artikel

Comments
2 reaksjes oan “Falske histoaryske arguminten helpe it projekt Kulturele Haadstêd 2018 net”
  1. Jan Folkerts (auteur) schreef:

    De orizjiniele tekst fan dit artikel ha ik ynlevere yn it Nederlânsk en stiet ek op dizze site. De boppesteande Fryske oersetting ha ik net sjoen en is ek net troch my autorisearre. Ik bin fan betinken dat as in stik oerset is, de namme fan de oersetter der ek by stean moat.

  2. Harry Bouwhuis schreef:

    Werom meitsje jo no drok oer in oersetting.
    Jo twifel of Ljowert yn 2018 de kulturele hadstêd wêze sil, komt wol oer.
    Wolle jo der oan meiwurkje om soks ta in sukses te meitsjen of net?

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.