Elmar Kuiper op Europese Nacht van de Literatuur

Publisearre op 7 mei 2018

ARJAN HUT

Tiid bestiet net yn de poëzy,” stelt Elmar Kuiper as ik him belje op in moaie maitiidsmoarn. It is pas by de tredde poging raak. Kuiper wie bûten, yn Jorwert, dêr’t er sûnt in pear wiken wennet. “It is hjir no prachtich, mei in útsjoch oer de fjilden. Foar de bern is it ek moai.”

 

Kuiper hat hieltyd minder mei ’tiid’, seit er, mar hat wol wat gedichten út eigen wurk fûn om op de Europese Nacht foar te dragen.

 

De flat yn Ljouwert dêr’t er mei in soad oare keunstners tahâlde yn Ljouwert moat plakmeitsje foar nije appartemintsjes. Takom wike is der wer yn Ljouwert, om foar te dragen op de Europese Nacht van de Literatuur yn Talepaviljoen MeM. It tema fan dy nacht is ’tiid’. “Ast in gedicht oan it skriuwen bist, dan ferdwynt de tiid, dy bestiet foar dy dan net.”

Ik sil dy fertelle, en dit is gjin grap; doe’t ik hjir op 1 april yn Jorwert oankaam, seach ik op de tsjerketoer. De wizers wiene fan de klok ôf. De tiid like wol ferdwûn. Sa fielt it hjir ek, as wenje ik op in plak dêr’t de oeren oars rinne. Se sitte der no wer oan, de wizers, mar de klok bliuwt stykjen en rint net sa’t it heart. Der sil wat mis wêze mei it raderwurk.”

Kuiper hat hieltyd minder mei ’tiid’, seit er, mar hat wol wat gedichten út eigen wurk fûn om op de Europese Nacht foar te dragen. It wurdt in nacht mei ferhalen, film en poëzy ûnder lieding fan presintator en skriuwer Guido Snel. It sirkus, mei in soad dichters út hiel Europa, strykt earst del yn Ljouwert en reizget dêrnei troch nei Amsterdam.

Fan de oare dichters ken ik allinne Marije Langelaar, dy ha ik wolris troffen en mei praat”, fertelt de Jorwerter, dy’t as ‘ynheemske’ dichter foar de nacht yn Ljouwert frege is en net meireizget nei Amsterdam. “Hoe’t de nacht der krekt út komt te sjen, wit ik op dit stuit ek noch net. Snel stjoert geregeldwei ynformaasje. De opset feroaret noch alle kearen. Wat wis is, is dat alle dichters acht minuten út eigen wurk foardrage. Fierder lit ik it wat op my ôfkomme.”

De dichter stie earder as sjonger fan de band Tigers fan Greonterp yn it Talepaviljoen MeM. De iepen doarren en de akoestyk soargje derfoar dat it lûd wolris wat begjint te spoekjen. “Under it sjongen dêr klonk it krekt as stiene minsken achter my op it poadium te praten. It rûzen fan stimmen, it skowen fan stuollen… wy hiene kleden en matrassen ophongen om it wat te dimpen. Do moatst dy goed konsintrearje, dan slagget it wol. Under it foardragen sille yn alle gefallen de Ingelske oersettingen fan de gedichten mei te lêzen wêze op in skerm.”

Set allegear de klokken lyk: It festival begjint op tiisdei 15 maaie, om 20:00 oere yn Talepaviljoen MeM.

 

 

Europese nacht van de literatuur mei Marius Burokas, Jan Carson, Robert G. Elekes, Kostas Gouliamos, Dana Grigorcea, Mustafa Kör, Svealena Kutschke, Marije Langelaar, Giorgio Montefoschi, Jaroslav Rudis en Elmar Kuiper. Presintaasje Guido Snel. Talepaviljoen MeM, Tagong fergees.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]