Dat dy boer dat dien hat!

HIDDE BOERSMA – 

De master fan ‘e Fryske oersetters is fansels Klaas Bruinsma. It is syn missy om de eare fan ‘e Fryske taal te rêden: as de taal dan úteinlik ferdwûn is, kinne lettere generaasjes sjen dat it Frysk in taal wie dêr’t serieus yn wurke waard.[1] Oan dizze mânske operaasje draacht Eric Hoekstra in moai stientsje by, mei it oersetten fan bygelyks wurk fan Nietzsche en de Bhagavad Gita. Boppedat toant er ús mei de ‘hertaling’ fan Midfrysk wurk yn Midfrysk Goud en de nij ferskynde ‘hertaling’ fan de achttjinde iuwske wurken Waatze Gribberts Brulloft en It libben fan Aagtje IJsbrants, dat it Frysk al hiel lang en duorsum in libbene literêre taal is.

 

Wy meie der wiis mei wêze dat der lju binne as Hoekstra en Bruinsma, dy’t de muoite nimme om dizze âlde literêre wurken te bewurkjen yn hjoeddeisk Frysk.

 

Waatze is basearre op in fan orizjine Westfaalske klucht, wêrfan’t yn 1701 de earste Fryske ferzje yn boekfoarm ferskynde. It moat populêr west ha yn dy tiid, want it waard werprinte yn 1712, 1733, 1765, 1779, 1809, 1820 en 1840! Dan meie wy dit wurk gerêst in klassiker neame, om it krekt noch wat mear útsprutsen te sizzen as Jan Tjittes Piebenga it healwei de foarige iuw die yn syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse.

Oer Aagtje kinne wy itselde sizze. It wurk fan Eelke Meinerts kaam út yn 1779, sûnder skriuwersnamme mar ‘ta tsjinst fen ’t jinwurdig geslagt’. It foel der sa yn dat ‘om dat ‘er za volle fen praat en ney freege wurde, en net ta kryen wier, op ny werdrukt’ yn 1808, en ek yn 1827 en 1861. ‘It is in knappe tekening; in typysk stikje Frysk folkslibben,’ seit Piebenga mei rjocht oer dit wurk. Mear as typysk. ‘Want de petearen binne sa libben en sa libbenswier,’ skriuwt Eric Hoekstra yn it neiwurd oer de dialogen fan Eelke Meinerts, ‘hy hat dy petearen beharke. It bart net faak dat wy meiharkje kinne mei petearen fan lju út earder iuwen.’

Sa is it mar krekt. Wy meie der wiis mei wêze dat der lju binne as Hoekstra en Bruinsma, dy’t de muoite nimme om dizze âlde literêre wurken te bewurkjen yn hjoeddeisk Frysk. Al binne der miskien lju dy’t oangeande sok wurk ferbjustere tinke: ‘Dat dy boer dat dien hat!’

Dat de Friezen in stel domme boeren binne, kinne wy wol opmeitsje út it hâlden en dragen fan de personaazjes yn Waatze Gribberts Brulloft. Mar mei dy karakterisearring wiene de literatuerkritisy troch de iuwen hinne net al te wiis.

Yn de njoggentjinde iuw spuide Joast Halbertsma der syn gal oer: ‘dat er zulke domme, grove en ongemanierde vlegels nooit op de bodem van Friesland geleefd hadden.’ De Fryske literatuer moast in respektabel byld jaan fan de Fries. Mar dit útgonspunt smyt, sa’t Hoekstra mei rjocht stelt, fansels gjin deugdlike krityk op. It wurk moat beoardiele wurde op literêre grûnen en net neffens it al of net oansluten by it ideaal fan de Fryske emansipaasjebeweging.

Yn Waatze sjogge de Hollanners út ‘e stêd amusearre op de Fryske personaazjes del en stekke de draak mei harren. Mar mei wa stekt de skriuwer eins de draak? Is it ferhaal yn it gehiel net te absurd om foar in fotografyske fertelling holden te wurden?

My tinkt dat de skriuwer de lêzer ynwriuwe woe hoe idioat de wrâld derút sjen soe as de foaroardielen dy’t wy fan inoar hawwe in blaudruk fan de werklikens wêze soe.

De skriuwer fan It libben fan Aagtje Ijsbrants lit ús just de absurdens fan it werklike libben sjen. En dat hat er echt treflik dien. De petearen binne echo’s út ‘e tiid, dy’t likernôch mar al te faak klinke oer de lippen fan de minsken fan no.

 

[1] Gjin neibauer, mar in neibóuwer, fraachpetear mei Klaas Bruinsma troch Hidde Boersma yn De Moanne, nûmer 2 / febrewaris 2011

 

 

Eric Hoekstra, Waatze Gribberts brulloft & It Libben fan Aagtje IJsbrants, Uitgeverij Elikser, 2017, 162 siden,  €16,00

Comments
3 reaksjes oan “Dat dy boer dat dien hat!”
  1. Abe schreef:

    Opmerklik: ,,It wurk moat beoardiele wurde op literêre grûnen en neffens it al of net oansluten by it ideaal fan de Fryske emansipaasjebeweging.”

  2. Hidde schreef:

    Hoi Abe,

    Skerp fan dy. It wurd net is weifallen foar it wurd neffens yn it proses fan it skaven. (Ek logysk yn it ljocht fan de riddenaasje yn de alinea). Tanke foar dyn skerpe lêzen! Ik jou it gau troch oan de redaksje.

    Hertlike groet,
    Hidde

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.