Fallussimmernachten

SYTSE JANSMA –

 

 

lâns risseljend reid steapelet de sleat oktaven

as weagen werheljend de nacht draait himsels yn

 

in frisling fan roppende frosken it sliepkeamersrút

op in kier in simmer fan swit wachtet boppe de

 

knoop yn ‘e klamboe it pantomime beweegjen

fan sleatswetter noeget in skoalle reidjuffers om

 

as djoeiske kabûkidûnsers te sweevjen oerdei stienen

de efterliven as obelisken oerein dolkomyske

 

fallussimmernachten smell like teen spirit

dat it broeit as hite cheerleaderstimmen

 

 

Ut: ‘As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.