Earnigens, freonskip en heldemoed

Publisearre op 2 juli 2018

HIDDE BOERSMA

De earste kear dat ik hearde fan Tolkien syn The Lord of the Rings wie yn ‘e kibbutz yn Israël, yn 1999. Tegearre mei Oliver út Kolombia en Pavel út Tsjechië bewenne ik dêr in keamer yn it húske mei de namme The Cuckoosnest. We sieten de middeis nei it wurk op it fjild rjochtop op ús bêden mei it kessen yn ‘e rêch te lêzen. Pavel lies Dostojevski, ik de Bibel en Oliver lies de Spaanske oersetting fan The Lord of the Rings: El Señor de los Anillos. No en dan liet er it boek sakje en fersuchte: “Wonderful man, this wonderful”. Yn syn brekkige Ingelsk fertelde er my dan oer de wûndere wrâld fan oarken, elven, hobbits, tsjoenders, dwergen, ierdmannen en de Gollum. De boeken waarden him ien foar ien opstjoerd út Kolombia wei troch syn mem.

 

Dochs wurd ik ek wer meinommen yn Westra syn oersetting. It ferhaal is gewoanwei fassinearjend. Mar it hat ek te krijen mei de taal.

 

Oliver leaude net dat er de boeken no sa gau noch lêze soe. Yn ‘e kibbutz hie er der de geast foar. Fantasy is in bysûnder sjenre. De ien stapt ûnbehindere en mei graachte dy wrâld yn, wylst in oar him ôffreget wêrom’t er yn ‘e frede syn kostbere tiid besteege moat oan net-besteande wêzens. Ik ha sels mei grutte ferwûndering The Hobbit lêzen en de helte fan it earste diel fan de trilogy. Tusken de siden dêr’t ik stike, stekt noch altyd in Frânske telefoankaart. Ik kin sa fierder. Op dat punt yn it boek sit de Stapper, oftewol Aragorn, boppe op in richel fan in rûge berch út te rêsten fan in mânske kuier. En ik rêst al jierren mei him mei. Ik kin sa fierder, mar mei de jierren bin ik hieltyd mear it twad neamde type minske wurden. Ik moat djip sykhelje en besykje alles los te litten, om my oer te jaan oan de aventoeren yn Midierde.

Dochs wurd ik ek wer meinommen yn Westra syn oersetting. It ferhaal is gewoanwei fassinearjend. Mar it hat ek te krijen mei de taal. Al dy wurden en siswizen fan it Frysk, dy’t je gewoanwei fergetten binne of net iens koenen. Yn it foarwurd seit Westra dêr wat oer: “Alderearst fyn ik it wichtich, dat de oersetting, krekt as it orizjineel, de rykdom fan in skriuwtaal sjen lit.” Westra brûkt wurden dy’t wy selden hearre, mar likegoed wol begripe. “In boek”, mient Westra, “moat wat nijs biede, yn it ferhaal, mar ek yn ‘e taal.” Nim in sin as dizze (side 128):

 

Gimli dodde en wie derôf trûzele, hie Gandalf him net fêstgrypt en trochinoar skodde.

 

Westra hat ek in eigen draai jûn oan de byldtaal fan Tolkien. Om it fantastyske Midierde te ferbyldzjen brûkte Tolkien it Ingelân sa’t er him dat herinnere út syn bernetiid. Om’t Midierde net Ingelân is, betocht Westra dat er wol putte koe út it Fryslân fan syn eigen bernejierren. Westra sette Gandalf op in Frysk hynder en krige de weagjende mieden fan ‘e Greidhoeke foar it geasteseach. Op side 47 freget it personaazje Aragorn: “Kinne jimme swarre dat gjinien jim op sa’n wize troch de fûke swommen is?” It soe my net ferwûnderje as dit in Fryske fariant is fan in hiel oare metafoar yn it Ingelsk.

Dan it ferhaal. It hiele boek lang binne Frodo, Aragorn, Gimli, Legolas, Tabe en alle oaren op reis nei Mordor om de ring dêr yn it fjoer te smiten. Dy ring ferstjintwurdiget it kwea. Hy is makke troch de genius fan it kwea: Sauron. Om Sauron te ferslaan moat de ring ferneatige wurde. It leveret it iene aventoer nei it oare op.

Mar fersin jo net, it boek is mear as in spannend mearke. It is in mytology dy’t fol is fan moraal oer earnigens, freonskip en heldemoed. Master fan Alle Ringen is in epos oer de kriich fan lytse lju dy’t, nettsjinsteande ûnbiedige swierrichheden en in ôfgriislike fijân, de hiele wrâld oer reizgje om in died te dwaan dy’t harsels oerstiget. Yn Oliver syn wurden: “Destroy a huge enemy, being just a little hobbit.”

 

 

(Besprek fan Master fan Alle Ringen, diel 2: De Twa Tuorren, in oersetting fan J.R.R. Tolkien troch Liuwe H. Westra)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels