Douwe Keizer skriuwt, ûntmaskert en oardielet

Publisearre op 6 januari 2016

PIET HEMMINGA –  

Douwe Keizer syn grutte ik-boek ‘Er viel genoeg te beleven…’ ha’k mei in soad nocht lêzen. It hat wat om ‘e hakken, it bringt nijs, it is tige lêsber en it jout praat. It is boppedat in autentyk boek, de skriuwer skriuwt lykas er praat. Wat wol men winliken noch mear? Fansels, de titel kin folle better, it boek is te lang – de stikken mei Amsterdamske ympresjes hienen der wol útkinnen- en telt boppedat hiel wat feitlike en taalkundige flaterkes. Goed besjoen hienen redakteur en útjouwer har wurk noch even oerdwaan moatten. It kin safolle better, mar dat wol net sizze dat men jin oan Keizer syn boek bekocht hoecht te fielen. Sa’n boek fan in echte Ljouwerter oer Fryske en oare tastannen is suver in unikum. Net hielendal, want it boek past yn it Fryske rychje fan bygelyks it oan de boargers fan Ljouwert opdroegen Hoezo burgemeester fan Loekie van Maaren út 2003, de trije dielen Wrakseling om frijheit fan dûmny Pieter Miedema fan sa’n 45 jier ferlyn en Doctor Jan fan Jan Siebenga út 1976. Dy boeken hawwe yn alle gefallen mien dat se stik foar stik skreaun binne troch lju sûnder spinreach foar de bek, dy’t har bûtendat net folle gelegen lizze litte oan Preker 1:2.

Keizer hat mei-elkoar in foaropwurd, njoggentjin haadstikken en 456 siden nedich om syn en oarmans wjerfarren op te skriuwen. Fan Ljouwerter jonkje, yn 1940 berne as tredde soan yn in printershúshâlding yn de Willem Loadewykstrjitte, oant en mei syn as 70-plusser weromkommen yn de Fryske haadstêd. Net allinne wat er belibbe hat, mar foaral syn oardiel oer de minsken dy’t er yn syn 23 jier by de Keamer fan Keaphannel (KfK) en nochris acht jier by de Friesland Bank (FB) kennen leard hat, kriget de romte. Lju as Karel Abbing, George Kooijman, Pier Prins, Harm van Riel, Jan de Roos en Ami de Vree komme der net goed foarwei. Jaap Rinzema docht Keizer tinken oan in fûgelferskrikker. Mar oer oaren, sa as Richard Bosman, Lense Koopmans, Jan de Pous, Johan Reehoorn, Ate Wieberdink en Hans Wiegel is Keizer hiel wat positiver. Om’t de skriuwer yn syn boek safolle minsken neamt is it werklik in fersom dat gjin persoansregister opnommen is.

Twa mannen dy’t yn it bysûnder op de souwe komme binne de beide lju dy’t beskiedend west hawwe foar de karrière fan Keizer, te witten Boele Olthof, siktaris fan de KfK en Jan Kuperus, haaddirekteur fan de FB. Keizer syn oardiel oer dy twa mannen is grif net ljochtfeardich ta stân kommen. Hy wie ommers tweintich jier meiwurker ûnder Olthof en dêrnei ek nochris twa jier ûnder en njonken Kuperus.

Keizer fynt de arbeiderssoan Olthof in aardige en sjarmante netwurker, mar ek immen dy’t net skriuwe kin of segene is mei reednerstalinten. En as er al út syn wurden komt hat er in swier Grinslanner aksint. Boppedat hat er, hiel wat slimmer, gjin gefoel foar de deistige praktyk fan it bedriuwslibben of kompasje mei lytse selsstannigen. Ja, wat bliuwt der nei sa’n oardiel noch fan in siktaris fan de KfK oer? Syn frou meskyn, mar dat is de dochter fan in Grinslanner heareboer, dy’t, sa makket Keizer dúdlik, har heechhertigens op har man oerbringt en thús de leie yn hannen hat.

