fotografy: Muziektheater Transparant

Façade: De laatste dagen van Mata Hari

ELSKE SCHOTANUS – 

Freedtejûn, 26 januari, brocht it Flaamske Musykteater Transparant yn it Posthús op It Hearrenfean it teatrale lietresital Façade: De laatste dagen van Mata Hari, ek wol oankundige as offisjeel ûnderdiel fan it haadprogramma by de iepening fan it kulturele haadstêdjier LF2018. Toch is de foarstelling, dy’t earder ûnder mear yn Antwerpen te sjen west hat, noch mar trije kear yn Nederlân te sjen. En dy kearen sille net yn Fryslân wêze. Terjochte of net?

 

Façade: De laatste dagen van Mata Hari is beslist in foarstelling dy’t in grutter publyk fertsjinnet as in healfolle seal mei in grut part genoadigden.

 

It ferhaal fan de spionne en eroatyske dûnseres Mata Hari – Margaretha Geertruida Zelle (1876-1917) har artystenamme – is, mei alle publisiteit om it frijkommen fan argiven, de tentoanstelling yn it Fries Museum en, net te ferjitten, har eksekúsje, foarich jier oktober hûndert jier ferlyn, hinne is bekend. Façade giet oer de perioade fanôf it momint dat sy op fertinking fan spionaazje finzen set wurdt oant it momint dat sy foar it fjoerpeleton stiet. Wa’t spektakel ferwachte, sil teloarsteld west ha. Wa’t fan in ferstilde, ferhalende muzikale foarstelling hâldt genoaten fan sopraan Claron McFadden en Claire Chevallier op piano.

Yn lieten, op musyk fan tiidgenoaten as Debussy, Poulenc en Satie wurde Mata Hari har tinzen en gefoelens werjûn en wurdt tagelyk in tydsbyld sketst. Muzikaal, mar ek as it giet oer in soldaat, in jonge fan tweintich dy’t fjochtet yn de Earste Wrâldoarloch.

De lieten wurde ôfwiksele troch koarte spylsênes. It meastepart fan it ferhaal wurdt ferteld fanút it stânpunt fan de arts Léon Bizard (acteur Josse de Pauw) dy’t har, yn de perioade dat sy yn Saint-Lazare yn Paris finzen sit, geregeld besiket. Hy fertelt oer moetingen mei har, mar ek oer wat in psycholooch fan har fynt. Fierder lêst er Margarethe Zelle har brieven oan famyljeleden fan har eks foar en ek in resinsje oer in optreden. Dizze bylden binne yn it foar opnaam en wurde op trochsichtich gaasdoek fertoand. Technysk sjoen moai, want sjochst sawol de projeksje as beide froulju en as der gjin projeksje is falt it doek net op. Steurend is lykwols al dat der tidens de projeksjes in wjerbyld op de achtergrûn te sjen is. Likemin goed trochtocht is de wize wêrop’t teksten projektearre wurde. Liet- en sprutsen teksten binne foar in part yn it Frânsk, foar in part yn it Nederlânsk, in inkeld liet is yn it Dútsk of Ingelsk. Oersettingen, sawol foar in Frânsk- as foar in Nederlânsktalich publyk – as sein, it selskip is Flaamsk – needsaaklik om it ferhaal folgje te kinnen, ferskine op it skerm, mar lang net allegear. En sprutsen tekst wurdt hielendal boppe-oan projektearre, fier boppe it spylflak. It each lûkt dan nei de tekst, net nei wat op it toaniel bart.

Claron McFadden sjongt dan wer koket, dan wer swoel of ynbannich en lit sa ferskillende aspekten sjen fan de frou dy’t Margaretha Zelle west ha moat. Clare Chevalier begeliedt har soepel en betiden firtuoas. Margaretha Zelle har ferhaal, hoewol bekend, is yntrigearjend genôch om op dizze wize brocht te wurden. Bysûnder is hoe’t sysels in ûnderskied makket tusken Margaretha Zelle en Mata Hari, twa hiel ferskillende persoanlikheden. Is Margaretha bang foar de neierjende dea, Mata Hari wegeret in blyndoek foar te dwaan as sy foar it fjoerpetoton ferskynt. Façade: De laatste dagen van Mata Hari is beslist in foarstelling dy’t in grutter publyk fertsjinnet as in healfolle seal mei in grut part genoadigden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.