Drama foar doomband Black No. 1

ARJAN HUT – 

De Fryske doomwaveband Black No. 1 hat noch mar krekt syn earste cd It’s Night Again presintearre, of der moat alwer om in nije sjongeres omsjoen wurde! Op de Facebookside jout de band oan dat Tammy Black fanwege ‘privé-omstandigheden’ ophâlden is. De hearen dy’t achterbliuwe (sjonger/bassist Dirk Black, toetsenist Jan Black en drummer Frank Black) litte de moedfearren net hingje en sykje in nije sjongeres. Op de cd is Tammy noch te hearren. Tammy skreau ek de measte teksten. Wat opfalt, is dat sy net lykas in soad kollega’s as in âljende operasirene sjongt, mar mear in rockstim mei in bysûnder rantsje hat.

 

De muzyk ropt bylden op fan grauwe yndustrygebieten, bestjurre poalbosken en midsiuwske púnfallen.

 

De bandnamme komt fan in nûmer fan Type O Negative, dat mei it album Bloody Kisses yn 1993 trochbruts en ek wolris op Wâldrock stien hat. Blikfanger wie bassist en sjonger Peter Steele. Mei syn beamlange liif, spierde torso, swarte lange hier en fampierachtich antlit in unike ferskining. Hy ferstoar yn 2010. Fans fan Steele soene wolris skrikke kinne as sy Black No. 1 sjogge, want Dirk Black liket sa bot op him, it koene wol bruorren wêze.

Dat Steele & Co. ek in muzikaal foarbyld binne, is fuortendaliks dúdlik. Harren mjuks fan Beatles, Black Sabbath en Joy Division wurdt gelokkich net al te ien op ien oernommen. Black No.1 skaait mear de wavekant út, it lûd is desolater, it gitaarlûd fan gastmuzikant Jesper Breeuwsma is swierder en strakker. De muzyk ropt bylden op fan grauwe yndustrygebieten, bestjurre poalbosken en midsiuwske púnfallen. Dirk sjongt de melodramatyske teksten mei in sombere basstim, Tammy sjongt mei ‘ballen’. Mei har beiden soargje se foar wat ôfwikseling, al moat sein wurde dat de teksten en de melodyen gauris foarsisber binne en de nûmers dêrmei net altyd spannender meitsje.

De muzyk is fierder dik yn oarder. Ienfâldige, pakkende baspatroanen, slepende gitaarriffs en sfearfol toetsewurk soargje foar de juste sfear. Hichtepunten binne Doom (in hit op YouTube), it mei in yndrukwekkende oargelpartij oanklaaide Never let go en foaral Oxygen, dat mei in lekkere ‘hook’ en Tammy’s sterke sjongen in inketswarte earwjirm is. De slow motion coverferzje fan de Black Sabbath-evergreen Paranoid moat even wenne, mar nei in pear kear harkjen klinkt it as heart it gewoan sa.

 

 

It’s Night Again, cd fan Black No. 1, eigen behear.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.