Dyn taalgedrach en mines

HENK WOLF – 

Yn meartalige situaasjes folgje minsken faak aardich strakke regels om te kiezen tusken de iene taal en de oare. Dat binne gjin regels dy’t op papier steane. It slagget minsken ek lang net altyd om se ûnder wurden te bringen, mar se witte wol presys wannear’t se oertrêde wurde.

Ik waard my lêsten fan in pear fan dy regels bewust doe’t ik prate mei in frommeske út Grinslân. Se wie opgroeid yn it Westerkertier en ik frege oft se ek Grinslânsk prate. Dat wie net sa, sei se. Se wie nammentlik “geen geboren en getogen Groninger, dat kon ik toch wel zien”.

“Ik woon in Nederland en daar behoort iedereen Nederlands te spreken.”

Dêrmei hie ik har earste taalgedrachsregel al te pakken, nammentlik dat Grinslânsk in taal is dy’t jo allinne prate as jo in “geboren en getogen Groninger” binne. Allinne wie sysels dat nei myn idee ek, se hie nammentlik noait ergens oars wenne as yn Grinslân. Se fielde har lykwols gjin lid fan dy groep, om’t har âlden út Suriname kamen. Dat joech har twadde gedrachsregel oan: jo prate gjin Grinslânsk as jo foarâlden net út Grinslân komme.

Se blykte mei har mem thús Hindoestaansk te praten en doe’t wy it dêroer hienen, sei se dat se dy taal allinne brûkten as der gjin oaren by wienen. Se folge de taalgedrachsregel: “Yn mingdtalich selskip yn Nederlân praat ik mei elkenien Nederlânsk”. Se sei dat se it in bytsje nuver fûn dat Friezen har faak net oan dy regel holden.

It wie in freonlike, yntelligente frou, gjin Friezefretter, dus ik frege wat dan neffens har it prinsipe achter dy gedrachsregel wie. Ik stel dy fraach faker oan minsken, mar de measten kinne sa abstrakt net tinke dat se der in antwurd op formulearje kinne. Har slagge dat wol. Se sei dat se murken hie dat in heel soad Nederlanners (teminsten yn Grinslân) dy regel ek yn ‘e holle hienen en dat je der sosjaal foar ôfstraft waarden as je je der net oan holden. Se hie yn it ferline wol Hindoestaansk tsjin har mem praat en krige dêr soms negative opmerkingen fan oaren oer. Sûnt hie se har bewust oan de boppesteande regel holden en wie er ta in twadde natoer wurden.

No wie dit in freonlike, yntelliginte frou, dy’t har eigen taalgedrach wol op in metanivo besjen en relativearje koe. Der binne lykwols geregeld Nederlanners-fan-bûten-Fryslân dy’t deselde gedrachsregels hiem ha en dy regel as universeel jildich beskôgje. Sa stie der okkerdeis in stik yn De Telegraaf fan in man út Hollân dy’t al in skoft op ‘e Lemmer wenne en fûtere oer minsken dy’t yn syn bywêzen Frysk praten. Hy formulearre letterlik de gedrachsregel: “Ik woon in Nederland en daar behoort iedereen Nederlands te spreken”. Sa’n man sil grif ris in Fries tsjikomme dy’t de taalgedrachsregel “elkenien yn Fryslân moat Frysk prate” of “elkenien yn Fryslân moat sels witte wat er praat” folget. As dyselde ek net yn steat is syn eigen taalgedrach op in metanivo te besjen, krijst in Ajax-Feyenoordachtige botsing fan ideeën, dêr’t net ien wat fan leart. En dan ha je in taalstriid, lykas yn België.

Om sokke taalstriid foar te kommen ha de Katalanen har ûnderwiis sa opset dat elkenien fertroud makke wurdt mei ferskillende, konkurrearjende taalgedrachsregels. Konsekwinte Spaanskpraters binne der yn Spanje genôch, dêrom folgje de leararen op skoalle de regel: yn Kataloanië praatst op skoalle altyd Katalaansk. It gefolch is dat bern wend reitsje oan ferskillende wizen om mei de twa talen yn har streek om te gean en wurdt de kâns op in botsing fan ideeën folle lytser. De rest fan Spanje begrypt dêr neat fan en moat der ek net folle fan hawwe, mar de Katalaanske oerheid hâldt der grutsk oan fêst.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.