fotografy: Wim de Vries - www.devriesenluiks.nl

Fallend ljocht: oer ôfbrek en ferlies

HENK VAN DER VEER – 

Ofrûne simmer is de mânske bondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam ferskynd by de Friese Pers Boekerij. It is Dam syn fjirtjinde poëzybondel. Henk van der Veer hie nei it ferskinen fan de bondel in digitaal ynterview mei de dichter. In fraachpetear fia de mail hie de foarkar fan Dam. Dy kar hat in reden. Eppie Dam hat de sykte fan Huntington, in erflike oandwaning fan it brein, feroarsake troch in ôfwikend gen op it fjirde gromosoom. Hjirtroch is it dreech om op in oare wize in fraachpetear mei de dichter te hâlden. Op it earste each is oan Eppie Dam net te merken dat er dizze sykte hat. Lykwols, de sykte fan wat er sels neamt ‘hear H.’ spilet him hieltyd mear parten. “Ik bin by steat om in healoerke mei ien te praten, mar dêrnei sakje ik wei en bin amper mear by steat om myn tinzen te foarmjen en de goeie wurden te finen, sels net foar de meast ienfâldige saken. Wilens moat ik útsjen dat ik gjin kopkes omreagje of nuvere dingen mei de lusifers úthelje. Nei in healoere soe ik sloopt wêze.” Dêrom in ynterview fia de mail.

 

De achterflap jout der al wat ynformaasje oer, mar kinsto noch wat mear sizze oer de yndieling fan dizze bondel?
Yn it earste skift gean ik it gesprek oan mei hear Huntington, of miskien ynwindich wol de striid. It is in striid dy’t ik ferlieze sil, mar no noch net. Yn it twadde skift wurdt de line trochlutsen nei it ferfal fan de tsjerke, al hâlde guon gebouwen noch har wearde en betsjutting. Yn it tredde skift reizgje ik it libben nei, mei nammen en ideeën dy’t weirekke binne, en alles wat ûnderweis oan perspektyf feroare. Yn it lêste skift, oersettingen fan de Poalse dichter Csezlaw Milosz, ha ik ymplisyt omtinken jûn oan de twaspjalt tusken dichter en leauwige. Dy twa binne min te ferienigjen, mar by guon minsken sitte poëzy en religy no ienkear fan natuere yn it bloed.

 

Hast fjirtich jier lyn skreau in resinsint: ‘As Eppie Dam striekesiket, is it noch lang gjin maityd en laket net ien’. Dat wiene doe wiere wurden, mar se jilde al lang net mear.

 

Is dit ferwurkingspoëzy?
Al myn poëzy is ‘ferwurkingspoëzy’, yn dy sin dat ik dingen dy’t my dwaande hâlde yn gedichten ferwurkje. Ik ha wol in hekel oan it wurd, want it jout de suggestje datst dingen fan dy ôfskriuwe kinst. Dat is in raar idee, en boppedat, wêrom soest it wolle. It binne krekt de dingen dy’t by dy hearre, faak tsjin wil en tank, en dan kinst se better nei dy ta skriuwe en soargje dat se yn dy del wolle.

 

Fertel ris wat oer de toansetting fan dizze fersen. Der sit bygelyks nochal wat hilaritas yn, mar it makket my as lêzer hjir en dêr ek mankelyk. Sjochsto dat sels ek sa?
Hast fjirtich jier lyn skreau in resinsint: ‘As Eppie Dam striekesiket, is it noch lang gjin maityd en laket net ien’. Dat wiene doe wiere wurden, mar se jilde al lang net mear. Ik ha geandewei leard dat in lichtere toansetting net ferkeard is, en sels better wurket by it behanneljen fan swierdere tema’s. Dy oare toan siet al betiid yn myn berneboeken, mar miskien hat it him no trochfertaald nei de poëzy. Dat wol net sizze dat ik ynienen in fleurige dichter wurden bin. It is earder sa dat it ‘groanys pessimisme’, sa’t Goaitsen van der Vliet myn skriuw- en libbenshâlding oait typearre, plak makke hat foar mankelikens en bytiden humor. Dat is in grûntoan dêr’t ik my goed by fiel, en op dy manier hâld ik de doarren nei it libben iepen. Want oan de titel fan de bondel sit ek in positive kant.

 

Yn it twadde part fan de bondel skriuwsto benammen oer de tsjerken yn it noarden fan Fryslân. Wat hasto mei tsjerken? Wêrom binne dizze gebouwen foar dij sa wichtich?
Ik ha wat mei âlde herfoarme tsjerken, mear as mei de grifformearde en de katolike. De measte grifformearde tsjerken binne my te neaken, de katolike gau te oerdiedich en útwrydsk. Ik hâld fan de stille ienfâld fan herfoarme tsjerken, der giet in basale frede fan sa’n godshûs út. Sa’t se fertroud yn ús noardlik lânskip steane, en ienkear binnendoar soms troch de smelle nissen it ljocht ynlitte sa’t gjin gebou dat kin.

 

Wêrom draacht Psalm 39 de titel fan dyn bondel? Of is it hielendal dyn psalm?
Nee, myn psalm is Psalm 8. ‘En toch hebt Gij hem bijna goddelijk gemaakt’, wat sein wurdt oer de minske. Yn ’e Fryske oersetting: ‘Jo hawwe him mar in kromke lytser makke as de himelingen’. Dat hâldt wat yn en jout in grutte ferantwurdlikheid. Mar de oare kant is der ek, as wie it om dalik wer beskieden te meitsjen. Fan Psalm 39 ha ik mar twa fersen brûkt, en ik bin se noait moaier tsjinkommen as yn de Naardense Bijbel fan Pieter Oussoren: ‘U gaf mij een paar duimbreedten dagen; niets dan nevel alle aardmens, nú zo fier!’ Oussoren freget mei syn taal wol wat fan de lêzer, mar hy jout dûbel werom. As by goede poëzy.

 

Yn ’e rige De reis, it doek wurdt skreaun oer minsken dy’t net mear ûnder ús binne. Mei ik dy fersen as IM-fersen sjen of moat ik se earder oades neame?
Ik soe sizze, beide net. Yn elk gefal ha ik de fersen net skreaun mei sokke labels yn ’e achterholle. Ik neam minsken dy’t my op in bepaalde manier dierber west ha, al wiene se my net allegear like nei. Guon ha ik langer en better kend, oaren stiene op it each fierder fan my ôf. Mar ik herken, soms troch grutte ferskillen hinne, minsken dy’t besykje ergens foar te stean. Sa’n stille en miskien wol iensidige ferbûnens wurdt per definysje net oer praat. Mar in dichter kin de frijmoedigens nimme om him neidetiid út te sprekken.

 

Wat de oersette fersen oangiet, hoe kaamsto ta dyn kar en wêrom krekt Milosz? Mei oare wurden, wat betsjut hy foar dy?
Likefolle as alle dichters dy’t ik heech ha. Milosz is in swiergewicht. Ik hie syn samle fersen al, mar letter kaam ik syn Theologisch traktaat tsjin. Wat my dêryn oansprekt is de botsing tusken dichter en leauwige. Dat konflikt ha ik, op myn eigen beskieden nivo, sels ek ûnderfûn. Milosz komt deropút dat de teology it earste absolute referinsjepunt is, en dat ek bliuwe moat. Dêr stean ik oars yn. Foar my fertsjinwurdicht de dichtkeunst, yn it algemien sein, de ultime frijheid fan tinken en is al it oare dêroan ûndergeskikt. Mar ik begryp syn rop wol om mear werklikheid en betsjutting yn ’e poëzy, dy’t bytiden rûntemeallet yn frijbliuwendheid.

 

Binne de oantekeningen needsaaklik foar it ferstean fan wat der yn dizze bondel opnommen is?
Nee, fansels net. Ynternet hat it opnimmen fan oantekeningen fierhinne oerstallich makke. Hast alles is op te sykjen, mar it is de fraach oft lêzers dat ek dogge. Dan kies ik leaver foar noaten ûnder hânberik achter yn ’e bondel. Der steane ek altyd dingen by dy’t allinnich ik witte kin, en fan belang fyn.

 

Foar it omslach hasto gearwurke mei dyn dochter Ankemarije. Hoe bysûnder hat dat west?
Hiel bysûnder. Ankemarije hie al earder omslaggen foarmjûn foar liturgise titels fan myn hân, ferskynd by útjouwerij Intrada. Fallend ljocht is har earste literêre útjefte. Ik soe by de Friese Pers har namme noait neamd ha, as ik net oertsjûge west hie fan har spesifike kwaliteiten. Se hat har de lêste jierren sterk ûntwikkele en yntusken in pear moaie dingen makke. En foar my skilde it, dat ik net oan frjemd út hoegde te lizzen wêr’t dy walnút op ’e foarkant goed foar wie.

 

 

In hear frege om in hint

 

It hie wol iepen mocht, hear Huntington,

lyk yn ’t gesicht it bliuwend effekt.

Ik rin net fuort, wêr sjochst my foar oan –

dat toan mij planút dyn duvels trajekt.

 

Faaks dat in hint al helderheid jout.

Do bist ommers thús yn ’t griis labberet

mei tizige paden op stomprinnen boud.

Of ha myn obstakels dyn omtinken net?

 

Ik stean yn ’e skuon; do kinst it oersjen.

Fergun mij in oanblik, fierder as hjoed;

dan sil ik yn bochten, rjochtingferlern,

troch de beammen it bosk ynstjoerd.

 

 

Eppie Dam, Fallend ljocht. Friese Pers Boekerij, 2014. 80 siden, oars €14,95, mar as Boek fan de moanne mar €10,00.

Comments
Ien reaksje oan “Fallend ljocht: oer ôfbrek en ferlies”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.