Eksposysje ‘Museum fan Binnenút’: in krúsbestowing fan keunst

Publisearre op 7 april 2015

FROUKJE SIJTSMA – 

Set tolve tekeners fan de Nederlandse Kring van Tekenaars mei tolve Fryske skriuwers yn totaal seis dagen yn duo’s byelkoar yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Freegje de tekeners en skriuwers om harren ynspirearje te litten troch de objekten, omjouwing en sfear. Lit de tekeners dat omsette yn byld en lit de skriuwers dêr dan wer in passend ferhaal of gedicht by meitsje. Dat is yn it koart wat keunstprojekt ‘Museum fan Binnenút’ ynhâldt. It resultaat is in tentoanstelling dy’t fan 13 maart oant en mei 26 april 2015 te sjen is yn it atrium fan it Natuurmuseum Fryslân. De tekeningen, gedichten en ferhalen binne ek yn in boekje opnommen, dat mei de Moanne meistjoerd is.

‘It begûn allegear mei de opmerking fan keunstner Francisca Tollenaar fan de Nederlandse Kring van Tekenaars út Amsterdam’, fertelt Wieke de Haan fan Tresoar. ‘Jessica sei nei in earder keunstprojekt yn it natoermuseum dat it dochs fantastysk wêze moast om as keunstnerskollektyf yn it museum te oernachtsjen om ynspiraasje op te dwaan.’ Chris Taekema fan it Natuurmuseum Fryslân fynt dat lang gjin min idee en nimt kontakt op mei Tresoar: soe it net leuk wêze om mei dy trije partijen in projekt op te setten mei tekeners út Amsterdam en skriuwers út Fryslân dy’t har útlibje yn it natoermuseum?

 

De dielnimmers kamen op plakken dy’t gewoanwei net iepenbier tagonklik binne, lykas it depot mei opsette bisten en skeletten.

 

Ferbining tusken keunstners
‘It paste perfekt by de aktiviteiten fan it Fryske kulturele projekt “Swalk”, wêryn’t ferskate keunstuterings troch de provinsje hinne sintraal stienen’, fertelt Wieke. Sy besjocht earder wurk fan de tolve dielnimmende tekeners en siket dêr geskikte skriuwers en dichters út Fryslân by. De keunstduo’s moetsje inoar yn septimber 2014. ‘De dielnimmers waarden opdield yn twa groepen. Beide groepen hawwe trije dagen lang yn it Natuurmuseum Fryslân west, tekene en skreaun. De minsken krigen earst in rûnlieding troch it museum om ynspiraasje op te dwaan. Sa kamen se ek op plakken dy’t gewoanwei net iepenbier tagonklik binne, lykas it depot mei opsette bisten en skeletten.’ De dielnimmers hawwe úteinlik net yn it museum oernachte, mar wienen de rest fan de dei wol yn it museum te finen. Besikers koenen harren dêr oan it wurk sjen.

 

Depot mei deade bisten: Ingeborg Oderwald fersus Jetske Bilker
De rûnlieding troch it natoermuseum makke ferskate gefoelens by de dielnimmers los. Ien duo skriuwt it folgjende dêroer: “Wy hawwe beide in gefoel foar it makabere, yn it natuerlike en yn it ûnbekende; tegearre de striid oangean mei it mystearje en it mystearje mei wol winne.” Dat binne warskynlik net de wurden fan tekener Ingeborg Oderwald en har keunstmaatsje Jetske Bilker, om’t Ingeborg eins muoite hat mei de dea. Se skriuwt: “Het tekenproject heeft mij aan het denken gezet over de dood en het vasthouden aan het leven door dode dieren te bewaren en te conserveren. En vooral heb ik nagedacht over de ontkenning van de dood door al die opgezette dieren die er net echt bijstaan. De kat van de kapitein, dat lieve, miauwende en snorrende dier, met zijn kunststof oortjes waar de oorspronkelijke haren door bezoekers grotendeels van afgeaaid zijn, is daar het duidelijkste voorbeeld van.”

Op Ingeborg har tekening springt in reade wikel yn it each, dy’t yn de loft oan it bidden is om syn proai yn de gaten te hâlden. Subtyl is der ek in groep minsken by tekene dy’t de rôffûgel observearret. Warskynlik binne it museumbesikers dy’t fol bewûndering de grutte fûgel observearje. It gedicht dat Jetske der by makke hat is ek twaliddich. Oan de iene kant beskriuwt se de fine line tusken libben en dea. Tusken de sterke rôffûgel dy’t yn de waarme loft hinget en de opsette fûgel dy’t libbensecht yn in ‘kâld’ museum hinget.

 

Dea mar te moai om wei te geef om dea

mei it feeroaster as tuskenstasjon

fan de loft nei it depot

fan ’e sinnewaarmte nei de kelderkjeld

fia dea nei libbensdea

gjin a gjin b mar ab

nee!

Net alle reade wikels treffe it sa!

(út: Te geef, Jetske Bilker)

 

Oan de oare kant dichtet Jetske oer it tekenproses fan Ingeborg, dy’t de dea lestich fynt. Se kin der net goed oer om tusken de deade bisten te wêzen, dy’t sa libbensecht lykje. Ingeborg jout de reade wikel op har tekening dêrom syn wjukken en dus eins it libben werom.

 

Dan – útferkard troch ingeborg

dy’t it net fan ’e dea hawwe moat

en dij tekenet nei it libben –

krijst dyn poaten wer ûnder it gat

en dyn striid tsjin ’t roaster

gomme se út

(út: Te geef, Jetske Bilker)

 

 

Ynspiraasje
‘It ferrin fan it skriuwproses is hiel bysûnder by dit projekt. It ferhaal of gedicht wurdt oanpast at de keunstner beslút syn tekening om te smiten. Eins litte sawol de tekeners as de skriuwers har ynspirearje troch it natoermuseum en de sfear dy’t dêr hinget. De tekener komt dan earst mei in byld en de skriuwer komt ferfolgens mei in bypassende tekst’, fertelt Wieke. Dat wurke lykwols net foar alle skriuwers. ‘Guon hienen muoite om har benammen troch de tekening ynspirearje te litten, mar dat jout neat. By alle duo’s binne der prachtige bylden en wurden op papier kaam. By elts is dat proses oars ferrûn, mar dat makket it tink ik just moai.’ Alle gedichten en ferhalen binne troch de skriuwers ferfolgens ek oerset nei it Nederlânsk.

 

Anders M. Rozendal syn beskriuwing fan de ûnderwetterwrâld is sa treffend dat it sa wol op de webside fan it natoermuseum set wurde kin.

 

Natoermuseum yn earder Weeshûs: Jan van Spronsen fersus Yva Hokwerda
It gedicht dat Yva Hokwerda skreau by de tekening fan de Hoanskrobber (= Kiekendief) fan Jan van Spronsen makke in soad yndruk op Wieke. Dat komt troch de histoarje dy’t Yva yn har gedicht ferwurke. ‘Natuurmuseum Fryslân wie foarhinne it Stedsweeshûs yn Ljouwert. De bern droegen allegear deselde blauwe kyltsjes en stienen bekend as de “Blauwe Wezen”. Dat hat Yva hiel moai yn it gedicht brûkt troch te skriuwen oer de Erebus, de Latynske beneaming foar de Blauwe Weesflinter.’ Dy flinter is ek yn de kolleksje fan it natoermuseum opnaam en bringt fia dit gedicht eare oan de weesbern fan eartiids, dy’t net fergetten wurde meie.

 

Erebus sammelet nammen fan it oanwêzige slachte,
út ’e famyljerûntes fan ’e Spinnerûlen. Nachtflinterke
fan hjirwei dat wjukkelstil-blau oan bernewêzens eare bringt.

(út: The owls are not what they seem, Yva Hokwerda)

 

Wrâld ûnder wetter: Janneke Tangelder fersus Anders M. Rozendal
Alle tekeners hawwe harren eigen styl en brûke ferskillend tekenmateriaal. Tekener Janneke Tangelder waard keppele oan skriuwer Anders M. Rozendal. Sy lieten har ynspirearje troch de ‘Wrâld ûnder Wetter’, dy’t yn de kelder fan it museum te finen is. ‘Janneke hat mei Sibearysk kryt in abstrakte tekening makke fan de ûnderwetterwrâld. Mar Anders hie muoite om inkeld en allinnich op basis fan dy tekening in ferhaal te skriuwen. Hy hat dêrom yn syn gedicht “Mei droege fuotten ûnder wetter” ek syn eigen ympresje fan de wrâld ûnder wetter jûn, mar dochs passe byld en tekst úteinlik hiel goed byinoar’, stelt Wieke. ‘Anders syn beskriuwing fan de ûnderwetterwrâld is sa treffend dat it sa wol op de webside fan it natoermuseum set wurde kin.’

De krúsbestowing tusken Natuurmuseum Fryslân, de Nederlandse Kring van Tekenaars en Tresoar is goed befallen. ‘Hiel leuk is bygelyks dat skriuwer Sipke de Schiffart sa’n goeie klik hie mei syn keunstmaatsje Annemieke Harkema, dat sy yn de takomst syn boeken yllustrearje sil.’ Wat Wieke oanbelanget komt der yn de takomst dan ek in ferfolch. ‘We soenen it dan ek hiel goed omsmite kinne: lit de skriuwers earst in ferhaal of gedicht meitsje en set dan de tekeners oan it wurk om bypassend byld te meitsjen. Wa wit levert dat wer hiele oare kreaasjes op.’

 

De eksposysje yn it Natuurmuseum Fryslân rint oant en mei 26 april. De Keunstmoanne Amelân is fan 31 oktober oant en mei 29 novimber 2015. Der sille tidens de Keunstmoanne trije literêre jûnen programmearre wurde mei foardrachten, lêzings, muzyk en keunst.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels