Dy’t licht leaut, komt licht bekaaid út

Publisearre op 4 december 2013

NIENKE JET DE VRIES – 

Akky van der Veer (1943) hat as famke fan fjirtjin jier tuberkuloaze krigen en moast kuere yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Se hat yn dy tiid in soad belibbe en woe der graach oer skriuwe. Al skriuwende kaam Van der Veer derefter dat it net oer Sonnevanck gie, mar oer de relaasje mei har mem. It is net foar it earst dat Van der Veer oer in relaasje tusken mem en dochter skriuwt. Foar har jeugdboek Swart op wyt (1985) hat sy de Simke Kloostermanpriis (1986) wûn en kriich se nasjonale en ynternasjonale erkenning.

Swart op wyt giet oer de relaasje tusken mem Ida en dochter Femke fan 16 jier. Dat boek is opset as deiboek. Datoangeande soenen je Brieven oan ús mem as it autobiografyske ferfolch fan it fiktive jeugdboek Swart op wyt beskôgje kinne. Brieven oan ús mem soe ik gjin brieveroman neame wolle, om’t it gjin fiktyf ferhaal is. De oprjochte geastlike bewustwurding dy’t de auteur trochmakket, makket it wurk bysûnder en tige persoanlik. Ek it literêre sjenre, spiritualiteit, komme je net in soad yn de Fryske literatuer tsjin.

Nei oardel jier yn it sanatoarium wienen mem en dochter útinoar groeid. Doe’t Akky wer nei hûs mocht, draaide dat foar sawol mem as dochter út op in teloarstelling. Mem tocht har leave, nuete faam werom te krijen en Akky wie ûnwennich fan har kammeraatskes yn it sanatoarium en wie fan thús ferfrjemde. Dat joech in soad strideraasje tusken harren dêr’t se net oer prate koenen. Sy hawwe spul hân om fan alles, mar benammen oer it leauwen. Nei it ferstjerren fan har mem fielde Van der Veer oanstriid om brieven oan har mem te skriuwen. Dêrtroch waard sy har bewust fan de djippere lagen fan it libben en kaam ta oare ynsichten. Nei it lêzen fan in soad eftergrûnynformaasje kin sy it kristlik geloof, dêr’t se mei grut wurden is, los litte.

Van der Veer hat trije dagen nei de begraffenis fan har mem it earste brief skreaun, op 12 desimber 2010. Se fertelt oer de begraffenis fan har mem, it lêste ein fan har libben en de swierrichheden tusken harren.

Mem Van der Veer hat gjin maklik libben hân. Har man siet yn de oarloch by it ferset en is troch de Dútsers by in ferhear sa tamtearre dat er oan de gefolgen dêrfan yn maart ʼ45 stoar. Mem bleau mei twa lytse bern efter. Oer de oarlochstiid is hast net praat. Earst wienen de bern te jong fansels, mar ek doe’t se âld genôch wienen, binne sy der nea streekrjocht efter kaam wat der allegear bard is. Ut boeken en krantestikken hawwe sy harren in byld foarme fan hoe’t it likernôch gien is.

Mem Van der Veer, dy’t altyd widdo bleaun is, hie ien grut hâldfêst yn har libben: it leauwen. It joech har treast en hâld yn de opfieding fan de bern. Doe’t Akky tuberkuloaze kriich, gie sy net nei it sanatoarium yn Appelskea mar nei it grifformearde sanatoarium yn Hurderwyk. Krekt yn dat sanatoarium is Akky har leauwen oan de grifformearde God kwytrekke. Letter lieten Akky en har man Henk harren útskriuwe foar tsjerke, dat wie in grutte skok foar Akky har mem. It net mear grifformeard wêze fielde as in befrijing. Mar dochs liet it Van der Veer net los. Se socht bewiis tsjin it kristendom en de Bibel. ‘Want net mear leauwe betsjut dan ek: net mear yn Jezus leauwe, mar de Matthäus-Passion noch like moai fine.’ (s. 18)

Nei’t der Jehova-tsjûgen oan de doar west hawwe, hellet Van der Veer de Fryske Bibel fan souder en begjint te lêzen. Ek hat se in bledsje fan de Jehova’s krigen dêr’t se eftergrûn by begjint te sykjen. Nei oanlieding dêrfan begjint de spirituele syktocht dy’t Van der Veer yn de brieven oan har mem optekenet. We binne op dat stuit by brief 10 fan de 72. Wat dan folget lit him it bêst omskriuwe as in dizige brij fan teoryen dêr’t de lêzer al gau it paad bjuster yn rekket.

Van der Veer komt derefter dat der ferskate skeppingsferhalen binne. Se ûndersiket dy yngeand en lêst filosofyske beskôgings dêr’t se wiidweidich út sitearret. Sa wurdt de diskusje oer it bestean fan Atlantis op it aljemint brocht en komt Van der Veer op har paad nei bewizen dêrfoar ferskate sekten en profeten tsjin. Der folgje ytlike brieven dêr’t stikmannich teoryen, bgl. oer de ynfloed fan de Hebrieuske en Egyptyske mytology, tsjin it kristendom en de Bibel oanhelle wurde.

Njonken teoryen oer it kristendom en de Bibel komt Van der Veer mei in grut ferskaat oan ûnderwerpen, dy’t op in foar de measte minsken sweverige wize útlein wurde. Aktualiteiten wurde as in komplotteory útlein. Ek hjir wer tige wiidweidich en mei lange sitaten. Sa soenen de kearnramp fan Fukushima yn Japan (2011) en de oanslaggen fan 9/11 faaks wol mei opsetsin feroarsake wêze. Ek it HAARP-projekt (Highfrequency Active Auroral Research Program) fan it Amerikaanske leger wurdt omstannich beskreaun.

‘It projekt HAARP wurdt by steat achte – troch modifikaasje fan de ionosfear – om de boppeste laach fan de atmosfear te kontrolearjen en as in ultra-technyske laserbeamer alles wat dea of libben is te penetrearjen. (…) De technyk fan it HAARP-projekt kin dus hiele folken en naasjes machteleas meitsje of ferneatigje mei in meteorologyske oarloch.’ (s.96-97)

Troch dizze manipulaasje fan it klimaat soe in oantal ‘natuerrampen’ fan de lêste tiid, bgl. de ierdskodding yn Haity (2010), willemoeds feroarsake wêze. Van der Veer is der wis fan wurden dat it HAARP-projekt de wierheid is.

Ek gongbere opfettings oer it útstjerren fan de mammoet, de sûndfloed en reuzen wurde yn twivel lutsen. Dan folgje der ferskate brieven mei Yndyske, Tibetaanske en Sumearyske myten en leginden om út te kommen by in oar ûnderwerp dêr’t Van der Veer yn leauwen gien is: UFO’s en bûtenierdsk libben.

‘Ik tink dat alien-achtige bûtenierdsken ús planeet altyd al besocht hawwe, mem. Hieroglifen op it plafond fan de âlde timpel fan Abydos yn Egypte, dy’t sirka 3000 jier foar ús jiertellings oanbrocht binne, litte neffens de ûndersikers dúdlik de yngewikkelde militêre technology fan de ‘goaden’ sjen: in helikopter, in kannonearboat, in ûnderseeër en in kanon.’ (s.111) Foar it bestean fan UFO’s en bûtenierdsk libben wurde ferskate teoryen oanhelle om as bewiis te tsjinjen. Ek yn de Bibel siket en fynt Van der Veer bewizen.

Dan folgje der ferskate brieven oer de gnostyk dy’t wer wat mear op it kristendom rjochte binne en út en troch wurde eardere ûnderwerpen as kearnenerzjy en bûtenierdsk libben nochris oanhelle. Dêrnei rekket Van der Veer echt op ʼe gleed en leit de teory oer it grutste geheim fan it Amerikaanske leger op it kleed. Tolkien hat ús dêr yn 1955 yn syn trilogy ‘Yn de ban fan de ring’ al foar warskôge. It giet om:

‘(…) de destruktive plannen fan de Nije Wrâld Oarder, dy’t ta doel hat de frije wil fan minsken oan bannen te lizzen, minsken net mear sels tinke en hannelje te litten en in wrâld te kreëarjen mei ien lieder, ien muntienheid, ien leger, ien religy en in folslein yntegrearre elektroanysk systeem, wêrby’t alles foarsjoen is fan in Radio-Frequency Identification chip. Dat grouwélige Masterplan fan de superelite beëget úteinlik it stichtsjen fan it tredde ryk, wat ûnder Hitler en de nazys net slagge is.’ (s. 218)

Underdiel fan dat komplot is neffens klokkelieder Phil Schneider dat der in grutte geheime ûndergrûnske Amerikaanske legerbasis is dy’t grôtfol bûtenierdsken, de saneamde ‘Large Greys’, sit. Dêrmei anneks, soe ien fan de grutste dôfpotaffêres wêze dat yn it binnenste fan de ierde beskavingen libje.

Nei it ferdigenjen, wjerlizzen, bestudearjen en ferklearjen fan in griemmank oan teoryen komt Van der Veer ta de konklúzje: ‘Wy libje op in fulkaan, it hiele minskdom is yn gefaar! De eagen binne my iepengien, ik bin mei in skok wekker wurden.’ (s. 228) Mar, in oplossing hat se ek: ‘Mei help fan dy Grutte Geast fan de Leafde, en troch as minsken meielkoar ien te wêzen, kinne wy it kwea oerwinne (…)’ (s. 230) En, in missy: ‘(…) ik moat elkenien warskôgje, yn it foarste plak myn bern en beppesizzers: lit jim net ynintsje en ymplantearje mei in Radio-Frequency Identification chip, want dêr wurde jim siik fan!’ (s. 231)

It liket wat frjemd, om brieven oan jo ferstoarne mem te skriuwen. Mar it hat Van der Veer wol holpen om de problemen dêr’t sy in grut part fan har libben mei omwraksele hat in plakje te jaan en fan har ôf te skriuwen. De balâns opmeitsjend soenen je stelle kinne dat Van der Veer it kristlik leauwen ferruile hat foar in oare foarm fan leauwen. Dêrmei is se in ein ferwidere fan de relaasjeproblemen tusken har en har mem nei it ferbliuw yn it sanatoarium. Sa’t û.o. út dat lêste sitaat blykt, is it eins sa dat Van der Veer de brieven net oan har ferstoarne mem skreaun hat, mar oan har bern en bernsbern. Om harren, en fansels de lêzers fan it boek, te warskôgjen foar de mislieding dy’t it ‘gewoane’ libben foarm jout en harren opropt de eagen te iepenjen.

It boek is skreaun yn ik-perspektyf. It skriuwen oan mem is betiden wat keunstmjittich yn de brieven ferfrissele. ‘Ik fyn it hiel opfallend, mem, dat de hege amtners fan Echnaton yn syn stêd Achetaton yn hiele grutte huzen mei prachtige parken wennen (…)’ (s.80) Ek binne der brieven dêr’t mem hielendal net yn neamd wurdt. Benammen yn de grodzemods fan teoryen – dy’t fierwei it grutste part fan it boek útmeitsje – spilet it primêre idee fan skriuwen oan mem, oer saken dêr’t je earder net oer prate koenen, in marzjinale rol.

Der is keazen foar in brieffoarm, mar dat hie wol wat mear útwurke wurde kind. De 72 brieven, fan gemiddeld likernôch 3 siden lang, begjinne elk mei in nûmer en in printsje fan in guozzefear. Dan stiet der in sitaat of spreuk fan in spiritueel learmaster, filosoof, grut skriuwer of wrâldlieder, wêrnei’t it brief begjint. Ik bin der wis fan dat de auteur alle war dien hat om in tapaslike spreuk út te sykjen, mar dat is net altyd slagge. In minder tapaslike spreuk bringt de lêzer earder yn betizing dan dat it helpt de teory yn it brief te begripen.

Typyske briefeleminten as it plak en datum fan skriuwen ûntbrekke. En dat is tige spitich, benammen om’t der yn de brieven wol ferwizings binne nei aktualiteiten, lykas: ‘Yn de Volkskrant fan juster (…)’ (s. 186) Der hie ek foar it format fan in e-mail keazen wurde kind. Dat hie ien grut foardiel hân: de ûnderwerpsregel. Sa’n ûnderwerpsregel – as beheinde ynlieding op it brief – hie de lêzer tige helpe kind om de gedachtegong fan de auteur te folgjen.

It hat foar Van der Veer sels in iepenbiering west om ferskate foar har belangrike ûntdekkingen op te skriuwen. Dat is in tige persoanlik proses, dat net foar elk likegoed te folgjen is. De tinkbylden dêr’t Van der Veer mei komt, sil elk it net mei iens wêze. Dat hinderet neat, mar it gefolch is dat je as lêzer fersûpe yn spirituele teoryen dy’t foar de auteur in reade tried foarmje dy’t je as lêzer misse. Je soenen je ôffreegje kinne oft dit wurk wol geskikt is om yn dizze foarm te publisearjen. Ik tink fan net. Van der Veer hie der goed oan dien om de muoisume relaasje mei har mem as útgongspunt te brûken foar in roman. Om it boek mear tagonklik te meitsjen, soe it nofliker wêze at de teoryen dêrby nei de eftergrûn ferkrongen waarden.

 

Akky van der Veer: Brieven oan ús mem. Utjouwerij Elikser, €17,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels