Dûnsjend hout mei te min klean

Publisearre op 26 februari 2018

RYNK BOSMA

Ek yn Mantgum mochten de boaten net farre en dat wie yn de oanrin nei de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet yn de Mariatsjerke tige spitich. Want sa moasten de besikers de moaie tekst fan it Intochtslied ‘Zomaar een dak boven wat hoofden/deur die naar stilte openstaat’ fan Huub Oosterhuis misse. De ynlaste kuier gie troch in nijbouwyk fan Mantgum en ek dat wie spitich want it âlde doarp Mantgum mei dy grutte en monumintale hûzen bleau sa bûten byld.

 

Uteinlik is in heal bline frou de wiiste yn it gefjocht tusken ‘sentiment en moderne tijd’ as sy oan de ein seit ‘hjir dûnset it libben’ en gelyk hat sy want wêr’t ferskil fan miening is, wurdt libbe. As beswier kin neamd wurde dat it ferhaal rûnom dat dûnsjend hout betiden oer te tin iis giet.

 

In kuier mei in ferhaal oer houtbewurker Hermannus Berkenbijl dy’t trije jier wurke hat oan it houtsnijwurk yn de Mariatsjerke fan Mantgum. Mei de boat fan Ljouwert brocht hy mei syn feinten de houten opdracht teplak. Dat barde tusken 1778 en 1781. It smiet net allinnich moai houtwurk op mar ek wol wat sinten want Berkenbijl ferhuze nei de opdracht nei in nij hûs.

De yn 1752 berne Berkenbijl mocht mar 35 jier wurde, mar doe’t hy by de Aldehou begroeven waard, liet hy wol in dochter nei, Geertruida dy’t begjin njoggentjinde iuw troude mei in Zelle. En wa’t Zelle seit, tinkt oan Margaretha Geertruida, ferneamd ûnder de namme Mata Hari. Sy soe in oerpakesizzer west ha. En sa kaam de ferbining dûnsjend hout ta stân.

Dat hout krige yn de tsjerke stâl troch figurative dûns dy’t syn wei fûn tusken de minsken fan de moderne tiid en de minsken dy’t de wearde fan it ferline bewarje wolle. De ‘bonte knaagkever’ bedriget it bewurke hout fan Berkenbijl en de fraach is wat te dwaan. In fier, jeugdich famyljelid fan Berkenbijl wol alles behâlde wylst oaren tinke oan in moderne 3D-printer.

Tusken dizze stammenstriid troch jout de dûmny mei treastende, bibelske teksten de tsjerketsjinst noch wat foarm. It giet oer it ‘replacement van het houtwerk’ sa’t de ferkeaper fan de 3D-printer seit. De moderne manager mei syn ‘would be’ Ingelsk wurdt sa op de hak naam. De jonge timmerman Berkenbijl fan Ljouwert, in ‘over…over… en over…’ famyljelid giet der foar lizzen. Keunst, wat is it wurdich? Sa stelt men de fraach. Dêr tuskentroch de dûmny dy’t in plakje frijhâlde wol foar de ynfloed fan God yn it moderne libben.

Uteinlik is in heal bline frou de wiiste yn it gefjocht tusken ‘sentiment en moderne tijd’ as sy oan de ein seit ‘hjir dûnset it libben’ en gelyk hat sy want wêr’t ferskil fan miening is, wurdt libbe. As beswier kin neamd wurde dat it ferhaal rûnom dat dûnsjend hout betiden oer te tin iis giet.

Oan de oare kant is it de mins dy’t yn dizze foarstelling it houtsnijwurk fan Berkenbijl ta libben bringt mei dûns. It is Mantgum dy’t it ljocht rjochtet op de wearde fan it rike ferline yn harren eigen fermidden. Dat de tekst ynhâldlik wol in oerjas brûke koe, mei gjin beswier wêze want wie Mata Hari ek net op har bêst mei in bytsje klean oan?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]