Sjoerd de Vries (1941 – 2020)

Sjoerd de Vries (1941 – 2020)

Op tiisdei 7 jannewaris 2020 ferstoar keunstner Sjoerd de Vries. Yn dit dossier alle stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer it libben en wurk fan Sjoerd de Vries.

Verzamelaars van Sjoerd de Vries

Op tiisdei 7 jannewaris 2020 ferstoar keunstner Sjoerd de Vries. Yn dit dossier alle stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer it libben en wurk fan Sjoerd de Vries.

Op deselde manier oars

Tekenjen hat der west fan it momint ôf dat ik myn eagen iependie. Ik wit noch dat ik, doe’t ik in jonkje wie dat noch krûpte, (…) sa’n pinebúk hie dat ik nei it sikehûs moast. De dokters ûntdutsen dat ik in stik rêstiger wie as ik krasse koe.

Sulveren kroan

Ik sjoch him gauris rinnen, de man mei de lange heareftige jas oan, de hannen djip yn ’e broeksbûsen, de swarte hoed op. Op ’e haadstrjitte, yn ’e bûtenwiken, yn de buerten om it stasjon hinne, oeral komst him tsjin. Winterdeis hat er de hoed op. By ’t simmer hat er de hoed op. As de sinne skynt likegoed as wannear’t it reint. Dy ivige hoed: it is syn image. Ik ken de man net, mar de minsken fertelle my, dat er in ferneamd keunstner is. Syn skilderijen ken ik al, ik ha in kear in tentoanstelling fan syn wurk sjoen. Der wie in selsportret, ton-sur-ton, útfierd yn it wyt: in man mei in hoed op. Ut it karton wei gluorket er, skerp as de flime dy’t him snien hat, de wrâld yn.

Schrijversportretten Sjoerd de Vries

In Tresoar zijn tot en met 30 augustus tientallen kunstenaarsportretten te zien. Verdeeld over twee zalen worden er werken getoond uit het eigen depot – alle winnaars van de literaire Gysbert Japicxpriis - en uit de verzameling van Galerie De Roos van Tudor. Onbetwist hoogtepunt zijn de schrijversportretten van kunstenaar Sjoerd de Vries.

Sjoerd de Vries, in rekonstruksje

Museummeiwurker en publisist Susan van den Berg docht op dit stuit ûndersyk nei it libben en wurk fan keunstskilder Sjoerd de Vries. It doel is om yn 2016, it jier wêryn’t de yn Aldehaske berne keunstner 75 jier wurde sil, in grutte oersjochtentoanstelling fan syn wurk te meitsjen yn Museum Belvédère.

‘Ik besykje de gerdinen op ’e nij te iepenjen’

Byldzjend keunstner Sjoerd de Vries hat oant en mei 11 maaie in tentoanstelling yn it Haags Gemeentemuseum. Yn de (twatalige) katalogus set keunstkritikus Rudy Hodel him del as in persoan dy’t op ’e siik is nei de wierheid yn himsels en dêrby oant grutte djipte daald is. Al syn portretten binne yntinse lânskippen fan de siel, dêr’t tearens en agresje in ynlik ferbûn yn sluten hawwe. “De oarsprong fan Sjoerd de Vries is ek de oarsprong fan syn wurk.” In petear mei de keunstner, dy’t no lanlik trochbrekke kin: “Ik moat mei it wetter foar de dokter en ha in soad lêst fan plankekoarts.”

De landschappen van Sjoerd de Vries

In januari 2006 begint Sjoerd de Vries aan een nieuwe serie werken, waarin hij het landschap anders benadert dan tot voor kort: Waar de lucht eerst op het tweede plan kwam, na het landschap, kiest hij er nu voor om eerst de lucht te ontwerpen en het landschap ‘erin mee te nemen’. Op zijn ezel staat een groot aantal vellen Bristol-karton met daarop luchten; een heel ‘systeem van luchten’, met steeds hetzelfde raster als basis, elk volgende ontwerp net even iets anders dan het vorige, iets meer ingevuld. Wat overheerst zijn de grijstinten, die een patroon vormen. Net als Mondriaan, een van zijn artistieke leermeesters, werkt hij van het ontwerp naar de expressie.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.