Een trein later

ARJAN HUT – 

Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan ‘Een trein later’. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it obskuere, de eleminten trotseare om harren ris noflik te ferwûnderjen.

‘Hebben jullie elkaar gegoogled?’ frege presentator Ate Grypstra neidat bliken die dat de trije gasten frjemden foar inoar wiene. Jazz-saksofoaniste Tineke Postma hie yndied de oare gasten efkes googele. It wiene teaterman Kees Botman en dichter Pieter Boskma, dy’t stylfol klaaid yn ferskate tinten fan it donkerste griis foar de meast opfallende útspraken soarge. ‘De jazz is, net als mijn vak de poëzie, totaal marginaal’, sa relativearre er letter rom fan jazz-muzikanten en dichters. ‘Als je van die r&b troep had gemaakt, was je nu beroemd!’, sei er tsjin Tineke, dy’t in kast fol prizen hat en dochs gjin bodyguards nedich is.

Grypstra hie lykwols aardich ynformative biografyen fan de oanwêzigen oplêzen, hoewol’t de krekte funksje fan Kees Botman net alhiel dúdlik waard. De mei-oprjochter fan BUOG is in teaterfoarmjouwer en ‘ûntjout konsepten’ en doe brûkte Grypstra in term dy’t net elkenien ferstie (gjin mikrofoans, folle bak, stoarmlûden) mar troch Botman útlein waard as ‘uitvoerend technicus van een theatergezelschap’. Om it te ferhelderjen fleagen der wat synonimen en parafrases oer en wer, wylst Botman dúdlik fan nee skodde. In cv is somtiden krekt in gedicht. Of in jazz-improvisaasje.

Botman skopte it petear op gong. Hy frege de oaren nei har ûnderfinings as Fries-om-Utens. Boskma wie trettjin doe’t syn heit in baan krige yn Amsterdam en it húshâlden nei Heiloo ferhuze. Letter yn de haadstêd kaam er mei Friezen as Atte Jongstra, Theun de Vries en Pieter Verhoeff yn de kunde. Hja neamden harsels ‘Amstelfriezen’. Dat men as Fries twa kear sa hurd wurkje moat om it yn Amsterdam te rêden, dêr wie Boskma it net mei iens. Ommers, suver elkenien yn Amsterdam komt fan bûten. Allinne yn Heiloo, dêr krige er wol kommentaar: op syn eksoatyske aksint.

Tineke Postma har mem wie in Friezinne, mar har heit fûn it ‘elders’ altiten ynteressanter. Postma waard ôfwiisd foar in oplieding yn Swol, mar slagge wol oan in plak yn Grins. ‘Voor moderne jazz, dacht ik, moest ik naar het westen, naar Amsterdam. Maar in Amsterdam dacht ik: New York, daar komt het vandaan. Ik ben gegaan, heb beseft dat ik niet altijd de bevestiging en veiligheid van een vertrouwde omgeving nodig heb.’ Somtiden moat men ek ris gek dwaan. Net te dreech. Botman joech dêr ek in moai foarbyld fan, doe’t him frege waard wêrom’t it BUOG in foarstelling oer Jopie Huisman makke en net oer in oar. ‘Omdat er veel toeristen op af komen. Ja, mag het? We doen altijd veel te moeilijk, wij dachten, nu eens lekker makkelijk. Dus werd het Jopie.’

Efkes waard de sfear nitelich doe’t ferkeapsifers en de ûndergong fan de tradysjonele, papieren media op it aljemint kamen. It begong allegear mei in útspraak fan Boskma (“De poëzie heeft zijn eigen graf gegraven”) dêr’t benammen Douwe Kootstra (wy wienen doe al acht minuten oan kommersjele doempraat fierder) wol wat djipper op yn gean woe, mar Boskma bleau – sa’t men fan in dichter faaks ek ferwachtet – in tikje ambigu. Sa fûn er bygelyks dat men net allegeduerigen mar troch de knibbels moat om ‘it brede publyk’ en de mytyske ‘gewoane man’ te berikken, al skreau er sels mei de jierren wol yn konkretere taal.

Grypstra pakte it momint oan om nei de Week van de Poëzie te stjoeren. (Tema: Liefde. Motto: Met zingen is de liefde begonnen.) ‘Ik begrijp helemaal niks van poëzie, kan er niks mee. Ik probeer het wel, blijf dan in de eerste zin hangen en alles wat daarna komt is verwarrend’, bekende Botman. Ek Postma wie net in grutte poëzylêzer. Al hie se ris optreden mei Remco Campert, yn Berlyn. Hy lies dan in gedicht foar en sy ymprovisearre nei oanlieding fan de wurden in stik op har saksofoan. De wurden fan Campert wist se net mear presys, mar wat se dêr op ymprovisearre hie noch wol. Kees Botman: ‘Als je woorden vertaalt naar muziek, dan begrijp en onthoud je het wel.’

‘Een gedicht is ook geen krantenbericht’, stelde Boskma en helle de earste twa rigels fan syn gedicht “Zelfportret als element” oan om sjen te litten dat it allegear sa ûn(be)grypber net hoecht te wêzen. Even letter slute er de middei ek mei in foardracht fan datselde gedicht ôf, al koe Botman it net neilitte om te roppen dat ien rigel wol genôch wêze soe.

 

Een Trein Later, Kafé Wouters, Ljouwert, 40 besikers.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.