Faderpaard

Bêste Marco,

De stim fan Tsjêbbe Hettinga weaget troch de seal as in tsjerkeklok troch in rûzige nacht, mar fierder kin de foarstelling Faderpaard dy’t ik jûn op tv sjoch, my net altefolle boeie. It sjocht der moai út, dêr net fan, mar wat dizze gearstalling fan lietsjes, acts en optochten my no krekt fertelle wol ûntgiet my folslein.

Hawar, dat sil wol komme om’t ik niks op ha mei sjezen, belslydjeien, rinkjestekken, sturtheechhâlden en earizerpronkjen. Dat getrut yn in troch ferfeelsum hantsjeklappende hannelslju omfime sânbak benimt my it sicht op it eale dier te bot. De prachtige filmbylden fan de fjouwerjende hynsten by it Waad wienen dus eins de iennichste mominten yn de foarstelling dat ik op myn iepenst siet te sjen.

Want hoe dan ek, it binne fansels prachtige bisten. Sierlik, wis, ja suver arrogant bewege se har yn it iepen fjild, as de Lion Kings fan de kwelder. Fierstente moai eins foar ús, kloatsjefolk fan de klaai. Se hawwe krekt alle eigenskippen dêr’t it ús oan ûntbrekt, dat hoe kin sa’n ras ea de namme ‘Frysk hynder’ krigen ha?

Ik seach nei de grasjeuze galop, de soeplesse en de ferheven koppen, en doe tocht ik oan dy. ‘k Wit net wêrom, miskien wol fanwege dy opmerking oer hynders en ruters dy’t dy sa faak neidroegen is. Of om dyn wize fan rinnen, sa mar krékt eefkes de grûn oantippe, sa’st eartiids diest yn dat readwite en letter readswarte shirt.

Yn elts gefal. Ik tocht oan dy. Te sierlik foar ús. Wis, arrogant soms. Grasjeus. Alles wat wy net hawwe. Dat hope ik, dat woe ik sjen, twa jier lyn by dyn oankomst. Dy steatlike swan, dy’t mei syn hiele hâlden en dragen fier boppe de lju útstiicht. Stilsteand as in sfynks njonken de sydline, stoareagjend oer it fjild en mei in inkeld hângebaar de manskippen te plak sette.

Lykwols, ik seach in ierdske man. Dy’t krekt as elkenien muoite hie om oerein te bliuwen yn syn omjouwing. Dy’t syn bêst die, mar it út en troch gewoanwei net wist, krekt as ik. Dy’t drok pratend en soms flokkend besocht om de boel nei syn hân te setten, en machteleas de hannen ta de himel brocht as de slach ferlern wie. In ierdske man. Dy’t yn in fluch tempo griis waard.

It gie net striemin, mar in hiel soad moais hat it ek net opsmiten, dy twa jier fan dy yn it Feen. Leau ik. Want in protte doel oer fuotbal haw ik net. En hoe’t dat kin, haw ik allikemin wit fan.

Mar doe seach ik de filmbylden fan dat machtige hynder, en waard my wat dúdlik. Dat hynder, dat superieure bist, sil der net oer prakkesearje om him te ferleegjen ta it gewoane folk. Want hy wit: dan wurdt ik in dom sirkusnûmer yn in arena fol mei ferfeelsum hantsjeklappende hannelslju. Dan sit ik ynienen yn in minne foarstelling. Dat benimt it sicht op jins unike kwaliteiten.

Hie mar gewoan in Faderpaard bleaun, Marco. In sierlik wyld Frysk hynder, troch nimmen lytsman te meitsjen. Yn dyn eigen wrâld, op fiere ôfstân fan it kloatsjefolk. Dan hienen wy allinnich fan ôfstân nei dy sjen kinnen, genietsje fan dyn sierlike trêd, dyn ferheven blik. Miskien soenen we neat mei dy wurde kinne, mar dan hienen we tenminste noch by dy opsjen kinnen. Sa’t it heart – bewûnderje kin allinnich op ôfstân.

De deagewoane, kâlde Fryske wrâld, dêr krijst allinnich mar griis hier fan. En dat stiet dy net.

 

Bart Kingma

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.