Earste Fryske roman fan Baukje Zijlstra

Publisearre op 7 maart 2018

RYNK BOSMA – 

‘Froulju yn de literatuer’ stiet yn Schaaf City Theater yn Ljouwert op it program by de iepening fan de Boekewike 2018 op sneon 10 maart en ien fan de dielnimsters is Baukje Zijlstra. Mar, miskien noch wichtiger, op dy dei komt ek har earste Fryske roman De koma-korrektor út. In ferhaal oer har heit Tjeerd Zijlstra, dy’t as Indiëgonger ea nee sei tsjin in tsjinstbefel en om dy reden oardel jier fêstsitten hat. Mar der sitte mear ferhalen yn, sa’t ek in minskelibben mear is as ien ferhaal. “It is net ien ferhaal, der binne miskien wol 80 miljoen ferhalen te fertellen”, sa seit Zijlstra sels.

 

“Ik wol de krêft fan de fiksje brûke foar eigen frijheid. De kadootsjes dy’t je krije fan de werklikheid kombinearje mei de eigen ferbylding, ‘de wierheid lige’.”

 

It soe allegearre oars rinne op dy twasprong dêr’t Zijlstra yn 2009 foar stie. It doel wie in non-fiksjeferhaal te skriuwen oer de jierren fan heit Tjeerd yn Nederlânsk-Indië. Zijlstra folge doe in kursus dy’t benammen op de praktyk rjochte wie by skriuwers as Jan Brokken en Frank Westerman. Jan Brokken soe as skriuwer fjouwer jier letter namme meitsje mei it boek De vergelding, oer goed en fout yn oarlochstiid. Frank Westerman makke yn 1999 namme mei De graanrepubliek en yn 2016 skreau hy it boek Een woord een woord oer de Molukse treinkapers.

In befel wegerje yn Indië en dêrfoar straf krije fia de ‘Krijgsraad te velde’ en dat tema útwurkje mei as sintrale fraach: wat is dêr bard? Zijlstra koe it net mear oan har heit freegje, want dy wie yn 2004 ferstoarn. By libben hie Tjeerd Zijlstra wol moaie ferhalen oer Indië, mar wat der krekt bard wie by dat befel wegerjen, dêr hie hy it nea oer. “By it rûnfreegjen en it ynlêzen kaam ik der achter dat ik it echte ferhaal nea witte soe. Hoe mear ik wist, hoe mear ik de tried kwytrekke.”

Elke kear dat Zijlstra tocht fan ‘sa sil it wol west ha’, waard sy wer op de ferkearde foet setten. It ferline as it ‘vergruisde beeld’, om it yn de wurden fan histoarikus Jan Marius Romein te sizzen. In finster op it ferline fan tige moai dik glês, je kinne alles sjen. Geane je op syk nei dat ferline achter dat glês, dan is it of ien it glês op in betonflier falle litten hat, it spat útinoar en wat bliuwt is in ‘vergruisd beeld’.

Yn 2012 hie Zijlstra al in ferhaal yn it Nederlânsk skreaun dat oer itselde tema gie, in dochter dy’t yn it ferline fan har heit dûkt. It ferhaal Duet  krige in nominaasje foar Aan het Woord! Arnhem. De omskeakeling fan it Nederlânsk nei it Frysk hat Zijlstra in soad muoite koste. Dat gie ek op foar it ‘onvermogen’ it hiele ferhaal ‘consistent’ op te skriuwen. Mar in moaie útspraak fan Jan Brokken –  ‘Probeer zo goed mogelijk de waarheid te liegen’ – hat har dochs wol in eintsje oer de drompel holpen.

It wie rûn dizze tiid dat Hylke Speerstra dwaande wie mei it boek Op klompen troch de dessa.  “Speerstra kaam doe by my foar it ferhaal oer ús heit, nei oanlieding fan it ferhaal Mist, de Fryske ferzje fan Duet, mar ús mem, Tine Zijlstra, sei: ‘Al dy oare feteranen libje noch, en wy kinne net witte wat heit dêr krekt meimakke hat’.” Dy opmerking, mar ek mem har reaksje op Mist (‘It is krekt of heit wer wat tichterby kaam’) wie foar Zijlstra op dy twasprong – rjochts de lijn fan de skiednis folgje, links it as romanskriuwer sels yn te kleurjen – in reden om linksôf te slaan, om oars te skriuwen, mar ek om it definityf yn it Frysk te dwaan. “Ik bin doe oerstapt fan de doelstelling sa ticht mooglik by de wierheid te kommen nei it útgongspunt hoe it is foar de omjouwing, wat de ynfloed west hat yn de famylje.”

It boek giet oer ‘alter ego’ Betty Vonk dy’t  besiket de stientsjes fan it klinkerpaad fan it ferline fan har heit yn elkoar te passen. Dy leit yn koma en fertizet him yn hallusinaasjes oer Indië. De wegering fan de heit wie in kar, de dochter wurket as korrektor by in krante en moat eins troch reorganisaasje ek in kar meitsje oer har eigen libben. De betsjutting fan de nuveraardige titel De koma-korrektor stiet foar yn it boek en is wer in ferhaal op himsels dat prachtich past by de ynhâld fan it boek. “Ik kaam der by tafal achter dat der soks as in koma-korrektor bestiet. Koma betsjut neist in foarm fan bewusteleazens ek  ‘nevelmassa’. As je troch in teleskoop nei de stjerren sjogge, dan kin it byld fertekene wurde, sis mar faach wurde. Mei in koma-korrektor, in soarte fan lins, kin dat korrizjearre wurde.”

“Ik wol de krêft fan de fiksje brûke foar eigen frijheid. De kadootsjes dy’t je krije fan de werklikheid kombinearje mei de eigen ferbylding, ‘de wierheid lige’.” Sa’n ‘kadootsje’ is bygelyks de ‘tafallichheid’ dat har heit tsjinne yn de 7 Desimber Difyzje en dat hy op 7 desimber 2004 ferstoar.

Ek al is it in romandebút foar Zijlstra, sy is bepaald net in ‘onbeschreven blad’ yn Fryslân. Yn 2013, 2015 en 2016 krige Zijlstra al de Rely Jorritsmapriis foar ferhalen, wylst sy yn 2013 de earste priis krige foar de oersetting nei it Nederlânsk fan it gedicht De gongen fan Eeltsje Hettinga. Wa’t mear fan Baukje Zijlstra witte wol kin sjen op www.baukjezijlstra.nl. Op 15 maart fan 19.30-21.30 oere is Zijlstra, tegearre mei Jetske Bilker en Hein Jaap Hilarides, noch te sjen en te hearren op in literêre jûn yn de biblioteek fan Makkum.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels