fotografy: www.tantetjits.nl

Eppie Dam skriuwt syn eigen Frysk

FRIDUWIH RIEMERSMA – 

De arguminten yn it debat oer de foarnommen staveringsherfoarming en standertwurdlist rinne útinoar tusken fakgebieten. Dat is logysk mar lestich; it draacht net by oan oersjoch op de kwestje. It soe sa moai wêze as immen my syn stânpunten útlizze koe dy’t ferstân hat fan de deistige praktyk fan it ûnderwiis, dy’t taal net inkeld funksjoneel tapast mar ek artistyk, leafst as dichter, en dy’t him tagelyk as in filosoof bejout yn it wûnder fan betsjutting. Mar sa’n persoan soe, tocht ik, wol net bestean. No, dat die er wol. En hy woe ek graach in emailynterview jaan: de âld-learkrêft en alsidige skriuwer Eppie Dam.

 

Op hokker wize hasto ûnderfining opdien mei it fak Frysk yn it ûnderwiis?
Ik ha fan 1991-2009 learkracht west oan in basisskoalle yn Balk. Yn dy achttjin jier ha ik de groepen 4 oant en mei 8 hân, en dêr alle wiken Frysk jûn. Mear as it oerke wyks dat derfoar stie, mar dan noch wie der fierste min tiid om alles goed te dwaan. Ik ha my altyd konsintrearre op it lêzen, foaral it lûdop lêzen, mear as op it praten en de stavering. It is in yllúzje om te tinken datst bern samar even de Fryske stavering bybringe kinst. Dan soest it faker en systematiser jaan moatte, en dêrfoar ûntbrekke de mooglikheden. Boppedat fine taalswakkere bern it behoarlik dreech, wat faak ûntmoedigjend wurket en weromslacht op de ynteresse foar it Frysk. Lit se dan mar leaver lêze en suksesûnderfining opdwaan. Op dy manier krije se ek wurdbyld en stavering ûnder eagen. Frysk lêzen leare kinne se allegear, ek de net-Frysktaligen, en elkenien fynt it prachtich om te dwaan. Teminsten, salang’t de lêsstof nijsgjirrich genôch is en oanslút by de leeftyd.

 

Wat binne dyn ûnderfinings op it mêd fan it oanlearen fan de Fryske taal dêr’t gjin hûndert persint oerienkomst is tusken de klank en it letterteken?
De praktyk wiist út dat bern, lûdop lêzend, it gat tusken klank en teken meastal maklik oerbrêgje. Net ien sil de l útsprekke yn âld of wolst, of de r yn wurd of sturt. Dyselde r is lykwols net út te roegjen yn swart en dwars, nei alle gedachten trochdat de wurden ticht by it Nederlâns stean. Sa binne der mear taaie gefallen, ek foar bern dy’t better lêze en fan hûs út Frysk prate, lykas de a yn kast en klasse, dy’t yn de útspraak faak in a bliuwt. En sels de alderbetûfste lêzers yn groep 8 meitsje gjin klankûnderskied tusken der en dêr. Mar dit falt al bûten de fraach.

 

Ik liet de bern dy’t dat leaver woene ek iiskâld leste lêze, ek al stie der meie. It gefoel moat goed wêze, oars wurdt it eigen Frysk in frjemde taal.

 

Wêr bestiene de swierrichheden út by de ynstruksje en it learen? 
Ik ha al sein dat stavering by my gjin prioriteit hie, en by it lêzen soarge ik dat ik de swierrichheden foar wie. Ik ha noait in bern ferplichte om lûdop Frysk te lêzen, mar se ha it allegear dien, gewoan yn ’e groep, mar wol op it momint dat se der sels oan ta wiene. De traachste of meast skrutene bern wiene mei seis wiken safier. Betingst is ál datst mei de groep ôfpraatst dat elke útspraak goed is, dus ek it Frysk mei Surinaamse tongfal. Bern moatte har feilich fiele.

 

Hoefolle bern en folwoeksenen binne der op de tsien dy’t muoite hawwe mei de Fryske stavering? 
Dan soe ik de wiete finger yn ’e loft stekke moatte. Miskien fiif as it giet om passive behearsking fan de stavering, nedich om lêze te kinnen; yn elk gefal wol njoggen asto útgiest fan aktive behearsking, sis mar de skriuwfeardigens.

 

Wurdt dêr gjin ûndersyk nei dien?
Der sil fêst wol ûndersyk nei dien wêze, mar dat wol net sizze dat de útkomsten altyd de skoallen berikke. Ik ha der yn myn tiid gjin weet fan hân, en ik freegje my ek ôf wat it opsmyt om sokke persintaazjes te witten. Ferjit net dat ûnderwiisminsken – teminsten, as it goed is – foaral op de praktyk rjochte binne, en dêr hoege net altyd rapporten by. Skoallen ha al de hannen fol om it Frysk noch in bytsje foarinoar te krijen. Guon learkrachten prate de taal net; mar in hantsjefol kin it Frysk behoarlik skriuwe, en dan binne der noch guon dy’t it ûnferskillich lit of der neat fan ha moatte. Ja, dan is it byld fan wittenskiplik ûndersyk dat yn it team bepraat wurde soe, op syn sachtst sein wat al te roaskleurich.

 

Wol dat sizze dat der yn it Fryske ûnderwiisfjild gjin sprake is fan in trochgeand petear oer de praktysk-ûnderwiiskundige aspekten fan it Frysk op skoalle?
Sa is it, en it soe op dit stuit ek tefolle frege wêze. It ûnderwiis is hielendal trochdraaid en hat it drok mei dingen dy’t de hegere ynstânsjes belangryk fine, mar yn feite sekundêr binne. It soe in goed ding wêze om earst mar ris de false lucht te fentilearjen út dy opblaasde bûl fan moaie wurden dy’t ûntstien is. Deselde skynwrâld dy’t himsels yn stân hâldt by de banken, de plysje en de soarch, tamtearret ek de skoallen. It is poeha, prytpraat en protokollen wat de klok slacht, en it kleare wurkjen oan de basis sjit der by yn, wylst it dêr begjinne moat. Ik ken noch wol de ûnmacht fan de wurkflier dy’t it mar net slagget om werom te gean nei de essinsje. Spitigernôch stean der ek minsken foar de klasse dy’t de nije, holle moaden omearmje en har deroan oerleverje. Dat fyn ik kwealik. Se ferkwânselje it fak, en ûnder oaren it Frysk wurdt der de dupe fan.

 

De dialektseleksje dêr’t se no blykber op ta wolle raast oan ’e protters. It betsjut in miskenning fan it Frysk en is in mislediging foar de brûkers fan de taal.

 

Do bist berne op de grins fan de Klaai en de Wâlden, en do hast jierren wenne en wurke yn de Súdwesthoeke. Wat hat dat dy leard oangeande de taalfarianten?
Dat se der binne, en dat sawol bern as grutten der nuver tsjinoan sjogge, sa’t minsken no ienkear dogge by alles wat frjemd is. Dat mei gjin reden wêze om farianten út te bannen en ferskillen glêd te striken. Minsken moatte de wurden koesterje dêr’t se idee en gefoel by ha, en dan binne sneon en saterdei, romte en rûmte, en meie en leste net itselde. It tiidwurd leste stiet yn de betsjutting fan ‘iten al of net lekker fine’ net iens yn it Hânwurdboek. In omisje. Yn de Súdwesthoeke wol ‘gjin spinaazje meie’ hast safolle sizze as dat dokter it ferbean hat. Ik liet de bern dy’t dat leaver woene ek iiskâld leste lêze, ek al stie der meie. Sa’t se ek kokje sizze mochten as der siede stie. It gefoel moat goed wêze, oars wurdt it eigen Frysk in frjemde taal. En dat kin bytiden hiel nau lústerje.

 

Sil de foarnommen staveringsherfoarming en taalstanderdisearring de belangen tsjinje fan de minsken dy’t de Fryske taal leare wolle?
Yn myn eagen net. De feroaringen yn de stavering binne minimaal, sa’t wy begripe moatte. Dat wol sizze dat minsken dy’t de taal no dreech fine om te learen, dat dan noch altyd fine sille. Dat jildt foar kursisten by de Afûk krekt sa goed as foar skoalbern wêr dan ek. En taalstanderdisearring is fansels in griis. De rop om Standertfrysk wie der al doe’t ik yn de jierren santich krekt begûn te skriuwen, mar doe wie it noch mei behâld fan farianten. De dialektseleksje dêr’t se no blykber op ta wolle raast oan ’e protters. It betsjut in miskenning fan it Frysk en is in mislediging foar de brûkers fan de taal. En dat sil dan oplein wurde troch Provinsjale Steaten yn ’e mande mei de Fryske Akademy, wêr helje se it foech en de bretalens wei. As wiene der gjin oare dingen om tiid en enerzjy yn te stekken. En jild ja, mar dat is fers twa. Se hoege oars net te tinken dat it kâns fan slagjen hat, want Fryslân – of wat derfan oer is – lit him dit net oplizze. Dêrfoar binne de natuerlike krachten fan ûnderen op gewoan te sterk: taal moat en wol syn loop ha, sa’t wetter altyd syn wei fynt om te streamen en net op in sydspoar mear of minder sjocht.

 

Wat taal en gedichten oanbelanget, wat is de wearde, of just it manko, fan in gaoatyske stavering of in plurisysteem of in sekuer ortografyske stavering foar artistyk taalgebrûk? Wat hat dyn foarkar en wêrom?
No, ‘gaoatise stavering’ is wat sterk sein. Sa gaoatys is de stavering no ek wer net, al soene guon dingen wol konsekwinter kinne. Ik bin ek tefolle taal- en ûnderwiisman om my ôf te setten tsjin in offisjele en goed trochtochte stavering. It is goed dat dy der is, mar as skriuwer en dichter kin ik min út ’e fuotten mei foarskreaune regels, en wa soe se my ek oplizze. Ik ha my der altyd tsjin ferset. Net om dwers te wêzen, mar omdat ik de taal oan mysels hâlde wol. Ik druk der wat fan myn wêzen yn út, en dêr kin ik gjin foarmen by brûke dy’t my poerfrjemd binne. Mar de stavering is net it echte probleem. Dat is dy ûnsillige standerdisearring.

 

Wat is de wearde of just it manko fan in standertwurdlist foar artistyk brûkte taal? 
Dy wearde is nul. In standertwurdlist, it is suver om te laitsjen as it net sa treurich wie. Skriuwers en dichters ha der neat mei op. Se sjogge har al sitten: romans en poëzy skriuwe mei it Griene Boekje as pompeblêdbibel neist it toetseboerd. Minsken dy’t de taal yn artistike sin brûke ha no ienkear de eigenskip, en it ferlet, om oeral wurden wei te heljen. Dat makket literatuer ek sa de muoite wurdich: dat it de kleur en de krûdigens meinimt fan de man of de frou by wa’t it wei komt. Mar gjin noed, skriuwers sille har net beheine litte.

 

De rare moade om in wurd Frysker te finen as it fierder fan it Nederlâns ôf stiet, begryp ik ek net.

 

Hoe grut is it effekt fan in taalstanderdisearring op artistyk skriuwen? Ferskilt dat effekt fan bygelyks it effekt dat standerdisearring hawwe sil op net-artistyk skriuwen? 
De grins tusken artistyk en net-artistyk skriuwen is net hierskerp te lûken. Ik fyn dat immen dy’t skôgjende of sjoernalistike stikken skriuwt, krekt sa goed de frijheid ha moat om ôf te wiken fan wat as standert sjoen wurdt. Dy standert is ek mar troch minsken betocht, en draacht faak de spoaren fan it ferline, ek de minder moaie. Om it ticht by mysels te hâlden: doe’t de Ljouwerter krante my frege om poëzyresinsjes te skriuwen, ha ik tasein op betingst dat ik myn eigen taal hâlde koe. Dat hâldt ûnder oaren yn dat ik achter brûkt foar efter, sacht foar sêft, -achtich foar -eftich, en gjin k skriuw achter komys en yn Skotse. Ik kin ek min begripe dat oaren dat net sa dogge en foarmen yn stân hâlde dy’t achterhelle binne en de taal antyk meitsje. En wêr ha wy it oer; ik fyn dat ik noch altyd Frysk skriuw.

 

Goed idee, sa’n betingst. Sille wy der in oprop oan al dyn kollega’s fan meitsje? Do bist net de iennichste gesachhawwende persoan dy’t seit: ik fyn dat ik mei alle farianten dy’t ik brûk goed Frysk skriuw.
Nee, ik rop myn kollega’s net op. Dy kinne sels wol neitinke. As se bewust kieze foar ferstienne en argaïse taal, dan is dat sa. As se it mar net dogge út slaafskens of benaudens. Dy hearre net thús by in skriuwer. Undertusken snije myn lytse oanpassingen fansels wol hout.

 

Wat kin der barre as in wurd lykas ‘ûndertusken’ ferdwine soe om’t it as Nederlannisme net op de standertwurdslist komme soe? Is it dan noch mooglik om in gedicht as ‘Frontaal’ te skriuwen tinksto?
Se kinne op de standertlist sette wat se wolle, wurden dy’t de kanon net helje, sille dêrom net ferdwine. Dêr soargje de brûkers fan it Frysk, en oars de Fryske skriuwers wol foar. Al binne yn beide groepen ek minsken te finen dy’t der lyksa sokke nuvere standertideeën op neihâlde. Sa soe belangryk altyd wichtich wêze moatte, wat út soarte net sa is, en dat wit it wurdboek ek. Datselde wurdboek jout yntusken allinnich petear, en gjin gesprek, wylst it Frysk it tiidwurd sprekke, it substantyf sprek, en dêrneist it prefiks ge- ken. It moaie wurd petear hoecht net yn ’e ban, mar der is gjin reden om spastys te dwaan as immen gesprek seit. De rare moade om in wurd Frysker te finen as it fierder fan it Nederlâns ôf stiet, begryp ik ek net. As seleksjekritearium is it yn elk gefal in heilleaze wei. Dat fyn ik ek fan dizze hiele taalaksje fan hegerhân, dy’t boppedat achter de rêgen omgiet. Mar der lekt wolris wat út. Ik sit yn de oersettersploech foar it nije lieteboek foar de tsjerken. Krij ik in pear wiken lyn in mailtsje fan de redaksje: se binne ta de ûntdekking kommen dat it Nederlânse visioen yn it Frysk tenei skreaun wurdt as fisjoen, konform pensjoen. Sa stiet it yn de ‘List fan frjemde wurden’ en sa komt it aansent yn it Griene Boekje is de hiting. As dit in foarboade is dan wurdt it in list fan híele frjemde wurden. Jesaja soe fys sjoen ha mei sa’n fiergesicht.

Comments
5 reaksjes oan “Eppie Dam skriuwt syn eigen Frysk”
  1. Geart schreef:

    Hast gelyk, Eppie jonge – sjoch nei myn eigen Frysk yn myn fertaling, eh ferhip, eh oersetting, fan Frederick Feikema Manfed syn GREEN EARTH – mar dat boek hast fansels wol lêzen. Ik hie ek it gefoel dat EFTER út de skriuwtaal ferdwûn wie, mar it liket ferdomd weromkommen te wêzen.

    We moatte ek fan BARRE ôf en gewoan GEBEURE skriuwe, en dat KENING (dat noait Frysk west hat) smite wij ek mar fuort. Gewoan KOANING dus. En dat GEWISSE is gewoan Dúts, en dat komme jo soms wolris yn 19-ieuske Nedederlânske teksten tsjin, mar it bliuwt Dúts. GEWETEN dus.

    Sokke superfryske wurden sil NEA ien hûn in bek op sette wolle. Eh, skaf NEA fansels ek ôf, as jo goed bij de holle binne. Dat wol sizze; ik haw it brûkt yn myn fertaling fan PARADISE LOST, mar dêr wie it in moai middel om ferhevene taal oan te jaan. Skriuw NOAIT NEA dus yn normaal Frysk, etc. etc.

  2. Eppie schreef:

    Hoi Geart – Ja, fansels ken ik DE GRIENE IERDE, ien fan de moaiste boeken dy’t ik oait lêzen ha, en dyn eigensinnige en natuerlike oersetting draacht dêr absolút oan by. Minsken mei kâldwetterfrees soene har ris yn dy taal ûnderdompelje moatte, om derachter te kommen dat se net fersûpe, en it Frysk allikemin. En ik bin it mei dy iens: soms freegje sfear en/of kontekst om in wurd dat wy gewoanwei minder faak of hielendal net mear brûke. Foar in dichter jilde dan ek noch gauris klank en ritme. Uteinlik giet it derom dat wurden dogge wat wy sizze, gryp dêrom alle middels (lês farianten) oan. Wurden as NOAIT en IEN meie miskien ús foarkar ha, it soe healwiis wêze om dêrom nóait wer NEA en IMMEN te brûken. Mar minsken dogge neat leaver as oaren fêstpinne, it liket wol geloof. Ik ha oait fjouwer jier lang sûnder fleis west, mar ik krige foar de fuotten smiten dat ik fisk iet. Foar taal jildt, frij nei de Preker: wês net al te rjochtsinnich, mar ek net al te goddeloas. En wat my oangiet: wês net konsekwint; wit dat neist/nêst/njonken wurden noch mear wurden bestean, by oaren en by dysels.

  3. Geart schreef:

    Jaja, it is nuver, hè – minsken dy’t suver noait Frysk skriuwe, begjinne dan ynienen ELTS en WICHTICH te skriuwen, en alle wurden op -EARE wurden dan ynienen -EARJE.

    Yn myn fertaling fan DAVID COPPERFIELD (hast ôf, ferskynt takom jier) pas ik itselde prosedee ta: brûk natuerlik Frysk as dat kin, en mij dy super-Fryske sjibbolet-wurden. Der bliuwt noch genôch oer om moai Fryskk mei te meitsjen!

  4. Eppie schreef:

    En dan ha wy it noch net iens oer WY, WIJ en WE hân. By de FRYSKE MATTEUSPASSY ha ik fan Gerben van der Veen leard dat koar en solisten min byt krije kinne oan de Y-klank. Sûnt dy tiid skriuw ik yn lieten oeral wêr’t dat kin in IJ, en ja, ik fyn dat se dy dan ek boppe Drachten mar even sjonge moatte. Dy fjouwer dappere mûskes fan dat boek soene der net benaud foar wêze. Ik ha der ek in lietsje by skreaun, foar pjutten en beukers, en Hindrik hat der in prachtich wyske op makke. It giet miskien tagelyk oer taal en identiteit – gjin dingen om dy yn op te sluten.

    Ticht bij hûs bin ik geboaren,
    lytse mûs fan heit en mem,
    en wij wenje yn it noarden
    dêr’t ik alle hoaltsjes ken.

    Mei myn snútsje tsjin ’e ruten
    komt it hiem wol hiel tichtbij,
    mar dêrachter leit it suden –
    is dat net in plak foar mij?

    Ticht bij hûs bin ik geboaren,
    mar ik wol graach fierder sjen –
    miskien wenje dêr wol oaren
    dy’t ik samar treffe kin.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.