Jan Kuperus, tritich jier de grutte man fan de FB, hie, sa skriuwt Keizer, in karakter dat himelsbreed mei dat fan him ferskilt. Dyselde Kuperus skriuwt in beliedsstik foar syn opfolger en dy oardielet dat Kuperus syn besef fan de realiteit kwyt is. Doe pas? Sels tink ik dat twa jier ûnder en njonken jins foargonger fierstentelang is om dan noch goed mei-elkoar te kinnen. Hawar, it is suver geastich om te lêzen dat de FB in appartemint yn Spanje keapet, mei’t Kuperus yn iensumens -en yn de sinne, sa nim ik oan- it blykber drege kerwei fan it skriuwen fan de ynlieding foar it jierferslach dêr opknappe kin. By de FB wist, wol hiel frjemd, nimmen wêr dat appartemint wie. Dyselde FB wie ek sa goed en betelje de sulveren brulloft fan de Kuperussen. En joech, sa lit Keizer witte, mar leafst sa’n tweintich miljoen gûne (hjoeddedei 15,5 miljoen euro) foar it fieren fan it 75-jierrich bestean út.

Hoewol’t it ûnthâld in gatsjepanne is en tsjûgen ûnbetrouber binne, heucht my dat barren noch skoan. It wie in reuseftich feest yn de Ljouwerter Griene Stjer en der is in moai tinkboek fan de FB fan oerbleaun. Mar it neamde bedrach, dat Keizer fan hearren sizzen hat, is fansels ryklik heech, wylst, suver noch slimmer, it bestjoer en de leden fan de FB, net op ‘e hichte wienen. Notabene in koöperaasje dêr’t men heech by opseach. Yn alle gefallen wurdt de persoan fan Kuperus – en ek de skriuwer- yn in krekt wat oar deiljocht set as dêr’t syn neiteam him mooglik yn sjocht. Ik parafrasear dêrmei it sizzen fan Jerôme Heldring yn syn foarôf by de útjefte, yn 1970, fan de oantinkens en deiboeken fan syn heit Ernst Heldring. Dy útjefte is in kreas foarbyld fan in boek dat fertelt wat mooglik ferhoalen bliuwe moast. Mar, sa skriuwt Heldring, de posysje dy’t syn heit by’t libben ynnaam bringt ek foar syn bern beskate ferplichtings -ta iepenbier meitsjen- mei.

Sadwaande witte wy no dat Heldring mannich reputaasje ûntmaskert. Keizer en Kuperus belykje net earlik Ernst Heldring, al is it mar dat dy himsels nei seis jier presidintskip fan de Nederlandsche Handel-Maatschappij, ien fan de twa foarrinners fan de Algemene Bank Nederland, noch altiten gjin bankier doart te neamen. Mar dat nimt net wei dat ek Keizer yn syn kaaisgat-boek in tal nammen ûntmaskert. Want dat bart, ek as men bygelyks noch even neigiet wat Keizer yn 1991 by it -ek al gâns kostjende- ôfskie fan Kuperus seit. Doe priizge er, sa lês ik yn de LC, de orizjinele fisy fan Kuperus op it bankbedriuw en syn krityske opstelling foar moadieuze ūntwikkelings oer. ‘Een solist, een perfectionist, een man met tomeloze energie voor wie 100 procent inzet een bodemtarief was […] een ondernemer van het soort waar Friesland helaas te weinig van heeft gekend. Een pugilist met stijl.’

Fansels, it is allegear krekt wat minder skokkend as men betinkt dat de measte ûndernimmers net froed binne, lykas Ariëtte Dekker yn har resinte treflike stúdzje oer Anton Kröller skriuwt. Keizer neamt yn it selde ferbân dat it oansjen fan bankiers raar achterút buorke is. Se wurde foaral as ynklauwers sjoen. Spitigernôch hâldt de skriuwer him stil as it om de roppigens binnen de FB giet. Ik wit dat it bestjoer fan dy earst noch koöperative feriening it wurk noch fergees die, mar hoe sit dat as de FB yn 1995 in fennoatskip wurdt? En wat kriget Keizer mei om, noch mar krekt 57 jier wurden en mar leafst acht hiele tsjinstjierren by de FB, tenei sûnder jildpine syn hobbies útoefenje te kinnen? Syn opfolger Offringa is sels noch trije jier jonger as er de FB achter him lit. En wat krije de dêrnei kommende en geande lju mei? Soarge de FB noch in bytsje kreas foar yn-, út- en oerfleanende bestjoerders as Beuving, Branbergen, Cramer, Kemperink, Klaasman, Krijnsen, Lekkerkerker of Van Wakeren? Hawar, yn 2012 is it út mei de pret. Sic transit gloria mundi.

