Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’

HENK VAN DER VEER – 

Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze rubryk oer út oan de hân fan fyftjin fêste fragen. Diskear is dat Eppie Dam.

1. Besteane der neffens dy op dit stuit streamingen yn de Fryske poëzij?

De Fryske poëzij is te lyts foar streamingen. Wy binne al bliid mei elke wjittering dy’t út it lege lân wei in bydrage levert oan de see fan wurden. Trouwens, wat binne streamingen? Se tsjinje faak de kadersucht fan wittenskippers of helpe de gearstallers fan literêre hânboeken oan in foarm fan didaktyk. Dit wiene De Tachtigers, dat woene De Fyftigers. No hiene dy noch in program. Allinnich, hoefolle dichters falle dan wer krekt bûten de grinzen? En de dichters dy’t der kenlik binnen falle, sjonge dy allegear itselde liet? Faak wurde ûneigentlike skaaimerken oandroegen om in groep as groep te affisjearjen. Dat in ploechje Fryske dichters tafallich yn Grins tahâldt, wol net sizze dat se op grûn dêrfan in literêre streaming foarmje. Elke dichter is syn eigen streaming, krekt as elk minske in streaming fan wetter, bloed en galle.

 

2. Stiet de Fryske poëzij op ’e dea of is der noch fernijing mooglik?

De fraachstelling is my te dramatys. De Fryske poëzij stiet net op ’e dea. Om ’e fiif jier komme der wer nije nammen by: dichters dy’t de Fryske taal foar kar nimme om te sizzen wat se wurd ha wolle. Dat de kwaliteit net altyd oerhâldt, is wat oars. Wy moatte net te gau it near lizze op poëtise uteringen dêr’t wy persoanlik miskien wat minder ûntfangst foar ha, mar dy’t in oare generaasje krekt oansprekke fanwege har eigentiids karakter. Poëzijskôgers dy’t grutbrocht binne mei in fêst idee oer poëzij, wize wat bûten har kaders falt faak te maklik ôf. Dat fyn ik in falkûle. Sûnder rotsoai te legitimearjen, sjoch ik poëzij graach as it brede arsenaal fan stimmen dy’t mei-inoar it lûd fan de dichtkeunst útmeitsje. Dêr sil ek altyd in fernijend lûd tusken sitte.

 

3. Wat fynsto fan de kwaliteit fan de hjoeddeistige Fryske poëzij?

Dy is neffens my net minder of better as west hat. Foar safier’t it ta de hjoeddeistige poëzij rekkene wurde meie, hâld ik fan it wurk fan de bruorren Hettinga (Eeltsje hat myn foarkar), Piter Boersma, Wilco Berga, Margryt Poortstra, Harmen Wind en Jacobus Smink. De lêste wurdt ûnderwurdearre, nei myn idee. De poëzij fan Cornelis van der Wal en Albertina Soepboer kin maklik yn dat rychje mei, al fyn ik it ûngelyk fan kwaliteit. Lida Dykstra en Aggie van der Meer ha moaie fersen skreaun. Tsead Bruinja lit sûnder mis in dichterlik lûd hearre, mar bytiden rint it him út ’e hannen. Abe de Vries wie foar my in iepenbiering. Fan de nijste lichting haw ik syn stjer it heechst.

 

4. Wat fynsto fan de kwaliteit fan de poëzijkrityk yn Fryslân?

De lêste jierren suterich: kwa djipgong en kontinuiteit. Dat falt benammen de literêre tydskriften oan te rekkenjen. Foaral Trotwaer hat der in hantsje fan hân: koarte, maklik lêsbere resinsjes – en dat wylst it tydskrift altyd yn in kritise tradysje stien hat. Yn Hjir is bytiden noch romte foar deegliker skôging, mar dêr hat it ek trije jier duorre foardat Dwingehôf fan Eeltsje Hettinga besprutsen waard. Sa’n lyts taalgebiet, en nóch ûntkomme ús de wichtichste útjeften.

 

5. Moat poëzij lêzen wurde of moat dernei harke wurde?

Myn foarkar giet út nei lêzen. Ik fyn it prima dat guon mei har gedichten de planken op geane, mar sels by dichters dy’t troch har foardracht it wurk in mearwearde jouwe, mis ik it byld fan it fers yn druk. Hoe is de strofe-yndieling? Wêr wurde de rigels ôfbrutsen? Dat binne dingen dy’t ik witte wol. Foarlêzende dichters binne my ek faak te opfokt. By gedraai en galmerij tink ik al gau: lit de wurden it wurk dwaan. Ik bin mear in leafhawwer fan it ientoanich timbre, mar dan moat ik al om utens. It lûd fan Cees Buddingh’ silger, Gerard Reve, Gerrit Komrij. De foardracht fan Tsjêbbe Hettinga fyn ik in griis. Eartiids hiene wy wol sokke dûmnys: in eksaltearde preektoan of in âljend lang gebed, om it folk de wurden yn te druien. Dan rûn ik leafst de tsjerke út.

 

6. Wat is de mearwearde fan in beat, ritme of flow bij it foardragen fan in gedicht?

Net alle poëzij lient him dêrfoar, mar as de ôfstimming goed is, fyn ik sa’n kombinaasje absolút nijsgjirrich. Elke ferbreding fan it ferskynsel poëzij hat myn segen, salang’t der minsken by belutsen binne mei gefoel en leafde foar it sjenre. As de tekst fierhinne ûndergeskikt makke wurdt oan de performance, bliuwt it hingjen yn ’e sfear. Dan is it lykwicht fuort.

 

7. Is it in taak fan de Fryske oerheid om de Fryske poëzij nei de minsken te bringen?

Nee, dat is my te eksplisyt. De oerheid moat soargje foar in posityf klimaat dêr’t it ek foar dichters goed yn is om te wurkjen. Dichters moatte in poadium ha, mar meidat der dichters yn soarten binne, kin it mei ien of twa net ta. De Fryske oerheid gokt tefolle op ien hynder: de brede Belch foar de ploege fan de taalbefoardering. De gleone Arabier dy’t net troch de fuorgen sjokke wol, kin in snútslach krije. Sa bliuwt de braafheid baas. It tapassen fan de regels troch de oerheid hat in fernijend en tige ynspirearjend medium as Kistwurk nekt. In ferkeard sinjaal, in miste kâns.

 

8. Fynsto dat út de poëzijwrâld wei genôch war dien wurdt om it grutte publyk te berikken?

Ik sjoch mei fernuvering – en lichte bewûndering – nei alle aktiviteiten dy’t ûntwikkele wurde om poëzij ûnder de minsken te bringen. Dy sindingsiver is my frjemd, ek wat myn eigen wurk oangiet. Ik sykje it leaver yn de ien-op-ien-relaasje fan dichter en lêzer. Poëzij en it grutte publyk, dat sil ek noait wat wurde. Doe’t ik yn myn jonge jierren yn Kollum wenne, helle ik twa kear wyks trije-fjouwer fersebondels út ’e bibleteek. Ik ha noait meimakke dat in bondel útliend wie. Alle blauwe datumstimpeltsjes koe ik ien foar ien trasearje: se wiene allegear fan my. Yn Kollum wennen doe al omtrint fjouwertûzen minsken.

 

9. Soe it wat opsmite as Fryslân yn neifolging fan it ynstitút Dichter des Vaderlands in Frysktalich ekwivalint krige?

Dêr is neat op tsjin, mar wat hat it foar? Goed – dat de dichtkeunst út har isolemint helle wurdt. Mar hokker poëzijbyld hâldst de minsken foar asto as dichter oan alle kanten beheind bist? It folk moat der al in bek op sette wolle. Hoewol’t de kwaliteit fan syn gelegenheidsfersen wakker ûngelyk is, fyn ik Gerrit Komrij oars poergeskikt foar dat wurk. Hy nimt it ynstitút serieus en hat der tagelyk de gek mei. Yn Fryslân sjoch ik mar ien dichter yn steat en hâld der sa’n hâlding op nei. Se moatte Eeltsje mar ris hifkjen.

 

10. Ha de útjouwers soks as in poëzijbelied?

Nee, dêrfoar is it oanbod te lyts. Utjouwers binne ôfhinklik fan wat se binnen krije oan manuskripten. Dêr in ferantwurde kar út meitsje is al hiel wat, want net alle útjouwers ha likefolle each foar poëzij. Bornmeer is in moaie rige oan it opsetten. Soks lûkt wer nije dichters oan. Asto it skeppen fan in goed klimaat ‘belied’ neame wolst, ja, dan fiert Bornmeer belied. Dichters fiele har dêr wolkom.

 

11. Is der wol polemyk yn ’e Fryske poëzij?

Nee. Mar wa soe dy ek fiere moatte? De dichters sels? Dy kinne har better dwaande hâlde mei it skriuwen fan fersen. My tinkt dat jonge of begjinnende dichters mear ferlet fan polemyk ha as dichters dy’t al langer publisearje. Ik mocht yn it ferline graach poëzij besprekke: net allinnich om oer it wurk fan kollegadichters gear, mar ek en foaral om oardieljendewei helder te krijen wêr’t it my yn ’e poëzij om giet. Polemyk hâldt meastal net mear yn as in statement ôfjaan fan it eigen literêr gelyk. Ik freegje my ôf hoe produktyf oft dat is. Josse de Haan sil der net in wurd oars om skriuwe as Eppie Dam raar guod spuit oer syn fersen. Earder oarsom. En dêr hat er noch gelyk oan ek.

 

12. Hoe is it nivo fan de Fryske poëzij yn fergeliking mei de Hollânsktalige poëzij?

Ik bin it net iens mei Abe de Vries dy’t yn Kistwurk skreau dat de Fryske poëzij op dit stuit better is as de Nederlânse. Miskien wie it column-oerdriuwing en siet der ek in knypeach by. Oan ’e oare kant bin ik fan betinken dat ús bêste wurk net ûnderdocht foar dat fan dichters skriuwend yn ’e earste rykstaal. It is oars net in fraach dy’t my nachten wekker hâldt. Poëzijkultueren binne min te fergelykjen. Wat dat oangiet slút ik my by Tsead Bruinja oan: ‘Elke taal makket syn eigen poëzij’.

 

13. Stietsto ek yn in poëtise tradysje?

Om dizze fraach mei ‘ja’ of ‘nee’ te beäntwurdzjen, soe ik eigenwizer wêze moatte as ik bin. ‘Ja, ik stean yn ’e poëtise tradysje fan…’ (en dan de grutte nammen neame fan dichters dy’t ik slim bewûnderje). ‘Nee, ik stean yn gjin inkele poëtise tradysje’, en op dy manier oanjaan dat ik mysels – uniker as unyk – bûten elke poëzijstream pleats. As ik yn in tradysje stean dan is it dy fan de poëzij yn ’e breedste sin fan it wurd. It moaie oan poëzij is dat de regels dy’t deroan steld wurde, hieltyd wer bepaald wurde troch dat iene gedicht op dat momint foarhannen. Soms brek ik mei myn eigen wetten en stean ik net iens yn myn eigen tradysje. Dat úteinlik sis ik: nee, ik stean op mysels. Lykas yn feite alle dichters.

 

14. Oan watfoar kritearia moat it Ideale Gedicht neffens dij foldwaan?

Dy haadletters grize my oan. Krekt as soe ik as dichter ûnder de diktatuer stean fan in nei te stribjen perfeksje. De fraachstelling begjint oan de ferkearde kant. Willem Abma hat oait in rychje kritearia opneamd dêr’t neffens him it ideale gedicht oan foldwaan moat. It wiene brûkbere kritearia, dat troch se ta te passen soe foar de betûfte dichter it ideale gedicht kear op kear ûnder hânberik lizze. Allinnich, sa wurket it net: dichtsjen is altyd mear as betûftens, berekkening en it ynbringen fan de goeie yngrediïnten. Boppedat, perfeksje kin in gedicht ek deaslaan. It moaiste gedicht is it gedicht dat oer it mad komt, ferrifelt en fernuvert.

 

15. Wat is it meast eigene gedicht datsto oant no ta skreaun hast?

 

NEIGERADEN IT NOARDEN

Neigeraden it noarden wint de taal oan

ûntkenning en promket yn lippetsjinst

oan it hillich net-neamen de mûle syn n-en.

Neigeraden it noarden krimpe de wurden

en rêde har nauwerneed út it neakene

strôtgat de stribbige fonemen fan de begearte.

Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen

en swije om ’e leave frede de nachten, offere

op it alter fan ’e tonge it hert.

Neigeraden it noarden lûkt it bloed

nei de einder en nadert it eachweid

it each, fan nimmenslân de stille nomade.

Neigeraden it noarden komt in fûgel werom

fan syn flecht, bespegelt in man

syn ferline en stapt út syn skaad wei

syn natuer yn ’e mjitte, neigeraden

it noarden fierder fan syn doel

en tichter by syn bestimming.

(Kistwurk 5, juny 2002)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.