Klaas Gubbels yn Museum Joure

De keunstner Klaas Gubbels is fral bekend fan syn kofjepotten, tafels en stuollen. Yn allerhanne kleuren, komposysjes,  techniken en materialen komme dy objekten werom.  En ek yn allerhanne gemoedstastannen. Want Gubbels ferstiet de keunst om  dy objekten in siele te jaan; dûnsjende, pratende, tútsjende kofjepotten! De konsintraasje op dy ûnderwerpen makket dat de taskôger de objekten hieltyd werkent en fergeliket; as sjocht men in âlde bekende werom yn in folgjende faze fan syn libben.

Tegearre mei freon en skriuwer Cherry Duyns ûntwikkele Klaas Gubbels yn 2010 it projekt ‘Letters  en Cijfers’. Resultaat fan dat projekt is in spesjaal boekje mei houtdrukken fan letters en sifers en de briefwiksel tusken de beide mannen.

Museum Joure eksposearret oant en mei 30 septimber wurk fan Klaas Gubbels yn twa eksposysjeromten: yn It Binnenplak binne de houtdrukken te sjen en yn it entreegebou oar wurk.
Snein 16 septimber fertelt Klaas Gubbels oer syn wurk yn Museum Joure, fan 14.00 – 15.30 oere. Besikers kinne dan yn it besit komme fan in sinjearre boekje fan de tentoanstelling ‘Letters en Cijfers.’

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.