Keizer nimt yn it earste haadstik fan syn boek in fjouwertal Fryske kommissarissen fan de keninginne de maat. Hedzer Rijpstra en syn foargonger Harry Linthorst Homan wurde beide te licht fûn. Oer de earste merkt Keizer û.m. op: ‘hij heeft voor Friesland weinig betekend’. Dat wol ik wol leauwe, allinne it sil noch net tafalle om adekwaat sicht te krijen op de betsjutting fan in kommissaris fan de kening(inne). En noch wat oars, hawwe de mannen dy’t nei Rijpstra kamen werklik safolle mear betsjutten? Wat binne feitlik de wurken fan har hannen? Wat kin men winliken noch ferwachtsje yn in tiid fan rûnom deselde profylsketsen en bestjoerskolleezjes dy’t gjin ferlet hawwe fan immen dy’t boppe har útstekt? En is Fryslân, sa’t alle dagen wer bliken docht, net te lyts om werklik grutte dieden en wurken te ferwachtsjen?

Sicht krije op de betsjutting fan in siktaris fan in KfK falt trouwens ek noch net ta, of it moat al wêze dat Keizer it oer it eigen sukses hat, om’t er de posysje fan de KfK al binnen trije jier sa fersterke hat. Dat wol my wol oan, mar it bewiis bin ik net tsjinkommen, of binne it al dy middeismielen en fartochtsjes mei hannelsattasjee’s en East-Europeeske ambassadeurs? Hokker nut hie en hat sa’n Keamer njonken it ûnderhâlden fan it hannelsregister? Ik ha wolris in middenstanner oer dy organisaasje heard dy’t in krekt wat oar ferhaal ôfstuts as Keizer yn syn boek.

Keizer kwalifisearret Linthorst Homan as net al te yntelligint en boppedat min te ferstean. Dat lêste kloppet. De eardere preses fan it Leidsk studintekorps hie in flinke jirpel yn de kiel. De bêste man soe yn 1945 syn beneaming mei te tankjen hawwe, sa tinkt Keizer, dy’t dêrta weromgrypt op in stúdzje fan Arie van der Zwan, om’t er as man fan it Militêr Gesach in rapportsje skreau oer Jan Goudriaan, de president-direkteur fan de NS. Dêrmei docht Keizer Van der Zwan net earlik rjocht en sels wol ik ek net leauwe dat it sa gien is. Dat Goudriaan nei de oarloch net as presidint-direkteur weromkomme mei, leit net sasear oan in brief fan Linthorst Homan en likemin oan it krewearjen fan generaal Kruls c.s., mar hat foaral it resultaat fan de grutte wjeraksel west dy’t de fierdere NS-top fan it alderearste begjin ôf tsjin Goudriaan hat, dy’t yn 1937 as bûtensteander troch Den Haach yn Utert parasjuteard wurdt. Ik tink dat it fan hiel wat grutter belang west hat dat Linthorst Homan nammers al troch syn berte yn it goede fermidden sit en dat Wilhelmina en net te ferjitten Louis Beel, de minister fan Binnenlânske Saken, him en syn fersetsblazoen yn 1945 goed kenne.

Lokkich jilde de kwalifikaasjes dy’t Linthorst Homan en Rijpstra en al dy oaren oan de broek krije net foar Keizer sels. Ik neam hjirfoar al de fear dy’t er himsels, lang om let sels KfK-siktaris, yn it gat stekt as it om it fersterkjen fan de posysje fan de KfK giet. It ferbetterjen fan Keizer syn eigen posysje komt, al foardat de FB yn it sicht komt, oan de oarder as twa VVD’ers him kommissaris fan de keninginne yn Fryslân meitsje wolle. En noch earder wurdt him it boargemasterskip fan Delfsyl tatocht. Fan grutter belang is dat Keizer dúdlik makket dat it sûnder him noch jierren duorre hie ear’t de A32 ferdûbele wie.

