Erlend Loe – Doppler

GEART TIGCHELAAR – 

Skjin myn nocht fan alles hawwende, wie ik ferline jier nei Denemarken fytst. Dêr haw ik seis wiken heal-om-heal fan ’e wrâld ôfsletten west. Op sokke mominten komt men der efter wat men oan goede freonen hat, want sa krige ik de tip om Doppler fan de Noarske skriuwer Erlend Loe te lêzen. It die har wol wat oan my tinken, sa sei se derby, dat myn nijsgjirrigens wie fuortdaliks oproppen.

 

Humoristysk mei in justjes bizar ferhaal.

 

En dy nijsgjirrigens duorre oant de lêste side ta, want wat hat Loe in hearlik ferfrissend ferhaal yn in flotte en suver wat boartlike skriuwstyl ferpakt. De lêzer komt yn de kunde mei Andreas Doppler dy’t nei’t er mei de fyts yn it bosk falt yn dat bosk ferbliuwe wol. Hy kin net echt útlizze wêrom, mar hat wol in sterke oanstriid. Hy makket in soarte fan freonskip mei in jonge eland nei’t er dy syn mem deamakke hat. Hy hie gjin kar neffens eigen sizzen, mei’t er fansels ite moast en der oan in eland aardich wat fleis sit.

Doppler hat in frou en twa bern dy’t it net begripe. ‘Ik overdrijf niet als ik zeg dat mijn vrouw het vreemd vindt dat ik momenteel in het bos woon. Ze begrijpt er niets van, blijkbaar.’ Se komt wolris by him yn it begjin, mar it slagget har net om him oer te heljen werom te kommen. Andreas moat yn it bosk wêze. Syn soantsje Gregus komt letter lykwols al gauris by him yn it bosk en bliuwt in langer skoft.

Doppler wol neat mear mei minsken te krijen hawwe. ‘Ik hou niet van mensen. Ik hou niet van wat ze doen. Ik hou niet van wie ze zijn. Ik hou niet van wat ze zeggen.’ Iroanysk is dan dat er op it lêst in singuliere, âldere man as freon beskôget. Fierders komt der in saneamde rjochtse man en in ynbrekker by him yn it bosk. Mar dan is it bosk net mear wat it yn it begjin wie, dat hy wol mei syn soan en de eland fierder it bosk yn tsjen. Dat syn frou fan in tredden befallen is, feroaret neat oan dat feit.

Mei in soad humor beskriuwt Loe Doppler syn gedachtegongen dy’t betiden wat nuver ferrinne. ‘Ik vond het vervelend dat er dingen in de wereld gebeurden die de zaken waar ik mijn verstandelijke vermogens aan besteedde, in wezen tot bagatellen reduceerden. […] Ik ergerde me er wekenlang aan dat ze niet met die bombardementen hadden kunnen wachten tot wij klaar waren met het opknappen van onze badkamer.’ Sa reflektearret Doppler ek op it moderne, maatskiplike libben dêr’t er drastysk ôfstân fan nimt. Hy nimt dat op ’e skop en hat de gek der mei en set de lêzer oan it tinken.

Koartsein is Doppler fan Erlend Loe in flotskreaun, humoristysk mei in justjes bizar ferhaal in hearlik ferfrissend boek dêr’t likegoed mear efter stûket as men yn earste ynstânsje fan tinken hawwe soe.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.