De earn dy’t te folle miggen fangt 

Publisearre op 16 april 2018

RYNK BOSMA

De diseldampen fan de âlde bus rûkten nei in oare tiid. In tiid dat de mins minder wist fan ‘fijnstof’ en oare giftige stoffen. It wie trouwens ek wol tapaslik, want de minsken yn dy bus reizgen ek troch in oare tiid. Op wei fan Britswert nei de prachtige Nicolaastsjerke yn Wiuwert, om tsjûge te wêzen fan it slotakkoard fan de foarstelling ‘Anna Maria, een befaamde 17e eeuwse vrouw’.

 

De teaterfoarstelling Anna Maria falt ûnder it projekt Under de toer en hat in oar paad keazen, om it libben fan Anna Maria yn in oar ljocht te setten.

 

De haadwei dy’t Anna Maria van Schurman yn har libben kuiere, wie der ien fan boeken, ideeën en kunde oan de grutte tinkers fan har tiid. Constant Huygens, René Descartes of de wat folksere moralist Jacob Cats. It is dan de santjinde iuw en Anna Maria hapte mei har libben in moai part út dy iuw wei. De measten mochten bliid wêze as de fyftich helle waard, Anna Maria waard berne yn 1607 en stoar yn 1678, de krekte dei is net bekEnd, mar wol dat it yn Wiuwert wie.

Nuver genôch krige dizze ferneamde Europeeske frou nei har dea net it plak dat foar de hân lei, yn de tsjerke as bygelyks ien fan de mummys. Sy krige in plak op it noarden fan de tsjerke.  It is fansels net út te sluten dat Anna Maria as fromme Labadiste sels har plak by de ‘grutten’ yn de tsjerke ferspile hat.

De teaterfoarstelling Anna Maria falt ûnder it projekt Under de toer en hat in oar paad keazen, om it libben fan Anna Maria yn in oar ljocht te setten. Net as de alderearste froulike studinte yn Europa, ek net as in gelearde dy’t tsien talen koe en korrespondinsje hie mei de grutten fan har tiid. Nee, dat oare paad gie in hiel oare kant út, fragen dy’t steld waarden troch Bernardus Swalue, de dokter dy’t Anna Maria by stie.

Hoe’t sy oer it libben tocht en dan benammen oer God yn dit libben komt mar sydlings oan de oarder. “Ik geniet van aandacht”, sa seit Anna Maria al kuierend, want as sy oan it redenearjen wie, mocht sy graach rinne. “De IJdelheid van de aandacht leidt af van het pad dat God mij gewezen heeft”, sa seit Anna Maria. Skriuwer Remco Klop hat in oar omtinken yn de foarstelling pleatst, it noch jonge famke Anna Maria wurdt by in besite ‘verkracht’ op Waltastate troch Cornelis van Aerssen en dan giet it libbensferhaal fan Anna Maria in hiel oare kant op.

Teater yn trije bedriuwen, de earste yn de tsjerke fan Britswert mei in opwaarmerke yn it doarpshûs fan Bernardus Swalue, dy’t it ferhaal oan eigen dochter fertelt. Dêrnei komt benammen de ‘mores’ fan de hegerein oan de oarder, gjin skandaal sa grut of der is wol in flierkleed dêr’t it ûnder kin. Sa ek mei de dochter fan Anna Maria en dan giet it benammen oer de twastriid fan de sa gelearde frou. Mem of wittenskipper, dat is de twastriid dy’t bûten de skiednis om útwurke is.

De wittenskipper werombrocht ta frou dy’t har hiele libben yn noed sitten hat oer har bern. Ach, so fromm soene je sizze kinne oer it froede slotakkoard ûnder lieding fan de opfolger fan Jean de Labadie: Pierre Yvon. In teatraal portret fan in gelearde frou werombrocht ta in soarchsume mem. Heit Frederik van Schurman sei ea oer syn ‘wonderkind’ Anna Maria: “Een adelaar vangt geen vliegen.” En dêr knypte it just yn dizze foarstelling, de earn fong te folle miggen yn dizze foarstelling wêrtroch’t it de alluere fan in mosk krige.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]