As nije FB-topman set Keizer twa wichtige stappen foar de takomst fan dy bank. De earste is it omsetten fan de FB fan koöperative feriening yn in namleaze fennoatskip, en de twadde is it dielnimmen yn Van Lanschot. Mei de earste stap wit Keizer foar himsels de bewûndering fan de ynhierde advokaat en foar de FB miljoenen te fertsjinjen. En de twadde betsjut ek al in geweldige opstekker. De winsten fleane omheech. Soks sjocht elk graach, mar dat dyselde dielname yn it Brabânske bankbedriuw noch raar útpakke soe, bin ik net yn it boek tsjinkommen. Wol dat wat Bert Heemskerk, baas fan dyselde Van Lanschot en letter fan de Rabobank, net slagget, foar Keizer mei syn kennis fan en respekt foar skiednis in makje is. En it hâldt net op, de FB giet de Fryske grins oer en sjoch: ‘Mijn voorspelling kwam uit. Het kantoor werd een succes’.

Ear’t Keizer syn grutste hichten berikt, is it trouwens ek al raak. As syn mem him faker as ien kear sein hat dat de bewaarskoalle der wakker op liket, lit pjut Keizer him úteinlik oertsjûgje om dêr hinne te gean! Is soks mooglik in foarbyld fan dy oare Douwe syn sizzen dat it ûnthâld as in ‘dampend regenwoud’ is? As er letter nei de RHBS op it Saailân giet, hat er gjin eangst foar it eksamen. ‘Dat heb ik ook later nooit gehad.’ Dy skoandere eigenskip komt ek nei foaren as er al foar de beoardieling wit dat syn kandidaatsskripsje in treflik wurkstik is. Letter sil in heechlearaar him oantrúnje om dyselde kandidaatsskripsje foar in proefskrift te brûken. Dy skripsje wie sa goed dat ‘de basis voor een promotie al grotendeels gelegd was.’ Keizer syn proefskrift út 1985, dat trouwens net op syn kandidaatsskripsje weromgiet, wurdt ‘in de vakbladen (en ook daarbuiten) lovend besproken’. En de besprekken fan syn trettjin jier letter yn eigen behear útjûne King Cotton onder zeil, neffens eigen sizzen lyk oan in proefskrift, binne, it is net ûnferwachts, ‘zeer lovend’. Och, wa is net blier mei de blieren? Allinne, Keizer syn boek hie noch krekt wat oan kredyt wûn, as er syn pinne, foaral as it om de eigen kwaliteiten giet, wat faker yn it potsje mei irony en relativearring stippe hie. No bliuwt syn sizzen -yn it foaropwurd- dat it om ferhalen fol irony giet justjes te iroanysk.

Gerrit-Jan Kloosterman wie sa’n fjitich jier ferlyn heechlearaar ferloskunde en gynekology oan de UVA. Fan him is bekend dat er syn studinten by it ôfstudearjen foar idelens, jild en hormoanen warskôge. Keizer hat as sosjaal-geograaf dy fermoanning mooglik net meikrigen. Sadwaande hat er frijút in boek skreaun dat alle omtinken jout oan benammen de earste twa saken. De hormoanen bliuwe, foar safier’t se ymplisyt gjin rol spylje, ûnderbeljochte en dat wurdt oan de ein fan it boek ek net earlik goedmakke mei Keizer syn omtinken foar in noardlik dûnsferbod, balskoppers Leo Beenhakker en Frans de Munck of de mei mear as ien kwaliteit segene konrektriks fan in Ljouwerter middelbere skoalle. Douwe Keizer hat grif noch folle mear te skriuwen, ûntmaskerjen en oardielen. Ik sjoch syn diel II mei niget yn ‘e mjitte.

 

‘Er viel genoeg te beleven…’, Douwe Keizer. Friese Pers Boekerij, 2015. 460 siden, €22,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels